Dom fan Eichstätt

(Trochferwiisd fan Domtsjerke fan Eichstätt)

De Dom fan Eichstätt (Dom zu Eichstätt) is de oan Sint-Salvator, Us-Leaffrou en Sint-Willibald wijde katedraal fan it katolike bisdom Eichstätt yn 'e Dútske stêd Eichstätt yn 'e dielsteat Beieren.

Dom fan Eichstätt
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Beieren
plak Eichstätt
adres Domplatz
koördinaten 48 °53' N 11 °11' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Marije, Salvator, Willibald
Kaart
Dom fan Eichstätt (Beieren)
Dom fan Eichstätt
 
Renêssânse byld fan Willibald.

De stifting fan 'e tsjerke giet werom op 'e hillige Willibald, dy’t hjir al yn 'e 8e iuw in earste stiennen tsjerke boude.

Neffens opgravings yn 'e jierren 1970 wie de earste tsjerke op it plak in 12 meter lange sealtsjerke mei oanslutend in kleaster foar muontsen. It kleaster waard by ynfallen fan Hongaren ferwoastge, mar de tsjerke bleau bestean. Fan dy earste tsjerke binne dielen yn it muorrewurk fan it eastlike koer bewarre bleaun.

Biskop Reginold (966–991) liet foar de oerbliuwsels fan Willibald oer de resten fan it kleaster in rûn bouwurk mei twa tuorren en in krypt oanlizze.

Romaanske tiid

bewurkje seksje

Nei't de stêden Speyer en Augsburg in nije gruttere katedraal krigen, makke ek biskop Heribert (1022–1042) in begjin oan 'e nijbou fan 'e domtsjerke fan Eichstätt. It skip en it koer fan dy nijbou waarden dyn 1060 ynwijd. Dy romaanske katedraal wie neffens ûndersyk yn 1972-1975 in krúsfoarmige basilyk mei in eastlike en westlike apsis en in 16 meter lange, eastlike krypt. De beide letromaanske tuorren ûntstiene nei alle gedachten net earder as yn 'e 12e iuw. In wijing op 13 oktober 1310 foarme nei alle gedachten de ôfsluting fan 'e bou fan 'e romaanske domtsjerke.

 
It letgoatyske mortuarium.

Sûnt 1256 waard útein set mei it iergoatyske westlike koer fan 'e tsjerke. Yn 1269 kaam de bou ree, dêr’t de reliken fan Willibald yn bysetten waarden. De Salyske tsjerke waard ûnder de biskoppen Raban Truchsess fan Wilburgstetten en Freark IV fan Oettingen stadichoan ôfbrutsen en dêr foar yn’t plak kaam de no noch besteande heechgoatyske halletsjerke. Nei 1350 begûn de bou fan it eastlike koer, wylst it westlike koer tsjin 1400 mei it skip ferbûn waard. It noardlike portaal toant it jiertal 1396.

Yn 'e letgoatyske tiid waarden de sakristy foar it kapittel en de Roritzerkapelle (1463–1480) tafoege. Tusken 1410 en 1510 folge de bou fan de kleastergong, dy't mei bou fan it mortuarium ôfletten waard.

 
Barokke gevel út 1716-1718.

De barokke westlike gevel stamt út de jierren 1716-1718. De biskop liet de gevel bouwe út tank foar it sparjen fan 'e stêd yn 'e Spaanske Súksesjekriich. It ynterieur fan 'e tsjerke waard foar in part mei nij barok tsjerkemeubilêr útrist. It goatyske maaswurk waard út de ramen brutsen en de bûnte goatyske beglêzing ferfongen troch helder glês, om sa mear ljocht yn te litten.

