Dútsktalige literatuer

(Trochferwiisd fan Dútske literatuer)

Mei Dútsktalige literatuer wurdt ornearre, literêr wurk dat skreaun is yn it Dútsk. De literatuer dy't yn Eastenryk of Switserlân skreaun wurdt yn it Dútsk falt ek ûnder de Dútske literatuer.

1902 Theodor Mommsen (DE)
1908 Rudolf Eucken (DE)
1910 Paul Heyse (DE)
1912 Gerhart Hauptmann (DE)
1919 Carl Spitteler (CH)
1929 Thomas Mann (DE)
1946 Hermann Hesse (CH/DE)
1966 Nelly Sachs (DE)
1972 Heinrich Böll (DE)
1981 Elias Canetti (UK)
1999 Günter Grass (DE)
2004 Elfriede Jelinek (AT)

Yn de iere Midsiuwen wienen de ferhalen noch net op skrift steld. Fan de âld-Germaanske poëzij is inkeld it Hildebrandsliet en de Germaansk-heidenske Merseburger tsjoenspreuken oerlevere.

Oant om it jier 1000 sloech it kristendom foar master op yn de Aldheechdútske letterkunde.

Humanisme en Reformaasje (1450–1600)

bewurkje seksje

Mei de Renessânse yn Itaalje kaam Dútslân yn ‘e kunde mei it nau besibbe humanisme, dat lykwols foar in beheinde groep gelearden as Desiderius Erasmus en Johannes Reuchlin ornearre wie, dy’t boppedat yn it Latyn skreaune. Wurk skreaun yn ‘e folkstaal dat ek noch súkses hie wiene de rebelske gedichten fan Ulrich von Hutten (1488-1523) en it Narrenschiff fan Sebastian Brant (1458-1521). De reformaasje dy’t begûn mei Maarten Luther (1483-1546) hie gâns mear ynfloed. De oersetting fan de Bibel fan Luther (1522-1534) bleau fan belang foar de Dútske taal. Oare streamingen fan belang wienen de Meistersang, de klucht en het Fastnachtsspiel dêr’t Hans Sachs (1494–1576) en Jörg Wickram (likernôch 1505–1562) de fertsjinwurdigers fan wienen. Ek binne de folksboeken lykas Historia von D. Johann Fausten en Till Eulenspiegel wichtich om neamd te wurden. Mei Johann Fischart (likernôch 1546-1590) is der in oergong nei it tiidrek fan de barok.

Barok (1600–1720)

bewurkje seksje

De Barok wie in wichtige beweging foar de Dútske literatuer. Ien fan de grûnlizzers is Martin Opitz (1579-1639), dy’t ek de hoedersliteratuer yntrodusearre. Syn learlingen Paul Fleming (1609-1640) en Simon Dach (1605-1659) ha ek fan betsjutting west.

Oare wichtige dichtfoarmen fan dat tiidrek binne it sonnet, de oade en it epigram. De lyryk is rûchwei te ûnderskieden yn de religieuze (benammen protestantsk) en it wrâldeftige. Fan de earste groep binne Friedrich Spee von Langenfeld (1591-1635), Paul Gerhardt (1607-1676), Angelus Silesius (1624-1677) en de mystikus Jakob Böhme (1575-1624) fan belang; fan de twadde groep de sonnetten fan Andreas Gryphius (1616-1664) en ek Christian Hofmann von Hofmannswaldau (1617-1679). Yn dy tiid waard mannich Sprachgesellschaft oprjochte.

Ferljochting (1720–1785)

bewurkje seksje

De skieding tusken de barok en de ferljochting is min oan te jaan. Ta de iere ferljochting kinne persoanen as Christian Wolff, Gottfried Wilhelm Leibniz (1646-1716) en Christian Fürchtegott Gellert (1715-1769) rekkene wurde, dy’ t eins foar dy tiid libben. Johann Christian Günther (1695-1723) en Barthold Heinrich Brockes (1680-1747) wurde ta beide perioaden rekkene. Mei de Ferljochting waard kamen der in protte didaktyske en moralisearjende wurken foar it ljocht.

