William Franklin (Billy) Graham jr. (Charlotte, 7 novimber 1918Montreat, 21 febrewaris 2018) wie in Amerikaansk predikant, evangelist, teolooch en auteur. Hy evangelisearre yn alle lannen dêr't er talitten waard (op syn crusades) en wie adviseur fan ferskate Amerikaanske presidinten.

Billy Graham
Billy Graham, 1966
Billy Graham, 1966
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Franklin Graham, jr.
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 7 novimber 1918
berteplak Charlotte
stoarn 21 febrewaris 2018 (99 jier)
stjerplak Montreat, Noard-Karolina
wurkpaad
berop/amt Predikant
aktyf as Evangelist, skriuwer
bekendste
  wurk(en)
How to Be Born Again, Angels
offisjele webside
billygraham.org
Billy Graham yn it Feyenoordstadion yn Rotterdam (fideo, 30 juny 1955)
Graham mei presidint Ronald Reagan en First Lady Nancy Reagan
 
Graham op de foarside fan de Poalske krante Słowo Prawdy, 1966

Graham kaam út in presbyteriaansk fermidden. Yn 1934 reägearre er op in bekearingsoprop op in gearkomst dy't laat waard troch Mordecai Ham. Letter sei er dêroer: Hoewol't ik kristlik opbrocht bin en aktyf yn de tsjerke west hie, bin ik fan betinken dat ik op dat stuit myn libben wier oan Jezus Kristus joech. Wer frege ik my ôf oft ik hypokryt wie omdat ik net gûle moast of sa. Ik fielde my gewoan rêstich.[1]

Nei't Graham yn maaie 1936 syn middelbere skoallediploma helle hie, gie er nei it Bob Jones College (no Bob Jones University).[2] Hy fûn dy skoalle te fundamintalistysk en stapte oer nei it Bible Institute (no it Trinity College of Florida). Dêr gie er by de Southern Baptist Convention (Konvinsje fan Sudlike Baptisten). Yn 1939 waard Graham predikant oan dy tsjerke. Letter studearre er oan it Wheaton College yn Illinois. Yn 1943 studearre er ôf mei in bachelor yn de antropology.[3] Yn dy tiid besleat er om de Bibel as it ûnfeilbere wurd fan God te beskôgjen. Hy troude op 13 augustus 1943 mei Ruth Bell, dochter fan misjonarissen yn Sina. It pear krige trije dochters en twa soannen (û.o. Franklin Graham) en 19 bernsbern.

Yn de jierren 1943 en '44 stie er in skoftke as predikant fan in gemeente yn Western Springs, Illinois. Hy fernaam fan in befreone predikant dat it radioprogramma Songs in the Night fanwegen jildkrapte opfeft wurde soe. Doe makke er dat programma sels en waard dêrtroch mear bekend. Yn 1945 waard er ferge as rektor fan it Northernwestern College yn St. Paul (Minnesota). Dy funtsje hold er oant 1947.

Nei Wheaton College rekke er belutsen by Youth for Christ. Foar dy organisaasje reizge er as evangelist troch de Feriene Steaten en Jeropa. Lanlik waard die bekend troch in evangelisaasje-kampanje yn Los Angeles yn 1949. It wie de bedoeling dat dy kampanje trije wiken duorje soe, mar it waarden der acht. Ien fan de wichtichste redenen dêrfoar wie dat mediatycoon William Randolph Hearst syn kranten de opdracht joech in protte omtinken oan de kampanje te jaan.[2] Yn de jierren dêrnei organisearre Graham kampanjes yn de hiele wrâld. Yn Londen en New York (op Madison Square Garden) moasten dy ek ferlingd wurde nei efterelkoar tolve en sechtjin wiken om reden fan de enoarme ynteresse.

Yn de Feriene Steaten rjochte Graham de Billy Graham Evangelistic Association op, dy't ûnder mear radio-útstjoeringen, tydskriften, films, kollumns yn kranten en telefyzjespecials fersoarget. Yn 1956 begûn Graham mei it útjaan fan Christianity Today, hjoed de dei noch ien fan de blêden mei de measte ynfloed yn de evangelyske beweging. Dat die er om tsjinwicht te jaan oan it liberale tydskrift The Christian Century.

Yn 1959 organisearre Graham de earste fan tal fan 'krústochten' yn Australië. Dy 'crusade hie fan gefolch dat it evangelyske kristendom yn Australië waakste. Ferskate tsjerken en Bibelgroepen waarden doe foarme en besteane goed 50 jier letter noch altyd.

