Grutte Tsjerke (Nijkerk)
De Grutte- of St. Katharinatsjerke yn de stêd Nijkerk is boud yn 1461 en werboud nei in stedsbrân yn 1540. De tsjerke bestiet út in middenskip, mei twa sydbeuken en in koar.
Mei Sint Katarina, dêr't de tsjerke nei neamd is, wurdt bedoeld de legindaryske Katarina fan Aleksanderje. Yn de hjoeddeiske roomske tsjerke fan Nijkerk stiet in âld byld fan dizze hillige, dat ea yn de grutte Tsjerke stien hawwe soe. Tsjintwurdich wurdt de tsjerke meastal 'Grutte Tsjerke' neamd en net mear 'Sint Katarinetsjerke'.
Tsjerke
bewurkje seksjeSkiednis en beskriuwing
bewurkje seksjeNei alle gedachten is der al sûnt it begjin fan de 13e iuw in tsjerke yn Nijkerk, op it plak fan de hjoeddeiske Grutte Tsjerke. De tsjerke dy't doe boud is, waard ‘Nije Kerck’ neamd; sa ûntstie de namme Nijkerk. Yn 1421 waard dy tsjerke ferwoaste.
De bou fan in nije tsjerke waard mei út einset yn 1461. By in stêdsbrân yn 1540 rekke it gebou swier skansearre. Nei de brân waard de tsjerke wer opboud. Yn de Grutte Tsjerke hinget in betinkingsboerd fan de brân. It is net dúdlik oft de tsjerke werboud is mei deselde foarmen. Der wurdt tocht dat it koar âlder is as de rest fan de tsjerke. Ek de basis fan de toer is âlder. De tsjerke hat 1.070 sitplakken.
Yn it boppeljocht boppe de haadyngong binne de slingers fan tabaksblêden te sjen, in dekoraasje dy't ek op oare plakken yn de tsjerke te finen binne, lykas op de preekstoel. Dit is dien doe't Nijkerk in wichtige stêd wie foar de tabakstylt. Boppe de haadyngong sit in tinkstien yn de muorre dy't tebinnen bringe wol dat de toer yn 1776 werboud is. t Ampt Nijkerk Dese Toren 1776 Herbouwt, stiet dêr te lêzen.
De tsjerke wurdt noch altiten brûkt. De Byldestoarm yn 1566 gie oan Nijkerk foarby. Yn 1594 waard de roomske tsjerke offisjeel protestantsl. De Herfoarme Gemeente Nijkerk heart ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
De tsjerke is in typysk Nederlânsk protestantsk, sober tsjerkegebou. Mar in pear saken wize op de tiid foar de reformaasje, lykas de fjouwer symboalen fan de evangelisten (Matteüs: ingel, Markus: liuw, Lukas: bolle en Jehannes: earn) as kraachstiennen ûnderoan de kolonetten dêr't de krúsribben op útrinne. Dêrneist binne der op twa fan de trije slútstiennen yn it koar, boppeyn dêr't de krúsribben by elkoar kommee, ôfbylden te sjen fan Kristus en fan de hillige Katerina, dêr't de tsjerke oan wijd wie.
Akoestyk
bewurkje seksjeFoar de restauraasje fan it ynterieur yn 1966, wie de akoestyk net sa goed. Dit kaam ûnder oare troch it ûntbrekken fan in middenpaad, de oanwêzichheid fan in soad losse stuollen en de ûnregelmjittige opstelling fan de (tichte) banken. Yn 1966 waarden nije banken seten yn in logyske opstelling en sûnder kessens. Hjirtroch waard de akoestyk folle better. Mar by de restauraasje fan it ynterieur yn 1999, binne der lykwols wer hegere en tichtere banken komd. Boppedat waarden de sittingen beklaaid en waard de akoestyk wer minder as foarhinne.
Opfallende saken
bewurkje seksjeYn en om de tsjerke binne in tal nijsgjirrige saken.
