De Guds is in Fryske provinsjale priis dy't fan 2003 - 2012 útrikt waard oan minsken dy't har fertsjinstlik makke hienen yn de hynstesport. In guds wie eartiids it bêste wurkhynder op de buorkerij. Destiids kaam de priis yn it plak fan de Fryske Hynsteman/frou priis fan It Fryske Hoars en de Krompanelen Sjeespriis fan Indoor Fryslân. De priis bestie út in wikseltrofee (in brûnzen Frysk Hynder fan 50 sintimeter heech), makke troch keunstner Hans Jouta út Ferwert en in brûnzen ôfjitsel (18 sintimeter heech) as bliuwend oantinken. Neist algemiene ynset wie it in wurdearring dy't rjochte wie op in bepaald aspekt foar de hynstesport. De priiswinner waard foardroegen troch de Gudskommisje dy't bestie út fertsjintwurdigers fan It Fryske Hoars, Indoor Fryslân en de sportsjoernalistyk. De priis waard útrikt op it Provinsjehûs troch de deputearre fan lânbou.

Utrikking De Guds troch deputearre Schokker oan Gerda Veenje (links)

List mei Gudswinners:

Jier Winner Wenplak Spesjale wurdearring foar
2010 Jan en Anna Schuil Broeksterwâld trochsettingsfermogen op fokkerijmêd
2009 Gerda Veenje-Samplonius Garyp stimulearring fokken en brûken fan Fryske hynders
2008 Hielke van der Gaast Warkum hynstesport yn Súdwest-Fryslân
2007 Amy Tolman-Jensma Ljouwert Indoor Fryslân
2006 Harke Nijboer en suster Betty Houwing - Nijboer De Gerdyk/De Himrik wurk foar 'De Fjildruters', en 'De Friese Zuidzijde/ konkoers Hippique De Gordyk
2005 Wim en Cuuc Vellinga Oentsjerk Indoor Fryslân ruter- en ponyklup Trynwâlden
2004 Bertus en Grietje Kluvers Raerd jonge, begjinnende ruters en amasônes
2003 Sipke en Atsje Wadman Oentsjerk Fryske Quadrille en Frysk kostúm

Keppeling om utens

bewurkje seksje