De Fjouwer Hiemsbern
De sêge fan De Fjouwer Hiemsbern is ferbûn oan de foar in part bewarre karelroman (± 2000 fersen) Reinout fan Montalbaen, dy't sels in bewurking fan de Frânske foarhoafske romansyklus Renaut de Montauban en Les quatre fils Aymon is. Oan it ferhaal waarden yn de rin fan de tiden ferskate episoaden taheakke, oant it úteinlik yn de 13e iuw yn de foarm fan in gedicht op skrift steld waard. In 15e-iuwske proazabewurking wurdt sjoen as de foarrinner fan de roman. Der besteane licht ôfwikende ferzjes, dêr't de neikommende fan wol it meast oannimlik liket.
De tekst
bewurkje seksjeFan it 13e iuwske gedicht binne in oantal fragminten bewarre bleaun, dy't mei elkoar 2000 regels telle. It gedicht is neamd nei ien fan de fjouwer hiemsbern, Reinout. It ferhaal bleau lykwols bewarre trochdat it om 1490 werprinte waard yn de foarm fan in roman, dy't iuwenlang populêr bleau. It folksboek Fjouwer Hiemsbern waard yn 1872 opnij útjûn troch Jan Carel Matthes, dy't yn 1875 ek Reinout fan Montalbaen opnij útjoech (werprinte yn 1910). Yn 1939 waard it gedicht opnij útjûn troch Pieter Johan Jurriaan Diermanse, yn 1966 troch D. fan Maelsaeke en yn 1998 troch Hessel Adema.
It ferhaal
bewurkje seksjeDe ridder Aymon (ek wol Haymijn of Aymes, yn it Nederlânsk ferbastere ta Heems-) fan de Ardennen wie in trouwe lienman fan Karel de Grutte. Hy soe troud west hawwe mei Aye, in suster fan Karel. Se skonk har man fjouwer flinke soannen: Ritsaert, Writsaert, Adelaert en Reinout. Fan it fjouwertal wie Reinout de sterkste. De fjouwer soannen krigen fan harren heit, nei âlde tradysje, elk in hynder as geskink. Reinout wie lykwols sa sterk, dat hy syn rydhynder by fersin deade. Doe waard him in twadde hynder oanbean, mar hy bruts al by de earste rit de ribben. Hear Aymon wist wol rie. Omdat in ridder dochs in hynder hawwe moast, brocht hy syn gewearde soan nei in boarch dêr't de beruchte hynst Bayard (Beiaard) yn opsluten siet, in driftich bist dat troch eltsenien freze waard en noch nea syn master, ûnferfeard trede Reinout it brinzgjende hynder temjitte, dat him fuortdaliks mei in bêste traap in pear meters fierderop goaide. Reinout wie it lykwols net opjaan, en nei in heroïyske striid slagge it him it wûnderlike hynder syn wil op te lizzen. Fan dy tiid ôf soe it "Ros Beiaard" blynlings dwaan wat ridder Reinout woe.
Mar der ûntstie in slimme fete tusken Karel de Grutte en Aymon en syn soannen. By it potsje skaak oan it hof folge in heechoprinnend spul tusken Reinout en syn neef Loadewyk, Karel syn soan, wêrby't de opljeppende Reinout sa lilk waard, dat hy alle stikken omsmiet en syn tsjinspiler in deadlike hou oan de kop kop joech mei it swiere sulveren skaakboerd. Karel swarde dat hy Loadewyk wreke soe, en hy asiet de fjouwer bruorren nei, dy't útnaiden op de rêch fan it ros Beiaard en har ferburgen hâlden yn it ûntagonklike Ardenske wâld. Fanút harren sterke boarch Montalbaen ferdigenen de fjouwer bruorren har tsjin de oanfallende legerbendes fan harren omke.
Wyls wie lykwols harren heit Aymon yn de hannen fan Karel de Grutte fallen. Karel woe allinnich frede slute en Aymon frijlitte, as it duvelske Ros Beiaard oan him útlevere waard. Reinout wegere uteraard op dit foarstel yn te gean, mar swichte úteinlik dochs ûnder de smeekbeaen fan syn mem. Omdat it hynder de reputaasje hie ûnoerwinlik te wêzen, besleat Karel it te fersûpen. Mei brutsen hert en lede eagen moast Reinout duldsum tasjen hoe't it nei de rivier ta brocht waard en mei swiere mûnestiennen om de nekke yn it wetter smiten waard. Oan twakear ta tebrizele it hynder mei ien hoefslach de stiennen en swom it werom nei de wâl, dêr't Reinout stie te sjen. By in tredde besiking waarden de stiennen ferswierre, mar dochs kaam it Ros Beiaard wer boppe wetter, halseagjend nei syn master, mar dy koe iet lijen fan it bist net mear oansjen en draaide syn holle ôf. Tinkend dat syn master neat mear fan him witte woe, liet it nobele bist him ferdrinke.
Fuortlibjen
bewurkje seksjeBenammen yn de Maasfallei hâlde in soad ferhalen de sêge fan de Fjouwer Hiemsbern yn libben. De rivier dêr't it Ros Beiaard yn ferdronken waard, wurdt identifisearre mei de Maas. De boarch fan Montalbaen is neffens guon Montauban sous Buzenol, tichtby Virton (net te betiizjen mei Montauban yn Frankryk) dêr't yndie ruïnes binne. Mar ek it kastiel Poilvache wurdt dêrmei yn ferbân brocht. Neffens de pleatslike leginde soe it Ros Beiaard de beroemde Rocher Bayard, in nillefoarmige rotspunt by Dinant, mei ien hoefslach spliten hawwe yn de flecht fan de Fjouwer Hiemsbern.
Ek yn de Frânske Ardinnen (ûnder mear yn de omjouwing fan Monthermé en Revin) bringe ferskate plaknammen de heldedieden fan de Fjouwer Hiemsbern noch yn it ûnthâld. Yn Flaanderen bestiet noch in lokale fariant: dêr wie Aymon de Hear fan Dendermonde, en it Ros Beiaard soe net yn de Maas, mar hjir, yn de Skelde ferdronken wêze. Allessins spylje de Fjouwer Hiemsbern en it Ros Beiaard in grutte rol yn de pleatslike folkloare fan Dendermonde. Sjoch Ros Beiaard (Dendermonde) foar it artikel oer de folkloare dêr.
Foar de folsleinen moat noch fermelde wurde dat de Karel út it ferhaal net Karel de Grutte west hat, mar syn foarsiet Karel Martel.
Alle figueren (sawol de haad- as byfigueren) út Karel ende Elegast kinne op ien oft oare wize werlaat wurde ta figueren út de Histoarje fan de Fjouwer Hiemsbern: sa is de kristlike ridder-tsjoender Elegast feitlik de kristlike ridder-tsjoender Malegijs.[1]
Yn Nijkerk, skean foar de Grutte Tsjerke, stiet in byld fan de Fjouwer Hiemsbern op it Ros Beyaard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Quatre Fils Aymon fan Wikimedia Commons. |