- Binnenside
- It Van Deventer-oargel út 1756, wêrfan de kast rynsk fersierd is mei houtfykwurk.
- de grêfsark fan de famylje Van Renselaer, dy't rjocht oerein tsjin de muorre setten is.
- Skean boppe dizze grêfsark hinget in boerd mei Bibelteksten út Johannes 6. Dit tekstboerd waard yn 1617 makke troch Anthonius Kalsbeek. Foar de reformaasje siet op dit plak in muorreskildering fan Sint Kristoffel.
- Sintraal yn de tsjerkeromte stiet de mahoany-houten preekstoel út 1789. Hjirop steane ek de guirlandes fan tabaksblêden.
- Foar de preekstoel leit de grêfsark fan boargemaster Ardesch.
- Tjin de muorre ûnder it oargel si it eardere doopstek as lambrisearing setten. Hjirop ek wer de slingers yn de foarm fan tabaksblêden.
- Rjocht foar de preekstoel oer, ûnder de galerij, stiet de regearingsbank. Dizze bank wie eartiids bedoeld foar de Amptsjonckers (de leden fan it stedsbestjoer). Yn dizze bank lizze noch in oantal âlde Steatebibels.
- Op in pear plakken yn de tsjerke hingje âlde psalmboerden mei dêrop oanjûn Psalm 72: 8. Dizze boerden bringe de Nijkerkse beroeringen fan 1749-1750 yn it ûnthâld.
- Heech boppe-yn it middenskip hinget in doerd as oantinken oan de stedsbrân fan 1540.
- Under it liturgysk sintrum foar de preekstoel, sit in grêfkelder. Dizze waard ûntdekt by de restauraasje fan it ynterieur yn 1999, mar is dêrnei wer tadekt sûnder neier ûndersyk.
- Bûtenside
- Oan de westkant falt fansels de haadyngong op, mei dêrboppe in tinkstien oan de werbou fan de toer.
- Oan de noardside (de 'seekant') binne âlde jitizeren urinoirs te sjen.
- Oan de súdside fan de tsjerke sit heech oan ien fan de steunbearen fan it koar in sinnewizer. Dizze wizer komt út ûngefear 1770 en is makke troch Gijsbert Blokhuis.
- Links fan de haadyngong stiet in byld fan De Fjouwer Hiemsbern
Toer
bewurkje seksjeSkiednis en beskriuwing
bewurkje seksjeDe basis fan de toer is grif it âldste stikje Nijkerk. By de bou fan de tsjerke binne grif de resten fan de âlde tsjerke út 1222 brûkt. Yn 1774 waard op de âlde ûnderbou in nij boppestik boud. In jier earder hie de Amsterdamse arsjitekt Jan Bolten al sein dat de âlde toerspits by in flinke stoarm fan boppe komme koe. Dat is, neist de fraach om romte foar in klokkespul, in oanlieding foar in nije boppebou.
De bou wurdt útfierd troch Gerrit van Raan. It is net bekend wa't de eigentlike ûntwerper fan de toer is. Jan Bolten is lange tiid as arsjitekt neamd, mar gjin inkel feit ûndersteunt dit. Op in plakette dy't by de preekstoel en it doopstek heart stiet dat Gerrit fan Raan Deese Tooren in alles heeft herbouwt, dus ek hy soe de ûntwerper wêze kinne.
De ûntwerper fan de toer hat dúdlik ynspiraasje fûn by de Amsterdamske tuorren. De toer hat ek wol wat fan dy fan Aldeboarn. Der komme klassisistyske eleminten yn foar, lykas de pilasters mei de Ioanyske bekroaning oan beide kanten fan de wizerplaten en it fronton dêrboppe. Dêr foaroer stiet lykwols de skeane belining fan de dûbele lantearne en de rûnding fan it fronton. De toer is ôfwurke mei inkele tige matige barokke eleminten, wêrby't de guirlandes fan tabaksblêden boppe de iepeningen fan de klokkelantearnen opfalle. De koppen, kroane mei (Pinkster-)fjoer dêr't wetter útrint, wolle mooglik de ferkundiging fan it evangeelje ferbyldzje. De toer is de ienige echte baroktoer fan Nederlân.
De toer is unyk yn Nederlân, mei fanwege it feit dat der yn it kontrakt mei de ûntwerper stie dat hy net foar in oar plak yn Nederlân soksoarte toer ûnwerpe mocht.
Liedklokken
bewurkje seksjeYn de toer hingje trije liedklokken:
- de grutte klok (deadsklok, oereklok) yn toanhichte Es
- de middelste klok yn toonhichte F
- de lytste klok (ek wol brijklok neamd) yn toanhichte G
De brijklok liedt trije kear deis: om 08.00 oere, 12.00 oere en 21.00 oere. Eartiids waarden hjirmei de skofttiden foar de Nijkerkse befolking oanjûn. Doe waard de klok ek om 18.00 oere lieden. Dizze tradysje is yn stân bleaun.
Sûnt 1956 hingje de liedklokken oan krukassen. Dêrfoar hongen se oan rjochte assen. Sûnt 1957 wurde de klokken net mear mei de hân lieden.
Op it plak fan de hjoeddeiske Raboklok hong eartiids de brânklok. Dizze klok is yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers út de toer helle en omraand. Dizze klok hong earst yn it dakruterke op it koardak en waard brûkt om it angelus te lieden. Doe't it dakruterke ôfbrutsen waard is de klok yn de toer hong foar brânklok. Dizze klok waard ûnderoan yn de toerhal lieden en dus net op de liedsouder. Dit waard dien om tiid te sparjen as der brân wie.
Klokkespul
bewurkje seksjeSkiednis en beskriuwing
bewurkje seksjeYn de toer sit in beiaard, dy't mei 51 klokken ien fan de grutste kariljons yn de provinsje Gelderlân is. It klokkespul is earst jitten troch Alexius Petit, mar Andreas Jozef van den Gheyn hat in oantal klokken opnij jitten omdat it wurk fan Petit net suver genôch wie. De klokken wienen ek net stimd, omdat Petit dit net koe. Van den Gheyn hat de grutste trije klokken (de hjoeddeiske liedklokken) gewurde litten. Nijkerk krige in klokkespul fan 37 klokken en Petit gie fallyt oan dizze operaasje.
Spyltromp
bewurkje seksjeDe spyltromp, dy't soarget foar it automatysk spul, is fan 1779.Der sitte 100 rigen fan 70 gatsjes yn, dus yn totaal 7000 gatsjes. De gatsjes binne der mei de hân út file. Twa kear jiers wurdt de tromp ferstutsen, dan komme der nije meldijen op. It is yn Nijkerk wizânsje dat der op it hiele oere in geastlik liet te hearren is, op it heale oere in wat stadiger deuntsje en op kertier oer en kertier foar in koart wyske.
Boeredeun
bewurkje seksjeIt ynhysen fan de klokken waard dien troch de boeren, dy't haren hynders hjirfoar beskikber stelden. Se betingen dêrby dat it kariljon op moandeitemoarn mei de feemerk bespile wurde soe. Dat wurdt de Boeredeun neamd. Dizze tradysje is oant hjoed de dei yn stân hâlden, wylst der al lang gjin feemerk mear hâlden wurdt.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan de tsjerke is yn 1756 boud troch Matthijs van Deventer en heart ta de top fan de histoaryske oargels yn Nederlân.
Uterlik falt it benammen op troch it rynske houtfykwurk.
Ferbouwingen en restauraasjes
bewurkje seksje- 1461: Bou fan de 'Nije Kerck'.
- 1540: Werbou fan de tsjerke nei stedsbrân.
- 1594: De tsjerke wurdt protestantsk. Bylden en skilderingen wurde weihelle.
- 1756: De tsjerke krijt in nij oargel.
- 1774: Alde toer wurdt ôfbrutsen oant op 19 meter hichte.
- 1776: Nije toer klear.
- 1777: Kariljon wurdt yn de toer setten.
