Coelhorst
Coelhorst is in lângoed tusken Hoogland by Amersfoart en de Iem. It foarmet in grien lint fan natoer lâns de Iem. It wurdt ûnderholden troch gearwurking tusken Natuermonuminten en de boeren. Yn it apelhôf is de Coelhorster appel opnij yntrodusearre. Op it lângoed steane âlde kazematten fan de Grebbeliny. De Coelhorsterkade fan Coelhorst rjochting Amersfoart makket dêr diel fan út.
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Kastiel
bewurkje seksjeYn de tiid fan de ûntginning waard in kastiel boud en in kapel noch foardat Hoogland bestie. It kastiel wurdt foar it earst neamd yn 1253. Dan wurdt it Lockhorster goed ferdeeld en Jan fan Lockhorst krijt Coelhorst yn lien fan syn neef Adam fan Lockhorst. Coelhorst is lykwols nea as ridderhofstêd erkend. Begjin 14e iuw wurdt in Adam fan Lockhorst twongen it hûs te ferkeapjen oan it hûs fan Abcoude. Letter, yn 1360, wurdt Nijclaesze Ghelen, Boargemaster fan Amersfoart, mei it kastiel beliend en komt Coelhorst yn besit fan Amersfoart.
Yn maaie 1940 wurdt it kastiel troch it Nederlânske leger fernield , mar nei de oarloch wurdt in ienfâldich hûs op de fûneminten boud, mei útsûndering fan de oanboude fleugel út 1907 en de tuorkes oan beide kanten fan de yngong. De lêste eigener wie in famylje van Tuyll en Vincentia Regina Baronesse van Tuyll van Serooskerken vrouwe fan Coelhorst liet yn 1957 it goed nei oan har man Jhr. Mr. M.A. Beelaarts van Blokland.
Kapel
bewurkje seksjeDe kapel fan Coelhorst op it begraafplak Coelhorst is nei alle gedachten koart foar 1363 boud en is no in ryksmonumint.
Mei de bou derfan kaam de tsjerke tichter by de befolking fan it Hoogland. Om nei de tsjerke yn Amersfoart te gean moast men de Iem oerstekke. De Iem stie yn iepen ferbining mei de Sudersee. De kapel wie dêrom ek wijd oan de Hillige Nicolaas, skutspatroan fan de seelju. Doe't Hoogland yn 1838 in selsstannige gemeente waard, bliek de kapel te boufallich en te lyts en waard in nije tsjerke boud op Den Ham. De âlde kapel waard yn 1843 foar 800 gûne ferkocht oan de famylje van Tuijll van Serooskerken. Sûnttiids is it brûkt as grêfkapel fan de famylje Van Tuijll van Serooskerken en no fan de famylje Beelaerts van Blokland. It om de kapel lizzende hôf wurdt noch brûkt as begraafplak fan de Herfoarme gemeente. Dizze kapel is yn 2003 restaurearre.
Natoer
bewurkje seksjeOp de hoeke fan de Coelhorsterwei en de Coelhorsterleane is in stik fan de parkbosk te sjen. Hjiryn komme krûden as rûge bûterblom foar dy't lytse fjoerflinters oanlûke. Ek de harmeling, hauken, iisfûgel, murd, mûzefalk, ree en wetterflearmûs komme hjir foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |