Bogoroditse-Uspenski-kleaster (Svijazjsk)
It Bogoroditse-Uspenski-kleaster of it Kleaster fan 'e Untsliepenis fan 'e Mem Gods (Russysk: Свияжский Богородице-Успенский мужской монастырь) yn it russyske doarp Svijazjsk yn 'e dielrepublyk Tatarstan is in aktyf kleaster fan it bisdom Kazan fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. It kleaster stie oan 'e widze fan 'e otterdoksy yn Tatarstan en de Wolga-regio. Sûnt 2017 is it kleaster UNESCO-wrâlderfgoed .
Bogoroditse-Uspenski-kleaster Свияжский Успенский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
republyk | Tatarstan | |
plak | Svijazjsk | |
adres | Uspenskaja Ulitsa, 1 | |
koördinaten | 55° 46' N 48° 39' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1555 | |
opheffing | Nei de revolúsje | |
weriepening | 1997 | |
Ynformaasje bou | ||
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
monumintnûmer | 1525 | |
Webside | ||
Side kleaster | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt kleaster waard yn 1555 tagelyk mei de oprjochting fan it bisdom Kazan stifte. Oprjochter wie de lettere de aartsbiskop fan Kazan (1564-1566) en troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre argimandryt German fan Kazan. Sûnt 1592 wiene syn reliken foar it kleaster fan tige grutte wearde. It kleaster, dat fan 'e 16e oant de 18e iuw it rykste kleaster wie fan 'e Midden-Wolga-regio en ta de twintich rykste fan it Russyske Ryk rekkene waard, wie yn dy tiid it belangrykste spirituele, edukative en misjonêre otterdokse sintrum fan it bisdom Kazan en de regio Midden-Wolga. Earder as ien fan 'e earste boekprinters yn Ruslân, Ivan Fedorov yn Moskou, hie it kleaster ûnder de stifter en argimandryt German al in drukparse foar it printsjen fan 'e Hillige Skrift en liturgyske boeken.
Foar de sekularisaasje en konfiskaasje fan tsjerklik besit yn 1764 troch Katarina de Grutte besiet it kleaster 7.200 boeren, dat wol sizze likefolle as alle oare kleasters fan it bisdom byinoar. Sûnt de herfoarmings fan 1764 hie it kleaster fan Svijazjk de heechste status, dy't in kleaster yn it Russyske Ryk hawwe koe. Oant 1809 wie it kleaster it iennige mei sa'n hege status yn it bisdom. Yn dat jier krige ek it Bogoroditski-kleaster fan Kazan sa'n hege status.
De sekularisaasje fan 'e kleasterlannen yn 1764 en de ferearming fan Svijazjsk makke in ein oan 'e rykdom fan it kleaster. It tal muontsen, dat earder mear as 100 bruorren telde, sakke en telde oan it begjin fan 'e 20e iuw noch mar 20 oant 25 muontsen en novisen.
Op 9 augustus 1918 waard de lêste abt fan it kleaster, biskop Amvrosi, troch de bolsjewiken sûnder proses deasketten doe't se kamen om de nôtfoarrieden op te easkjen. It kleaster waard sletten en plondere en nei't de skryn fan de stifter fan it kleaster iepene waard, ferdwûnen de reliken. Yn 2000 waard in fragmint fan de reliken fan Sint-German ûnder it alter fan de nea sletten Tsjerke fan de prinsen Teodorus, David en Konstantyn yn Kazan weromfûn. Op it terrein fan it eardere kleaster waard in psychiatrysk sintrum iepene, dat pas yn 1994 ferhûze.
Yn 1997 waard it kompleks wer op 'e nij as kleaster iepene en de yn Kazan oantroffen reliken fan 'e stifter fan it kleaster binne dêrnei werom brocht.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeIt kleasterkompleks is fan unike histoaryske en arsjitektoanyske wearde, dy't syn gelikense net hat yn it Midden-Wolga-gebiet. De âldste tsjerken binne de Untsliepeniskatedraal (1561) en de oan Sint-Nikolaas wijde reftertsjerke (1556) mei in klokketoer fan 43 meter heech. It binne hichtepunten fan Russyske arsjitektuer út de 16e iuw. De Untsliepeniskatedraal hat fresko's út de boutiid, dy't fan grutte keunsthistoaryske wearde binne. It is in monumint yn 'e styl fan 'e Pskov-Novgorodtsjerken. De Untsliepeniskatedraal krige yn 'e 18e iuw in nije koepel yn 'e Oekraynske barokstyl en 12 barokke kokosjniks op 'e dakrâne, mar fierder bleau it 16e-iuwske oansjen fan 'e katedraal bewarre.
De fresko's yn 'e katedraal beslaan in oerflak fan 1080 m². It is ien fan 'e twa tsjerken yn Ruslân dêr't de folsleine syklus fan muorreskilderings út it tiidrek fan Ivan de Ferskriklike bewarre bleaun is. De oare tsjerke is de katedraal fan it Transfiguraasjekleaster yn Jaroslavl. Yn Ruslân binne in soad âldere of krekt jongere fresko's bewarre bleaun, mar der gappet in grut gat yn 'e 16e iuw en de fresko's út dy tiid fan Svijazjk binne in tige bysûndere útsûndering. De meast bekende fresko's binne dy fan it heitelân yn ' e koepel, de ûntsliepenis fan 'e Mem Gods by it alter, de krusiging fan Kristus, de prosesje yn it paradys en it fresko fan Sint-Kristoffel, it iennige fresko yn 'e wrâld, dêr't de hillige neffens in apokrive tekst wurdt ôfbylde mei in hynsteholle.
Oare gebouwen fan it kleaster, lykas de sellen foar de bruorren, datearje út de 17e oant de 18e iuw. Trije oare tsjerken fan it kleaster binne yn 'e Sovjet-tiid ferneatige.
De lingte fan 'e muorre om it kleaster is hast in kilometer lang. De muorren datearje út de 18e oant 19e iuw.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Свияжский Успенский монастырь
|