- 1778: Der wurde ekstra galmgatten makke yn de toer, ûnder de wizerplaten.
- 1779: Oerwurk en spyltromp ynstallearre.
- 1809: Der wurdt in optyske telegraaf op de toer setten.
- 1810: De optyske telegraaf wurdt der wer ôfhelle.
- 1842: Ramen en dakken fan de sydbeuken wurde fernijd.
- 1843: Twa ramen oan de súdside fan it koar wurde tichtmitsele.
- 1854: Dakruterke op it koardak wurdt ôfbrutsen. Der komt in nije tsjerkeriedskeamer.
- 1857: Galerij wurdt yn sydbeuk boud.
- 1858: Bentinckkapel wurdt by de tsjerke lutsen en yngong súdside wurdt inkele meters ferpleatst.
- 1919: Der komme galmboerden yn de lantearne.
- 1922: Tsjerkedak wurdt hielendal fernijd.
- 1948: De wizerplaten op de toer wurde ferljochte.
- 1954-1957: Restauraasje boppeste diel fan de toer.
- 1957: Automatyske lûdsynstallaasje fan de klokken wurdt oanlein.
- 1961: De beiaard wurdt restaurearre.
- 1966: Restauraasje. Haadyngong wurdt wer offisjele yngong en portealtsje súdside wurdt ôfbrutsen.
- 1976: Der wurdt in sprinklerynstallaasje oanlein yn de toer.
- 1999: Plasterwurk fan de heule tsjerke wurdt fernijd.
- 2003-2004:Underhâld troch gemeente, toer yn de steigers. Restauraasje fan de beiaard.
- 2008/9: Needferljochting oanlein.
- 2011: Restauraasje en grutte opknapbeurt konsistoarjekeamer.
- 2010-2015: Fernijing tsjerkedak (?)
Fotogalerij
bewurkje seksje-
De tsjerke by't winter
-
Fanôf de hoeke Langestrjitte/Holkerstrjitte
-
It oargel
-
It oargel
-
Ald psalmboerd ta oantinken oan de Nijkerkse Beroeringen
-
It portaaltsje by it koar
-
Graazje dêr't earder de oanjager fan de brânwar stald waard
-
De konsistoarje, bûtenside
-
De konsistoarje foar de renovaasje, binnenside
-
De konsistoarje nei de renovaasje, binnenside.
-
YInterieur (panoramafoto).
-
Yngong súdside foar.
-
Yngong súdside efter
-
It gongpaad tusken de banken troch
-
De grêfsark fan de famylje Fan Renselaer.
-
Boerd mei Bibeltekst út Johannes 6.
-
De mahoanje-houten preekstoel út 1789.
-
De efterside (noard-east).
-
De efterside (súd-east).
-
De toer fanôf it Wheemplein.
-
Tsjerke en toer.
-
Lambrisearing, earder doopstek.
-
De sinnewizer heech boppe-oan de steunbear oan de súdside fan it koar.
-
Inkele strjitten om de tsjerke krigen hjirtroch harren namme, lykas de Toerstrjitte, de Katerinastrjitte en de Tsjerkestrjitte.
-
De haadyngong, mei boppeljocht en tinkstien
-
It ynterieur fan de tsjerke
-
De tsjerke fanút de Langestrjitte by jûn.
-
Tinkstien oan de werbou fan de toer (1776) boppe de haadyngong.
-
Op de liedsouder hingje noch liedtouwen. De klokken wurde lykwols net mear mei de hân liede, de touwen hingje der om de eardere situaasje te ferbyldzjen.
-
De middelste liedklok yn toanhichte F, mei rjochts de Brijklok yn toanhichte G. By de Brijklok is it meganyk fan de hammers fan it automatysk spul goed te sjen.
-
In kykje omheech fanôf de liedsouder. De liedtouwen en brânslangen hingje der om de eardere situaasje út te byldzjen.
-
sicht op de grutte Tsjerke
-
Fanút de Holkerstrjitte
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|