De Hoop is ien fan de twa nôtmûnen yn it Drintske doarp Noarch. De twadde mûne fan Noarch is de mûne 'Noordenveld', dy't wat jonger is en út 1878 datearret.

De Hoop
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Noarch
adres Asserstritte 29
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1857
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30781 [1]
offisjele webside
Side De fan de Noarger mûnen

De mûne waard yn 1857 as nôt- en pelmûne boud. Doe't de mûne yn 1873 fan eigner ferwiksele fûn dat ûnder betingst plak dat de iuwenâlde standermûne oan de wei nei Ien ôfbrutsen waard. Sûnt likernôch 1900 ferdwûn de pelynrjochting en is de mûne ynrjochte as nôtmûne.

Eartiids hie de mûne selsswichting, mar yn 1935 krige de mûne de doe ultramoderne Bilauwjukken, dy't ferneamd wiene nei de útfiner fan it systeem, de Dútske loftmachtyngenieur Kurt Bilau (1872-1941). Ynearsten hie mar ien roede Bilauwjukken, mar nei it brekken fan de oare roede yn 1937 krigen beide roeden Bilauwjukken.

Yn Nederlân binne der mar twa mûnen mei dit systeem, mar de Noarger mûne is de iennige werfan't alle wjukken dat systeem krigen. De oare mûne mei Bilauwjukken is de De Blazekop, dy't yn it Siuwske Overzande stiet.

De mûne waard yn 1943 besketten troch Ingelske jachtfleantugen en it skilde net folle dat de mûne ôfbaarde. Yn de jierren 1950 wurke de mûne jimmeroan minder en ek in restauraasje oan it begjin fan de jierren 1960 koe net tefoarren komme dat de mûne yn ferfal rekke. Yn 1980 sette in lange en grutte restauraasje útein. Ut dy tiid datearret ek de namme fan de mûne, dy't earder gjin namme hie. Yn 2001 folge in nije restauraasje en sûnt wurket de mûne wer regelmjittich. Yn 2015 binne der noch reparaasje oan de kape útfierd.

De lêste partikuliere eigner wie Jan Snijder, dy't de mûne yn 1998 oan de gemeente Noarch ferkocht. Noarch gyng letter op yn de gemeente Noardenfjild, dy't fan de mûne ôf woe en dy't yn 2016 mei de mûnen fan Roanerwâlde (Woldzigt) en Peize (Paiser Meul) oan de tsjintwurdige eigner, it Drintske Gea, oerdie.[2]

De mûne is in stellingmûne op in houten, achthoekige ûnderbou en mei in achtkante houten boppebou. De kape fan de mûne is mei daklear dutsen. Beide roeden hawwe wjukken mei it Bilausysteem. De wjukken hawwe in flecht fan 21,35 meter.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: