Crossart of folút Crossart Route-Moderne-Kunst wie in gearwurkingsferbân fan fjouwer Nederlânske en seis Dútske musea yn it grinsgebiet fan de provinsjes Gelderlân en Limburch oan de iene kant en de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen oan de oare kant. It measte omtinken krige de bydzjende keunst, lânskip en arsjitektuer.

It projekt krige stal tusken 2004 en 2010 en wie in inisjatyf fan twa ministearjes yn Düsseldorf yn oerlis mei it Nederlânske ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. It projekt waard finansiere troch de EU (Euregio Ryn-Maas Noard), troch de museüms, de boppe neamde provinsjes en troch it Ministearje fan Ekonomyske Saken fan Noardryn-Westfalen.

Der waard mienskiplik publisiteit oan jûn yn de foarm fan meartalige folders en websides mei wiidweidige rûtebeskriuwings. Fierders waard in mienskiplike útstalling realisearre yn de Bundeskunsthalle yn Bonn mei in mânske katalogus yn fjouwer talen.

Museüms dy't meidiene

bewurkje seksje
  • Crossart - Van Gogh bis Beuys - Van Gogh tot Beuys, de Crossart-katalogus (Dútsk/Nederlânsk/Ingelsk/Frânsk)

Keppeling om utens

bewurkje seksje