Under de Kâlde Oarloch hold Graham ferskate gearkomsten yn East-Jeropa en yn de Sovjet-Uny.[4] Hy prate ek mei Kim Il-sung yn Noard-Korea, dy't er in karismatysk lieder fûn. Under it apartheidsbewâld yn Súd-Afrika wegere er in skoft om dat lân besite te bringen, mar doe't de Súd-Afrikaanske oerheid yn 1973 tastie dat de gearkomsten mingd wêze mochten, hold Graham dêr syn earste evangelisaasjekampanje, dêr't er de apartheid yn ôfwiisde. Yn de jierren 60 stie Graham mear as ien kear boarch foar Martin Luther King doe't dy yn de finzenis siet.

Graham spriek yn mear as 185 lannen oer it leauwen. Ek berikte er mei telefyzje, films, fideo's en podcasts hûnderten miljoenen minsken.

Graham wie lid fan de Demokratyske Partij[5], mar koe goed oerwei mei presidinten fan tagelyk Demokraten as de Republikeinen. Grahams earste politike optreden wie it moetsjen fan presidint Harry S. Truman. By dy gelegenheid rôp er Truman om op te treden tsjin it optsjennend kommunisme út Noard-Korea. Graham hie gjin aan fan it protokol en fertelde alles wat der bepraat wie oan de sjoernalisten dy't bûten op him wachten. Truman wie dûm en woe in tal jierren net mear mei Graham yn petear.[2] Graham wârskôge letter mei dat foarfal om nea samar te ferheljen fan wat mei wrâldlieders besprutsen is.

Graham wie freon mei de presidinten Dwight D. Eisenhower en Richard Nixon. Hy frege Eisenhower geregeldwei om it federale leger yn te setten om de njoggen fan Little Rock te beskermjen.[2] Eisenhower woe him sels op syn stjerbêd sjen. Nixon besocht de kampanjes fan Graham en Graham stipe Nixon yn syn striid tsjin John F. Kennedy by de presidintsferkiezingen yn 1960. Troch it Watergateskandaal kaam der lykwols in brek tusken de mannen, fanwegen it grouwelich taalgebrûk fan Nixon op de tapes en nei't Graham him yn 't iepenbier te plak sette. Graham joech ek pastorale stipe oan presidinten Lyndon B. Johnson, Gerald Ford, Jimmy Carter, Ronald Reagan, Bill Clinton en de famylje Bush. Hy wie bygelyks yn it Wite Hûs yn de nacht dat presidint George H.W. Bush oankundige dat de Golfoarloch begûn wie. De iennige presidint nei de Twadde Wrâldoarloch oant it presidintskip fan Bush jr. (2001-2009) ta oan wa't Graham gjin pastorale stipe jûn hat is John F. Kennedy. Dat kaam troch dy syn Roomsk-katolike eftergrûn, mar tegearre golf spylje diene se wol. Hy hie ek it wurd by de begraffenissen fan presidint Lyndon Johnson yn 1973 en Richard Nixon yn 1994. De begraffenis fan Ronald Reagan koe Graham net by wêze, omdat er yn it sikehûs lei fanwegen in heupoperaasjee. Yn april 2010 moete Graham ek presidint Barack Obama, dy't him thús yn Asheville opsocht.[6]

Graham hat him nea hielendal ferbine wollen oan Religieusk Rjochts, mei as wichtichst argumint dat Jezus ek gjin lid fan in politike partij wie.[2] Dêrom woe er ek gjin politike kandidaten stypje, hoewol't die dat in guon gefallen lang om let wol die. Yn 1979 wegere er om him by Jerry Falwells Moral Majority oan te sluten. Hy sei: “Evangelisten meie net te folle mei in beskate partij of persoan idintifisearre wurde. Wy moatte yn it midden stean en it evangeelje oan alle minsken preekje, rjochts en links. Ik haw yn it ferline net trou west oan myn eigen advys, mar sil dat wol yn de takomst wêze.”[4]

Nettsjinsteande dy wurden liet Graham fia syn soan Franklin by de presidintsferkiezingen fan 2012 witte litte dat er foar de Republikein Mitt Romney wie.

Graham hat fan begjin ôf oan foarstanner fan sinding west. By hast alle evangelisaasjekampanjes bestege er op syn minst ien jûn oan it belang fan de sinding. Op inisjatyf fan Graham kamen yn 1974 150 kristlike lieders út de heule wrâld by elkoar yn it Switserske Lausanne. Dêr stelden se it saneamde Lausanne Kovenant op, in kristlik manifest dat wrâldwiid in grutte ynfloed op de kristlike sinding hân hat.