Yn 1845 bestie it bisdom Eichstätt 1100 jier en yn dat ramt waarden nije plannen makke foar de domtsjerke: biskop Karl August fan Reisach woe mei it kapittel de domtsjerke yn 'e midsiuwske steat werombringe. Mar brek oan jild soarge der foar dat der ynearsten net mear barde as it oerskilderjen fan 'e barokke ynrjochting en it ferwiderjen fan in pear barokke alters. Tusken 1849 en 1850 kaam der mear finansjele romte en waard it mortuarium restaurearre. Under biskop Franz Leopold fan Leopold krige de hiele tsjerke tusken 1881 en 1904 in opknapbeurt. De dom krige binnen in ienfoarmich letgoatysk oansjen, nije neogoatyske ramen waarden yn it koer set en in nij heechalter boud, wêrby't grutte dielen fan it oarspronklike midsiuwske alter yntegrearre waarden. Ek waarden de kappen fan it ferwulft beskildere mei ranken en foarstellings fan leginden fan 'e hillige Willibald. De ramen fan it tsjerkeskip krigen goatysk maaswurk en nije brânskildere beglêzing. De restauraasje wie yn 1893 ree, wylst der oant yn 'e 20 iuw noch wurke waard oan 'e kleastergong.

It risseltaat fan de renovaasje wie foar guon net al te befredigjend. Al gau fûnen kritisy de tsjerke troch de bûnte ramen no te donker en te kâld oandwaan. Yn 1936 waard dêrom in diel fan 'e ramen wer troch helder glês ferfongen. Efkes letter waard de tsjerke fan binnen ek wer oerskildere. Yn it ramt fan dy restauraasje waarden de alters op 'e nij oardene en sa ûntstie yn 1942 in gearstalling fan 'e neogoatyske alters en de orizjnele midsiuwske alters. Om't it tsjerkebestjoer benaud wie dat de nasjonaalsosjalistyske autoriteiten it rike besit fan it biskoplike museum yn beslach nimme soene, liet se de neogoatyske bylden yn 'e tsjerke troch de midsiuwske orizjinele bylden ferfange. It museum waard neitiid opheven. Yn 'e kriich wie brûns wichtich kriichsmaterjaal, mar tanksij monumintensoarch koene teminsten in pear klokken fan 'e dom oan beslachlizzing ûntkomme.

It wurk oan 'e dom yn 'e kriichsjierren 1940-1945 drukt ek hjoeddedei noch it stimpel op 'e tsjerke. Dy restauraasje wie ek it útgongspunt foar de renovaasje yn 'e jierren 1971-1976. By dy renovaasje sneuvelen de koerstekken, eat dat op fersyk fan 'e biskop barde, mar dêr't monumintesoarch bot op tsjin wie. Fan 1958 oant 1965 waard de dom fan 'e bûtenkant restaurearre.

Ynrjochting (seleksje)

bewurkje seksje
 
Pappenheimer alter.

De dom is tige ryk oan keunstwurken, mar it meast ferneamde keunstwurk yn 'e biskopstsjerke is wol it hast 10 meter hege Pappenheimer alter út 1489-1497. De namme fan it sânstiennen alter ferwiisd nei de man, dy't de bou fan it alter mooglik makke. Ut tankberens liet koarhear Kaspar Marschall fan Pappenheim it bouwe, nei't er feilich werom kaam fan in beafeart nei Palestina. It boppediel toant de krusiging fan 'e Heilân mei oan wjerskanten de misdiedigers, it ûnderste diel de mannichte fan minsken, dy't de krusiging bywennen.

 
Madonna fan Buchenhüll.

Oan 'e súdlike krusingspylder stiet in oar wichtich keunswurk: de saneamde Buchenhüller Madonna. It goatyske byld stie sûnt 1430 yn de beafeartstsjerke fan Buchenhüll. Alder is de saneamde Sibotomadonna yn it Willibaldskoer (1296).

Yn it neogoatyske heechalter yn it eastlike koer steane yn 'e sintrale skryn de houten bylden fan it âlder letgoatysk fleugelalter. De fiif grutte bylden fan in Madonna op in moannesikkel en de beskermhilligen fan it bisdom waarden om 1470 hinne snien. De fleugels binne ek midsiuwsk en drage acht letgoatyske reliëfs oer de lijensskiednis fan Kristus.

Yn it westlike koer stiet it renêssânse byld fan Willibald út 1514. De reliken fan 'e hillige wurde oan 'e efterkant fan it byld yn in moarmeren urn bewarre.

Tal fan oare alters en grêfmonuminten binne yn 'e hiele tsjerke en it mortuarium te finen.

It tsjintwurdige oargel waard yn 1975 troch de oargelmakker Sandtner út Dillingen oan 'e Donau boud. It hat 68 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis [:de:Dom zu Eichstätt].