Boezemwetterskip Leppedyk
wetterskip
It boezemwetterskip Leppedyk yn Idaarderadiel en Utingeradiel hie in oerflakte fan 1300 hektare. It waard oprjochte yn 1913 om de wetterstân te regeljen en om twa wegen oan te lizzen:
- fan Akkrum lâns de Boarn nei de wei Grou-Jirnsum, foar in part oer de Leppedyk
- fan de Leppedyk oer Burstum nei Grou. Dy wei waard letter oernommen troch de gemeentes.
It Prinses Margrietkanaal splyt it wetterskip yn twaen, elk mei in eigen elektrysk gemaal sadat it stoomgemaal by Grou bûten wurking steld wurde koe.
It wetterskip gie yn 1980 op yn wetterskip De Middelsékrite dat yn 2004 opgie yn it Wetterskip Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|