De Weert (Meppel)

De Weert is in yn 1998 boude stellingmûne yn Meppel, Drinte.

De Weert
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Meppel
adres Weerdstraat 80
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1998 (ûnderbou 1807)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 526385 [1]
offisjele webside
Side fan De Weert

De mûne stie eartiids op it doarpsgebiet fan Staphorst, werfan't in diel troch in weryndieling by de gemeente Meppel foege waard. De mûne De Weert waard oarspronklik boud yn 1807 oan de noardlike kant fan De Reest. It wie eartiids in iikmûne, dy't wurke foar de learloaierijen yn Meppel. Om de stiennen ûnderbou fan de mûne stiene trije skuorren, dy't brûkt waarden foar de opslach fan ikebast.

Troch't de fraach nei mealle ikebast ôfnaam en de stifting fan de Koöperative Lânboubank rekke de mûne in soad wurk kwyt. Yn't lêst waard der mei trije koppels stiennen wurke: in koppel foar it meallen fan nôt, in koppel foar it meallen fan feefoer en in koppel blauwe baststiennen. Yn 1937 stie de mûne stil; fanwegen de fersekerings- en ûnderhâldskosten waard besletten de mûne foar in grut part ôf te brekken. Ek de houten skuorren ferdwûnen en it iennige dat oerbleau wie de ûnderbou.

Yn in petear mei de doetiidske wethâlder die de Meppelder Henk Meijerink yn 1992 it útstel om de mûne wer op te bouwen. As oanset foar de bou foarme in âlde achtkant fan in grûnsiler út Hellendoarn, wêrfan't it restant yn 1994 ôfbrutsen waard. De ûnderbou wie yn 1996 foltôge en op 8 july 1998 sette mûnemakker Johannes Kooistra út Sleat it achtkant mei de nagelnije kape op de ûnderbou. Ek de skuorren binne wer om de mûne hinne boud. De mûne is hielendal mealfeardich oplevere.

De offisjele iepening fan de mûne fûn plak op 13 maaie 2000 op de nasjonale Mûnedei. Eigner is de stifting 'Molen De Weert'. De mûne wurdt beheard en ûnderholden troch frijwillige mounders.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: