Demokratyske Republyk Kongo
| |||||
Offisjele taal | Frânsk, Lingala, Kikongo, Swahily en Tshiluba | ||||
Haadstêd | Kinsjasa | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
2.344.858 km² 3,3% | ||||
Ynwenners (2007) | 63.655.000 | ||||
Munt | Kongoleeske frank (CDF) | ||||
Tiidsône | UTC +1/+2 | ||||
Nasjonale feestdei | 30 juni | ||||
Lânkoade | COD | ||||
Ynternet | .cd | ||||
Tillefoan | 243 |
De Demokratyske Republyk Kongo, ek wol Kongo-Kinsjasa is in lân yn Afrika. De haadstêd is Kinsjasa. De Demokratyske Republyk Kongo is net itselde lân as de Republyk Kongo.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeIt lân wurdt begrinzge troch
- yn it noarden de Sintraal Afrikaanske Republyk en Súd-Sûdan.
- yn it easten Uganda, Rûanda, Boerûndy en de Tanganjikamar.
- yn is suden Sambia.
- yn it súdwesten Angoala.
- yn it westen de Atlantyske Oseaan en Kabinda.
- yn it noardwesten de Republyk Kongo.
Lânskip
bewurkje seksjeKongo-Kinsjasa is it op twa nei grutste lân fan Afrika en leit yn it Saire-bekken, in 200 oant 400 meter hege flakte. Yn it easten wurdt it troch de Sintraal-Afrikaanske Slinke en yn it westen troch de rivieren Kongo en Kuango begrinze.
It lân omfiemet it grutste part fan it streamgebiet fan de Kongorivier, dy't sawat in miljoen kante kilometer beslagget en dêr't de Livingstonewetterfallen ek yn lizzen. De heechste bergen fan it lân binne de Firunga-fulkaan en it Ruwenzory-massyf.
Yn it lân lizze in tal grutte marren, dêr't de grutste mar de Tanganjikamar fan is, oare grutte marren binne de Albertmar, de Edwardmar en de Kivumar. Al dy marren lizze oan de eastgrins.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1885 waard de Kongo privee-besit fan de Belgyske kening, dy't systematysk de âlde stamgebieten útinoar helle. It lân stie doe bekend as Belgysk Kongo. Op 30 juny 1960 waard it ûnôfhinklik fan Belgje en krige it de namme Kongo-Kinsjasa, nei de haadstêd. Yn 1971 waard keazen foar de namme Saïre dat wer feroare waard yn Demokratyske Republyk Kongo yn 1997.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeNeffens de Feriene Naasjes wie de befolking sûnt 1997 fan 46,7 miljoen útwaakse ta om-ende-by 62.6 miljoen yn 2007. Yn it lân libje mear as 250 etnyske groepen. De grutste befolkingsgroep binne de Kongo, Luba en Mongo.
Taal
bewurkje seksjeHoewol't sânhûndert lokale talen en dialekten sprutsen wurde, wurdt de taalkundige diversiteit oerbrêge troch it wiidferspraat gebrûk fan it Frânsk en yntermediêre talen lykas Kongo, Tshiluba, Swahily en Lingala.
Religy
bewurkje seksjeMear as 80% fan de befolking is kristen, dêr't 50% fan roomsk-katolyk, 30% protestantsk en 17% dy't by ferskate ynhiemske tsjerkegenoatskippen hearre.
Neist kristenen binne yn Kongo ek moslims, dy't mar in lyts part fan de befolking útmakke. Hoewol't lyts in tal hawwe de Moslims wol altyd in wichtich plak ynnommen yn de skiednis.
Utsein kristenen en moslims binne der ek noch baha'i's en oanhingers fan natoerreligys.