Cazemier
Cazemier is de namme fan in Nederlânsk laach, mei ferskate takken, dat oarspronklik út Noard-Nederlân stamt.
De skaainamme kin wol op sechtjin wizen skreaun wurde, nammentlik as (C|K)A(S|Z)(I|E)M(I|IE)R. Hast alle farianten komme ek wier foar.[1] Alle dragers fan ien fan de farianten fan dizze skaainamme, útsein dy fan de namme Cazemier van den Berg, stamme ôf fan Hindrik Stoffers (± 1650-1727); hy wie om 1680 ynwenner fan Tolbert. Mids 18e iuw namen syn bernsbern skynber ûnôfhinklik fan inoar ien de farianten fan de skaainamme Cazemier oan.
Leden fan it laach Cazemier wiene ynearsten ambachtslju, lânarbeiders en lânbouwers út it Westerkertier, Noard-Drinte en it easten fan Fryslân. Yn de tweintichste iuw hat it laach ek heech oplate lju opsmiten.
Bekende leden
bewurkje seksje- Bonne Kazemier (1875-1967), architekt;
- Brugt Kazemier (1907-1983), jurist en filosoof;
- Caja Cazemier (1958), skriuwster;
- Geert Kazemier (1902-1991), letterkundige;
- Gerrit Cazemier (1926-2009), predikant
- Hendrik Casimir (1909-2000), natuerkundige;
- Lex Cazemier (1958), reedrider;
- Lukas Jan Cazemier (1899-1975), teolooch en egyptolooch
- Pim Cazemier (1989), reedrider;
- Roel Cazemier (1959), boargemaster;
- Rommert Casimir (1877-1957), opfiedkundige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |