De Vlijt (Meppel)
De Vlijt is in mûne yn Meppel. De mûne waard yn 2002 op in ûnderbou fan 1859 boud. De Vlijt is in gemeentlik monumint, eigner is Stifting Stadskorenmolen De Vlijt.
De Vlijt | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Meppel | |
adres | Sluisgracht 20 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1859 (ûnderbou) 2002 (boppebou) | |
offisjele webside | ||
Side fan De Vlijt |
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard nei in brân yn 1859 op 'e nij boud as nôt- en iikmûne, om ikebast fyn te meallen. Ien fan de oarspronklike funksjes fan de mûne wie ek it meallen fan moster. De oarspronklike boppebou fan de mûne wie fan stien en rûn. De wjukken fan de mûne ferlearen harren funksje doe't sûnt 1930 it meallen elektrysk plakfûn. Stadichoan folge de ôfbraak: yn 1933 de wjukken en yn 1938 de stelling. Nei de Twadde Wrâldkriich waard der besocht de mûne teminsten foar it sicht wer op te meitsjen, mar dat mislearre. Yn july 1965 folge fierdere ôfbraak fan de kape en de stiennen boppebou. In yn 1989 oprjochte stifting om de mûne wer te herstellen, waard yn 1991 al wer opheft.[1]
Yn de 21e iuw krigen de plannen om de mûne wer op te bouwen dochs wer stâl, mar net yn de oarspronklike foarm. Oan it begjin fan de 2001 waard de stiennen ûnderbou restaurearre, yn de hjerst fan dat jier folge de opbou fan de stelling en it houten achtkant, yn maart de kape en de wjukken. De ûnderbou fan de mûne waard ynrrjochte as wenning en kantoar.
It binnenwurk ûntbrekt noch, mar de mûne kin wol draaie en hat in grutte wearde foar it stedsbyld fan Meppel. It bestjoer fan de mûne is drok dwaande jild yn te sammeljen om fan De Vlijt wer in wurkjende mostermûne te meitsjen.[2] Op it stuit hat Nederlân noch mar ien mostermûne: De Ferwachting op it Amelân.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Vlijt is in weropboude stellingmûne op in stiennen ûnderbou. De boppebou is in nije houten, mei planken betimmere, achtkant, wylst de kape fan mei EPDM belein hout is. De wjukken hawwe in flecht fan 21,80 meter en binne âld-hollânsk fan foarm. De stielen roeden binne yn 2001 makke troch de firma Derckx. De as is fan smei-izer, yn 2001 makke troch de firma Hardinxveld.
Sjoch ek
bewurkje seksje- De Weert (Meppel)
- De Sterrenberg (Nijefean)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|