Jan Cornelis Pieters Salverda

(Trochferwiisd fan Cornelis Pieter Salverda)

Jan Cornelis Pieters Salverda (Boalsert, 28 juny 1783 - Wûns, 7 maart 1836), wie in Frysk skriuwer. Hy wie skoalmaster yn Wûns en Tsjerkwert.

Tinkstien foar Jan Cornelis Pieters Salverda yn de tsjerkemuorre yn Wûns

Salverda wie in soan fan de Boalserter boer Pieter Piers Salverda en Tietje Jacobs Driesen Prinsen Meerhof. Nei de kweekskoalle yn Frjentsjer waard er yn de âldens fan tweintich jier ûnderwizer, earst yn Boalsert en dêrnei yn Tsjerkwert. Yn 1807 festige er him as ûnderwizer yn Wûns.
Salverda troude twa kear. Salverda hie in tige behyplik en iensum libben. Ut it earste houlik kamen sân en út it twadde houlike waarden alve berne. Fan syn 14 bern stoaren der seis mei jonge jierren. Om't syn twadde frou de hûshâlding net goed bestjoere koe, rekke er yn earmoed. Hy hie net de krêft om dêr feroaring yn te bringen. Harren hûs feroare yn in stjonkende klinte dêr't alle hout út sloopt en yn de kachel bedarre wie. In tsien moanne âlde twilling stoar troch sleauwens fan syn frou, sy krigen fergiftige brij.

Fanwegen de kwealike rook dy't Salverda op it lêst fersprate, waard er mijd troch in soad minsken.[1] Yn 1806 troude hy mei Antje Dirks Baarda. Nei har ferstjerren yn 1814 boaske er yn datselde jier mei Mettje Willems Wezel. Syn tragysk libben en persoanlikheid is beskreaun troch syn freon en beskermer Joast Hiddes Halbertsma[2] As romantysk dichter waard er beynfloede troch Gysbert Japiks en Everwinus Wassenbergh. Syn fersen hiene somtiden in grutte religieuske spanning.[3]Syn bêste gedichten skreau er nettsjinsteande syn earmoedich bestean yn de lêste jierren fan syn libben. Neist dichter wie er ek samler fan sizwizen út de streek.[4] Hy ferstoar yn maart 1836, 52-jier âld yn syn wenplak Wons. De pleatslike boeren soargen foar syn begraffenis. Op it tsjerkhôf fan Wûns leit op syn grêf in iefâldige sark. Syn tragyske libbensrin en spjalten persoanlikheid waarden troch syn freon en beskermer J.H. Halbertsma oangripend sketst.

De tsjintwurdige basisskoalle en in strjitte yn Wûns drage de namme fan dizze dichter.

Oer Salverda
  • Fear, Ypk fan der (pseudonym fan Lipkje Post-Beuckens) In earme swalker yn 'e wrâld: roman oer it libben fan Jan Cornelis Pieters Salverda, Friese Pers Boekerij, Drachten, 1988
  • Halbertsma, J. [et al.] Vijf verhalen over leven en werk van de schoolmeester-dichter J. C. P. Salverda te Wons, útj. Douma, Meppel, 1999
  • Douma, Age Meile (gearst.) Zij schreven over leven en werk van J. C. P. Salverda: ijn sijn libben schoallemaester to Wons, útj. Douma, Meppel, 1999

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Teake Oppewal & Pier Boorsma, Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden, 1994. Side 15.
  2. by de DBNL
  3. Brouwer, J. H. e.o. (red) Encyclopedie van Friesland, 1958. Salverda, Jan Cornelis Pieter
  4. Dizze siswizen ensprekwurden binne troch Justus Hiddes Halbertsma opnomd yn dy syn Lexicon Frisicum