Nieuw-Buinen

(Trochferwiisd fan Buinermond)

Nieuw-Buinen (Drintsk: Neij-Buun) is in feankoloniaal doarp yn de gemeente Borger-Odoorn yn de Nederlânske provinsje Drinte. Op 1 jannewaris 2019 hie it doarp 4.830 ynwenners. Nieuw-Buinen leit tsjin it gruttere plak Stedskanaal yn Grinslân oan. It heart ta de Kanaalstreek.

Nieuw-Buinen
Lokaasje Nieuw-Buinen yn de gemeente Borger-Odoorn
Lokaasje Nieuw-Buinen yn de gemeente Borger-Odoorn
Bestjoer
Provinsje Drinte
Gemeente Borger-Odoorn
Sifers
Ynwennertal 4.830 1 jannewaris 2019
Oar
Koördinaten 52° 58' NB, 6° 58' EL

Nei it graven fan it Stedskanaal, yn it ramt fan de feanterij yn Grinslân en Drinte, waarden heaks op dat kanaal sydkanalen groeven foar it ôfwetterjen fan it fean en it ferfieren fan turf. Dy sydkanalen waarden de Drentse Monden neamd. By dy mûnen del ûntstiene doarpen. Dy doarpen krigen de namme fan it doarp op dy syn grûngebiet de mûnen lizze. Dy doarpe leine almeast westlik, yn de rjochting fan de Hûnsrich. Nieuw-Buinen hiet ynearsten Buinermond, nei it doarp Buinen. Yn de folksmûle wurdt it plak noch hieltyd Buinermond of yn it dialekt Bunermond neamd. Nuver is dat it plak by de Folkstelling fan 1840 mei de nije namme oantsjutten waard, wylst de PTT it yn 1867 noch oer Buinermond hie. Ynearsten hie it kanaal, dat heaks op it Stedskanaal leit, de namme Buinermond, mar it hjit no Noorderdiep en Zuiderdiep.

Fan 1838 oant 1967 hawwe der yn Nieuw-Buinen glêsfabriken stien. Ien fan dy glêsfabriken hie in oansluting op de spoarline Stedskanaal - Ter Apel. Nieuw-Buinen hie sels ek in treinstasjon oan dy spoarline.

 
Glêsblazer Onno de Ruijter, 1974

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Borger-Odoorn  
Doarpen:
BorgerBronnegerBuinenBuinerveenDrouwenDrouwenermondDrouwenerveen1e EksloëermondEksloEesEesergroenEeserveenEllertshaarEksloërfeanEksloKlijndijkNieuw-BuinenOdoornOdoornerveen2e Eksloërmond2e ValthermondValtheValthermondWestdorpZandberg
Buorskippen:
BoermastreekEksloëerkylKavelingenValtherblokkenValthermusselZeelandstreekje
  ·   ·