Broeretsjerke (Swol)

De Broeretsjerke (Nederlânsk: Broerenkerk) is in tsjerkegebou yn de Oeriselske haadstêd Swol. It gebou stiet oan de Broeretsjerkeplein en wurdt hjoe-de-dei is boekewinkel brûkt.

Broeretsjerke
Broerenkerk
Broerekleaster mei de Broeretsjerke
Broerekleaster mei de Broeretsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Oerisel
plak Swol
adres Achter de Broeren 1
koördinaten 52° 30' 49" NB, 6° 05' 43" EL
Arsjitektuer
boujier 1465
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 41549
Kaart
Broeretsjerke (Swol-Binnenstêd)
Broeretsjerke
Dizze side giet oer it tsjerkegebou yn de stêd Swol. Foar oare betsjuttings, sjoch: Broeretsjerke (betsjuttingsside).

Yn 1465 waard op dat plak in Dominikanekleaster stifte, dy't doe justjes bûten de stedsgrêften lei. By it kleaster waard in tsjerke oanboud. Yn 1580 waard it kleaster sletten en fan 1640 waard de tsjerke foar protestantske tsjinsten holden. Fan likernôch 1760 brûkte de Joadske mienskip fan Swol parten fan it kleaster as synagoge. Dêr is hjoed-de-dei it ArtEZ-Konservatoarium yn fêstige. Yn 1983 waard de tsjerke sletten foar tsjerketsjinsten en dêrnei kaam it gebou leech te stean.

De tsjerke waard doe fiif jier lang restaurearre. By it restauraasjewurk kamen ûnder de plasterlagen tsjin it plafond in grut tal plafondskilderings nei boppe, dy't hjoed-de-dei noch hieltud te sjen binne. Fan 1988 oant 2010 waard it gebou brûkt as útstallings- en eveneminteromte.

Fan 2005 ôf waard úteinset mei it ynrjochtsjen as boekhannel, kombinearre mei in kultureel sintrum en hoarekagelegenheid. Sûnt 2013 is útjouwerij Waanders yn it gebou fêstige, dy't Waanders in de Broeren hjit.

Plafondskilderings

bewurkje seksje

It oargel is noch hieltyd yn de tsjerke en kin ek noch bespile wurde. It is in Scheuer-oargel út 1824. Yn 1912 waard er troch Flentrop feroare. Dy feroarings waarden by in restauraaasje yn 1972 troch deselde oargelbouwer fannijs weromdraaid. Yn 1988 waard it oargel wer troch Flentrop opholpen en yn 2001 himmele.

It oargel waard op in kreake pleatst dêr't op de balustrade it folgjende gedicht oanbrocht is:

Treed, Sterv'ling, treed eerbiedig nader
En wijd bij Orgeltoon, uw Lied;
Aan Hem die als weldadig Vader,
Op al zijn Scheps'len nederziet
.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Clevis, H., Constandse-Westermann, T., De doden vertellen. Opgravingen in de Broerenkerk te Zwolle 1987-1988, Kampen, 1992.
  • Coomans, Th., De middeleeuwse bedelordearchitectuur in Nederland, Bulletin KNOB, 101, 2002, siden 173-200.
  • Gevers, A.J., Mensema, A.J. (red.), De Broerenkerk te Zwolle, Swol, 1989.
  • Vries, D.J. de, Datering van de Broerenkerk te Zwolle, Bulletin KNOB, 86, 1987, siden 186-187.
  • Vries, D.J. de, Bouwen in de late middeleeuwen: stedelijke architectuur in het voormalige Over- en Nedersticht, Utert, 1994, siden 260-276.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Broerenkerk (Zwolle) fan Wikimedia Commons.