Dútske Dom (Berlyn)

De Dútske Dom (Dútsk: Deutscher Dom), offisjeel de Nije Tsjerke (Neue Kirche) heart ta de wichtige toeristyske trekpleisters fan de Dútske haadstêd Berlyn. De tsjerke stiet foar de Frânske Dom oer oan de Gendarmenmarkt yn de eardere Berlynske foarstêd Friedrichstadt yn it Ortsteil Mitte.

Dútske Dom

Begryp bewurkje seksje

It begryp "Dom" hâldt allinnich ferbân mei de yn 1780-1785 njonken de al besteande Neue Kirche (ek: Deutsche Kirche) oanboude koepeltoer en is ôflaad fan it Frânske wurd dôme (koepel). De oanbou is folle grutter as de tsjerke sels en hat nea in sakrale funksje hân.

Skiednis bewurkje seksje

 
It ynstoarten fan nije koepeltoer fan Carl von Gontard

De tsjerke waard tusken 1701 en 1708 nei de plannen fan Martin Grünberg boud yn barokke styl. Hjirfoar moast it Switserske tsjerkhôf rûme wurde, dat oanlein wie foar hugenoaten dy't nei in tydlik ferbliuw yn Switserlân yn de jierren 1698-1699 harren yn Berlyn nei wenjen setten. De oarspronklike tsjerke hie in fiifhoekige plattegrûn en in healrûne apsis. Yn de tsjerke stie oan de eastlike pylder foar de yngong oer in typysk protestânske alterkânsel. De tsjerke tsjinne sawol de Dútsk-grifformearde as de luterske gemeente fan Friedrichstadt.

Om de Gendarmenmarkt in better oansjen te jaan boude Carl von Gontard ûnder Freark II oan de eastlike kant fan de tsjerke in koepeltoer mei portico's oan. Dit barde tagelyk mei de bou fan in hast identike koepeltoer oan de Frânske Friedrichstadtkirche oan de oare kant fan de Gendarmenmarkt. Wylst de nije koepeltoer yn oanbou wie stoartte it bouwurk yn. Fan gefolgen krige Georg Christian Unger de opdracht om it plan fan Gontard út te fieren.

As foarbyld foar de symmetryske koepeltuorren op de Gendarmenmarkt stiene de twillingtsjerken oant it Piazza del Popolo yn Rome. De foarmjouwing fan de koepeltuorren sels stiet yn de tradyske fan it palladianisme en krige de foarm fan de Eglise Sainte-Geneviève yn Parys, it hjoeddeiske Panthéon, fan Jacques-Germain Soufflot. Christian Bernhard Rode makke de bylden oan de koepel fan persoanen út it Alde en Nije Testamint. It grutte reliëf yn it timpaan stelt de bekearing fan Saulus foar.

Nei de maartrevolúsje yn 1948 waarden de 183 slachtoffers op 22 maart op de triemmen fan de Dúske Dom opbiere. Nei in protestânske tsjinst yn de tsjerke waarden foar de tsjerke koarte taspraken holden troch in protestânske, in katolike en in joadske geastlike, ear't de kisten ûnder grutte belangstelling fan de Berlynske befolking nei it hôf brocht waarden.

De tsjerke moast oan it ein fan de 19e iuw fanwegen boufalligens ôfbrutsen wurde. In neobarokke nijbou fan it arsjitektenburo Von der Hude & Hennicke folge.

Ferwoasting en weropbou bewurkje seksje

Yn 1943 waard de Dútske Dom troch brân ferneatige. De weropbou fûn plak tusken 1983 en 1996. Op 2 oktober 1996 waard de tsjerke offisjeel wer iepene. Tuskentiids kaam de tsjerke yn hannen fan de oerheid. Sûnt 2002 is yn it bouwurk op fiif ferdjippings in útstalling oer de Dútske parlemintêre skiednis fêstige.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]