Sturm und Drang (1765–1785)

bewurkje seksje

De reaksje fan de jongerein op ‘e Ferlichting, dy’t as beheind en sûnder gefoel beskôge waard, wie in koarte rite dy’t as „Sturm und Drang“ omskreaun wurdt. De jonge skriuwers fan dy tiid lieten har net it leksum fan de keunst oplêze. Ferneamde Stürmer-und-Dränger binne Johann Wolfgang von Goethe (1749-1832; Die Leiden des jungen Werther), Friedrich Schiller (1759-1805; Die Räuber) en Jakob Michael Reinhold Lenz (1751-1792).

Weimarer Klassik (1786–1805)

bewurkje seksje

De Weimarer Klassik set ornaris útein mei de reis fan Goethe nei Itaalje yn 1786. Dy nije groep lei him ta op humanistyske idealen mei klassisistyske eleminten. Wichtige wurken fan Goethe dy’t ta de Klassik rekkene wurde binne it drama Iphigenie auf Tauris en de trageedzjes Faust I en II. In oar wichtich skriuwer fan dy tiid is Friedrich Schiller mei syn dramawurken Wallenstein (1800), Maria Stuart (1801), Die Jungfrau von Orleans (1801) en Wilhelm Tell (1804). Ta de iere Klassik wurde rekkene Karl Philipp Moritz (1757-1793), oant Friedrich Hölderlin (1770-1843), dy’t ek wol in einhinne by de romantyk heard.

Romantyk (1796–1835)

bewurkje seksje

De Romantyk ûntstie as in reaksje op de Ferlichting en de Klassik, en wie mear besibbe mei de Sturm-und-Drang. By dy streaming waard de klam lein op de fantasij, it ûnbewuste en de Dútske skiednis (net de Grykske, lykas by de Klassik dat wol sa wie). De iere romantyk is wichtich út in literatuer-teoretysk eachpunt wei. Skriuwers as August Wilhelm Schlegel (1767-1845) en Friedrich Schlegel (1772-1829), Wilhelm Heinrich Wackenroder (1773-1798), Ludwig Tieck (1773-1853) en Novalis (1772-1801) skriuwden mear mearkes en lyryk, drama rekke wat mear nei de eftergrûn. Oare wichtige foarbylden binne Ludwig Achim von Arnim (1781-1831), Clemens Brentano (1778-1842) en harren oare helte/sus Bettina von Arnim (1785-1859). Tige ferneamd binne de Kinder- und Hausmärchen fan de Bruorren Grimm (Jacob en Wilhelm). E.T.A. Hoffmann (1776-1822) en Joseph von Eichendorff (1788-1857) wurde ta de lette romantyk rekkene, Heinrich Heine (1797-1856) wurdt lykwols ta de realisme rekkene.

Biedermeier (1815–1848)

bewurkje seksje

Ferneamde Biedermeier-dichters binne Nikolaus Lenau (1802-1850), Eduard Mörike (1804-1875), Friedrich Rückert (1788-1866) en August von Platen (1796-1835); ferneamde proazaskriuwers Annette von Droste-Hülshoff (1797-1848), Adalbert Stifter (1805-1868), Jeremias Gotthelf (1797-1854) en Wilhelm Hauff (1802-1827). De Eastenrykske dramaskriuwers Franz Grillparzer (1791-1872), Johann Nepomuk Nestroy (1801-1862) en Ferdinand Raimund (1790-1836) soene ek ta de Biedermeier rekkene wurde kinne.

Vormärz (1830–1850)

bewurkje seksje

Skriuwers dy’t ta de Vormärz rekkene wurde, wienen polityk engazjearre en skriuwden politike gedichten. In soad fan dy skriuwers wiene ferienige yn lytsere groepen Junges Deutschland, lykas Georg Herwegh (1817-1875), Heinrich Laube (1806-1884), Karl Gutzkow (1811-1878) en Ferdinand Freiligrath (1810-1876). Lyksinnich wienen Heinrich Heine, Ludwig Börne (1786-1837) en Georg Büchner (1813-1837).

Poëtysk realisme (1848–1890)

bewurkje seksje

It poëtysk realisme (ek wol boargerlik realisme) wurdt skaaimerke troch it net oan ‘e oarder stellen fan maatskiplike problemen, mar lytse problemen om hûs en hear en dy fan de persoan sels. It wichtichste sjenre fan dy streaming wie de novelle, bygelyks Das Amulett fan Conrad Ferdinand Meyer (1825-1898) en Der Schimmelreiter fan Theodor Storm (1817-1888). Wat drama oangiet is allinnich Friedrich Hebbel (1813-1863) it neamen wurdich. De belangrykste romanskriuwers wienen Gustav Freytag (1816-1895) en Wilhelm Raabe (1831-1910). Twa skriuwers fan kwizekwânsje yn de tiid fan it boargerlik realisme binne Gottfried Keller (1819-1890) en Theodor Fontane (1819-1898) út Switserlân. Yn Eastenryk wienen Marie von Ebner-Eschenbach (1830-1916), Ludwig Anzengruber (1839-1889) en, letter, Peter Rosegger (1843-1918) fan belang.

Naturalisme (1880–1900)

bewurkje seksje

Wichtige naturalistyske romans hawwe der yn it Dútske taalgebiet net west. De lyryske poëzij en koarte proaza fan Arno Holz (1863-1929) en Johannes Schlaf (1862-1941), en de drama's fan Gerhart Hauptmann (1862-1946) binne it neamen wurdich. De skriuwstyl fan Frank Wedekind (1864-1918) sit deun tsjin it fin de siècle oan.

It tiirek 1900-1933 is in tiidrek fan literêr ferskaat en der is net ien beskate streaming dy’t foar master opslacht.

De symbolistyske dichtkeunst is elitêr en hinget hiel bot om skientme en foarm. As neifolging fan de Frânsen Stéphane Mallarmé, Charles Baudelaire en Arthur Rimbaud binne foar Dútslân benammen Stefan George (1868-1933), Hugo von Hofmannsthal (1874-1929) en Rainer Maria Rilke (1875-1926) fan belang. In besibbe streaming is de Jugendstil.

Tradisjonele epyk

bewurkje seksje

Lykop mei streamingen tsjin de tradisjonele streamingen kaam der nije proaza dy’t âlde foarmen op ‘e nij brûkte, foarbylden binne Heinrich Mann (1871-1950), Thomas Mann (1875-1955), Hermann Broch (1886-1951), Robert Musil (1880-1942), Franz Kafka (1883-1924) en Hermann Hesse (1877-1962).

Heimatkeunst (1890-1910)

bewurkje seksje

De Heimatkunst wie in literêre streaming dy’t syn lok by it doarpslibben en de natoer socht as reaksje op it stêdlik naturalisme en de sabeare neoromantyk. Fan belang binne foaral Adolf Bartels (1862-1945), dy’t tegearre mei Friedrich Lienhard it tiidskrift Heimat útjoech.

Ekspresjonisme (1910–1920) en avantgarde

bewurkje seksje

It ekspresjonisme, de lêste grutte literêre streaming yn Dútslân, wie in reaksje op de boargerlike libbensnoarm fan it fin de siècle. De anty-boargerlike trend fan dy perioade rûn út ta it dadaïsme. It surrealisme en futurisme krigen ek harren gerak. Wichtige skriuwers fan it ekspresjonisme binne Alfred Döblin (1878-1957), Albert Ehrenstein (1886-1950), Carl Einstein (1885-1940), Salomo Friedländer (1871-1946), Walter Hasenclever (1890-1940), Georg Heym (1887-1912), Ludwig Rubiner (1881-1920), Else Lasker-Schüler (1869-1945), August Stramm (1874-1915), Ernst Toller (1893-1939), Georg Trakl (1887-1914) en Alfred Wolfenstein (1888-1945).

Nije Saaklikens

bewurkje seksje

Op it ekspresjonisme folge de delbêdzjende en realistyske Nije Saaklikens (Neue Sachlichkeit). Wat drama oangiet binne wichtich; Ödön von Horváth (1901-1938), Bertolt Brecht (1898-1956) en de regisseur Erwin Piscator, wat de epyk oangiet Erich Kästner (1899-1974), Anna Seghers (1900-1983), Erich Maria Remarque (1898-1970) en Arnold Zweig (1887-1968).

Nasjonaal-sosjalisme en Ballingskip

bewurkje seksje

Doe’t Adolf Hitler yn 1933 diktator fan Dútslân waard wie der gjin ûnôfhinklike literatuer en literatuerkrityk mear mooglik. Yn 1938 wie de Anschluss fan Eastenryk. Yn beide lannen waarden boeken ferbaarnd. De iennichste literatuer dy’t wol stipe waard fan it nazi bewâld wie de Blut und Boden-literatuer. In soad skriuwers moasten op ‘e flecht nei in oar lân. In stikmannich bleauwen yn Dútslân, en waard fermoarde (Jakob van Hoddis, Carl von Ossietzky). Der ha ek skriuwers west dy’t tsjin it nazy bewâld wienen mar yn it lân bleauwen, hja wurde de Innere Emigration neamd. Leden fan dy groep binne Gottfried Benn, Ernst Jünger, Erich Kästner, Gerhart Hauptmann, Heimito von Doderer en Wolfgang Koeppen. 1500 skriuwers flechten om utens en skriuwen migrantenliteratuer (Exilliteratur, letterlik "ballingskipsliteratuer"). Skriuwers dy’t om utens warber wienen binne Heinrich Mann, Thomas Mann, Bertolt Brecht, Anna Seghers, Franz Werfel en Hermann Broch. Minder yn harren elemint wienen Alfred Döblin en Joseph Roth bygelyks. Nei de Twadde Wrâldkriich namen de measte skriuwers it paad werom, oaren – lykas Elias Canetti – bleauwen om utens.

1945 oant it byinoar bringen fan de Dútslannen

bewurkje seksje

Nei de Twadde Wrâldkriich sprieken se yn Dútslân en Eastenryk – dy’t in jiermannich polityk en kultureel isolearre wienen – fan in nulpunt (Stunde Null, Kahlschlag, tabula rasa). Fuortendaliks ûntstie de Trümmerliteratur (oant likernôch 1950), dy’t de klam lei op de ferskriklike nazitiid en de neirin. Justjes letter waard besocht om de ûntjouwings dêr’t de Dútske literatuer net meihâlde koe, yn te heljen. De Wiener Gruppe socht nei oare foarmen fan literatuer, de Gruppe 47 sloech yn West-Dútslân foar master op.

Bûnsrepublyk Dútslân

bewurkje seksje

Fuort nei 1945 lei de West-Dútske literatuer him foaral ta op de griis fan de oarloch en dyjingen dy’t weromkamen. In populêr sjenre dêrfoar wie it koarte ferhaal, lykas dy fan Heinrich Böll (1917-1985). Mei it úteinsetten fan it Wirtschaftswunder wie de Dútske literatuer mear op ‘t heden rjochte, dat is te merkbiten oan romans fan Wolfgang Koeppen (1906-1996) en Martin Walser (1927). Oare nammen binne Günter Grass (1927), Günter Eich (1907-1972) en de konkrete poëzij fan Helmut Heißenbüttel (1921-1996). Skriuwers as Uwe Johnson (1934-1984) ûnderskiede har minder maklik, sa ek Arno Schmidt (1914-1979) en de absurde drama’s fan Wolfgang Hildesheimer (1916-1991). Mei de Fietnamkriich kamen it politike dichtsjen (Hans Magnus Enzensberger (1929), Erich Fried (1921-1988) en drama (Peter Weiss (1916-1982), Rolf Hochhuth (1931)) wer op ‘t aljemint. De Nije Subjektiviteit gie der wer tsjinyn. In soad gastarbeiders kamen nei de Twadde Wrâldkriich nei Dútslân, in soan fan dy gastarbeiders, Jakob Arjouni, hat in grutte bydrage levere oan de Dútske literatuer.

Dútske Demokratyske Republyk

bewurkje seksje

Yn ‘e DDR, dy’t himsels as "Literaturgesellschaft" delsette, easke it rezjym in literatuer neffens it sosjalistysk realisme. As fertsjinwurdiger fan dy streaming is Hermann Kant (1926) in goed foarbyld. De wichtichste proazaskriuwer wie Johannes Bobrowski (1917-1965). In protte skriuwers moasten as mochten wol om utens, sa ek Wolf Biermann (1936; de ferneamde Biermann-Ausbürgerung yn 1976), Sarah Kirsch (1935) en al earder Uwe Johnson (1934). Oare skriuwers binne Christa Wolf (1929), Heiner Müller (1929-1995), Irmtraud Morgner (1933-1990), Stephan Hermlin (1915-1997), Stefan Heym (1913-2001) en Jurek Becker (1937-1997).

Yn Eastenryk besocht de Wiener Gruppe mei Gerhard Rühm (1930), Konrad Bayer (1932-1964) en H.C. Artmann (1921-2000) en auteurs als Albert Paris Gütersloh (1887-1973) en Heimito von Doderer (1896-1966) nije oanwizings te finen dy’t troch it austro-faksisme en it nazi-tiidrek weiwurden wienen. Yn ‘e Eastenrykske literatuer wienen Ernst Jandl (1925-2000) en Franzobel (1967) dy’t mei de taal boarten. Fan grutte ynfloed yn ‘e sechtiger en santiger jierren wienen skriuwers as Peter Handke (1942), Ingeborg Bachmann (1926-1973), Thomas Bernhard (1931-1989), Norbert Gstrein (1961), Elfriede Jelinek (1946), O. P. Zier (1954), Sabine Gruber (1963) en Ruth Aspöck (1947).

1945 wie net in bysûnder jier foar de Switserske literatuer omdat Switserlân neutraal bleaun wie yn ‘e Twadde Wrâldkriich. Wichtige skriuwers binne Max Frisch (1911-1991), Friedrich Dürrenmatt (1921-1990), Adolf Muschg (1934), Peter Bichsel (1935) en Urs Widmer (1938).

Roemeenskdútske literatuer

bewurkje seksje

De meast súksesfolle Roemeenskdútske skriuwer is Eginald Schlattner. Herta Müller út Banat is wennet ûnderwilens wer yn Dútslân. Yn ‘e earste helte fan de 20e iuw wurke Adolf Meschendörfer yn Kronstadt. Hoewol’t de measte Dútsktalige minsken út Roemeenje earne oars hinne tein binne, is it yn Banat ta in nije literêr groep Die Stafette kaam, dêr’t nije Dútsktalige skriuwers de Roemeenskdútske literatuer fuortsette kin.

Literatuer nei it byinoar bringen fan Dútslân

bewurkje seksje

Nei de fal fan de Berlynske Muorre yn 1989 kaam foar it ljocht dat guon East-Dútske auteurs gearwurke hienen mei de Stasi (Christa Wolf, Sascha Andersan).

De hjoeddeiske Dútske literatuer krijt gauris krityk dat it polityk ûnferskillich wêze soe. Elfriede Jelinek is in útsûndering, hja is polityk en feministysk engazjearre, en krijt yn 2004 de Nobelpriis foar de Literatuer.