Ek sette Graham út ein mei de organisaasje fan ynternasjonale kongressen dy't de klam leine op it belang fan sinding. It earste grutte kongres wie it World Evangelical Congress yn Berlyn yn 1966. Twa oare grutte kongressen, dêr't efterelkoar 5.200 en 8.000 minsken by oanwêzich wiene, foar it grutste part lokale evangelisten út ontwikkelingslanden, wiene yn de RAI yn Amsterdam.

Lêste jierren

bewurkje seksje

Billy Graham hie sûnt 1992 te lijen fan de Sykte fan Parkinson. Teffens hie er lêst fan focht yn it brein, krige in longûntstekking en brutsen heupen. Ek hie er prostaatkanker. Yn maart 2006 hold er syn lêste kampanje op Flushing Meadows yn New York. Yn july 2006 spriek er noch ûnfoarsjoen by in evangelisaasjekampanje yn Baltimore.

De Billy Graham Library dy't 27 miljoen dollar koste hie, waard op 31 maaie 2007 ynwijd. Njonken Graham, wiene de eardere presidinten Jimmy Carter, George H.W. Bush en Bill Clinton dêrby oanwêzich.

Ruth Graham stoar yn de âldens fan 87 jier. Sy waard beïerdige njonken de Billy Graham Library yn harren wenplak Charlotte.

Fan Graham ferskynde yn 2012 it boek Nearing home dat oer hoe om te gean mei it tichterby kommend libbensein giet. Hy stoar yn 2018 yn de âldens fan 99 jier yn syn went yn Montreat yn de steat Noard-Karolina.[7]

Billy Graham yn Nederlân

bewurkje seksje

Billy Graham hat Nederlân mear as ien kear besite brocht. De earste kear wie yn 1945. In Youth for Christ-tiim reizge troch ferkate Jeropeeske lannen. Yn Nederlân moete Graham ferskate tsjerklike foaroanmannen. Op 22 juny 1954 wie der yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam in gearkomst fan goed 40.000 minsken.
Dy gearkomst waard organisearre troch in komitee laat fan dûmny Jan Buskes. Yn 1955 hold Graham in kampanje yn De Kuip yn Rotterdam. Letter besocht Graham Nederlân noch ferskate kearen ûnder sindingskongressen dy't op syn inisjatyf organisearre waarden. De lêste kear dat er Nederlân besocht wie yn 2000.[8]

Graham syn stânpunten kamen him út ferskillende hoeken op krityk te stean. Fundamintalistyske protestanten ferwieten him te nauwe bannen mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en syn freonskip mei paus Johannes Paulus II.

Graham waard ek ferwiten dat er net sa tolerant foar oare religys oer wie. Yn 2002 waarde temûk opname petearen mei presidint Richard Nixon yn it Oval Office iepenbier. Yn dy petearen die Graham in tal antisemityske útspraken.[9] Hy hie it ûnder oare oer de 'synagoge fan Satan'. Dat praat foel op omdat bekend is dat Graham syn libben lang Israel stipe en wegere mei te dwaan oan oproppen om de Joaden te bekearen. Doe't dy gesprekken útkamen, ferûntskuldige Graham him dêrfoar en frege om it him te ferjaan. Hy woe hawwe dat er wierskynlik presidint Nixon nei de mûle prate wollen hie.[10]

In kar út syn yn it Nederlânsk oerset wurk:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Billy Graham (1997). Billy Graham: zijn autobiografie: Just as I am. Hoenderloo, Novapres, s.44
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 God's Billy Pulpit, TIME, 15 novimber 1995
  3. Billy Graham Center. Archives, Wheaton College, 11 novimber 2004
  4. 4,0 4,1 Billy Graham: "A Spiritual Gift to All", TIME, 31 maaie 2007
  5. (in) 'I hope they'll say that he was faithful', Today.com, 23 juny 2005
  6. Obama bezoekt evangelist Graham, Trouw, 26 april 2010
  7. Famed evangelist Billy Graham dies at 99, CNN.com, 21 febrewaris 2018.
  8. Billy Graham raakte in Nederland een snaar, Nederlands Dagblad, 29 maaie 2004
  9. Graham Regrets Jewish Slur, BBC News, 2 maart 2002
  10. Pilgrim's Progress (s. 5), Newsweek, 14 aug 2006