Doarpstsjerke (Súdlaren)
De Doarpstsjerke fan Súdlaren oan de Tsjerkebrink is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Anlo-Súdlaren. Tsjerke en toer binne sûnt 1965 ynskreaun as ryksmonumint.
Doarpstsjerke
Dorpskerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Súdlaren | |
adres | Tsjerkebrink | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 13e iuw | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 41092 (tsjerke) [1] | |
offisjele webside | ||
Protestantske gemeente Anlo-Súdlaren |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn de rin fan de 13e iuw boud. De toer waard om 1300 hinne tafoege, dy't yn de 15e iuw ferhege waard. Yn de 15e iuw waard de tsjerke langer makke. It romaanske koer waard ôfbrutsen en der ûnstie in nij trijesidich sletten goatyske koer.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in houten tonferwulft yn it skip en stiennen krúsferwulft yn it koer. It jiertal 1648 op de slútstien fan it straalferwulft yn it koer ferwiist nei in restauraasje, nei't de tsjerke yn de Tachtichjierrige Kriich skeind waard.
De preekstoel waard yn 1675 boud troch Dirck Jans Bijmolt en is fersierd mei ryk fykwurk. Fierder binne der trije hearebanken fan de famylje Van Selbach (ein 17e iuw), de bank fan de famylje De Drews (begjin 18e iuw) en de bank fan de famylje Van Heiden (twadde helte 18e iuw).
Yn de tsjerke binne in pear 17e- en 18e-iuwske grêven. De âldste sark is dy foar dûmny Arnoldus Böttichius († 1667). It houten wapen is fan de drost Alexander Carel van Heiden († 1776).
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard oarspronklik yn 1787 boud troch Abraham Meere foar de herfoarme tsjerke fan it Gelderlânske Beusichem. A.A. Kuerten fergrutte it ynstrumint dêr yn 1845 mei in manuaal. Petrus van Oeckelen ferhûze it oargel yn 1859 nei Súdlaren. It ferfong yn Súdlaren doe in oargel fan Rudolph Garrels út 1716. De fûgel op de oargelkas is in tafoeging fan Van Oeckelen en nei alle gedachten feroare Van Oeckelen by de ferhûzing ek de disposysje. Yn de 20e iuw waarden noch ferskillende feroarings oan it oargel útfierd en ferlearen in tal pipen it oarspronklike plak, dy't by de pipen fan oare registers foege waarden. Dat skansearre it oargel sa bot, dat de oargelkommisje yn 1957 advisearre it oargel hielendal te ferfangen. Safier kaam it net en yn 1984 restaurearre S.F. Blank út Herwijnen it ynstrumint werom yn de steat fan 1845.
Njonken it haadoargel besit de tsjerke noch in koeroargel, dat yn de jierren 1970 oankocht waard fan de grifformearde Vennetsjerke yn Wynskoat. Dêr boude Blank út Herwijnen in nij haadoargel en foar sa lang bleau dat koeroargel dêr stean. Nei de foltôging fan it haadoargel waard it ferkocht oan Súdlaren, om't doe it haadoargel al net mear te bespyljen wie.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|