De Fyfte Soan
De Fyfte Soan, yn it oarspronklike Frânsk: Le cinquième fils, is in roman fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It boek fertelt op non-lineêre wize it ferhaal fan in joadske soan en dy syn besykjen om syn heite traumatyske oarlochsûnderfinings te efterheljen en te begripen. Le Cinquième Fils waard foar it earst útjûn yn 1983; yn 2007 waard it oerset yn it Frysk, mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.
De Fyfte Soan | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Le cinquième fils | |
auteur | Elie Wiesel | |
taal | Frânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | holokaustliteratuer | |
1e publikaasje | 1983, Parys | |
oarspr. útjwr. | Éditions Bernard Grasset | |
kodearring | ||
ISBN | 2 24 62 89 211 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Fyfte Soan | |
publikaasje | [net útjûn] | |
oersetter | Jacobus Knol |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Fyfte Soan giet oer de soan fan Reuven Tamiroff, in holokaustoerlibbene dy't him nei de oarloch yn New York nei wenjen set hat. Se libje dêr mei syn beiden en liede in wat weromlutsen bestean, nammenste mear om't de mem siik is en net mear by harren ynwennet. Reuven Tamiroff wegeret om te praten oer syn ûnderfinings yn East-Jeropa ûnder de Twadde Wrâldoarloch, en mei dêrom groeit it foar syn soan suver ta in obsesje út om syn heite holokaustferline te efterheljen. Lokkigernôch hat de âlde twa maten dy't geregeldwei delkomme om 'e sabbat mei him troch te bringen. Dy beide mannen kin de jonge wól oan 'e praat krije, alteast, oant syn heit harren mei in blik of in wurd it swijen opleit.
Stadichoan, bytsje by bytsje, heart de jonge oer de ferskrikkings fan it libben yn it getto yn it slimst fan 'e oarloch, ûntdekt er dat syn heit en dy syn maten tsjûge west hawwe fan freeslike moarden, en dat se suver mear lit hawwe as dat se ferdrage koene. Mar it minste fan alles, it ding dat syn heit nei al dy jierren noch gjin rêst gunt, kaam nei de oarloch, doe't Tamiroff dielnaam oan 'e moard op in wrede SS-ofsier. It besef fan it lijen fan syn heit set de soan oan ta it ûndernimmen fan in soarte fan pylgerreis nei de plakken fan syn heite ferline. Dêr docht him bliken dat de SS-ofsier de moardoanslach oerlibbe hat en noch altyd sûn en wol is. Mei dy wittenskip kin er syn heit wat gemoedsrêst jaan, mar tagelyk beslút er sels syn ferantwurdlikheid as syn heite soan te nimmen. Wat begûn as in syktocht nei syn heite leafde, feroaret dan yn in wisberettens om syn heite wraak te foltôgjen.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeYn 2007 is Le Cinquième Fils troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk, ûnder de titel De Fyfte Soan. Spitigernôch koed er der gjin útjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|