Doniastate (Hallum)

Doniastate stie “een kwartier gaans” west fan Hallum, gemeente Ferwerderadiel, oan de hjoeddeiske Doniawei. De stins waard grif al yn de 14e iuw boud, mar der is neat fan werom te finen.

staten bewesten Hallum

Nei alle gedachten hearde Donia yn Hallum by it âldste goed fan de family Jelmera fan It Amelân (sjoch Camminghaslot). Neffens it Burmaniaboek joech Ritscke Jelmera (1385-1451) de agrum Donianum oan syn soan Sasker by dy syn houlik. Sasker liet him sûnttiid Donia neame. Op it fêstelân waard de family Jelmera faak Donia neamd. Sa sluet bygelyks yn 1444 Remko Doynge foar himsels en út namme fan Sasschert syn heit en Ritseko Doynge syn pake tegearre mei oare haadlingen in ferbûn mei de stêd Grins. Yn 1450, 1452 en 1458 wie Remka Doyngha belutsen by meardere erfeniskwestjes.

Peter fan Thabor skriuwt yn syn histoarje: Ende in Ferwerderdeel wasser groote twijdragt tusschen die partije die duert tot noch toe, ende sint vele hovelinghen omme gheslagen (gedood - JL) onder welke die laetste was Tzaling Sitthijma. Ende die laetste van die vetkoopers was Runka Doijngha, die wordt ghebrant in die kercke toern in ’t jaer 64 omtrent Sinte Marten. Dizze Remke Donia, oanfierder fan in grut kontingint Fetkeapers, waard oanfallen troch Lieuwe Jellinga út Britsum en syn kriichsfolk. Dy belegeren de Doniastins en nei wat ferwar wisten se it hûs te feroverjen en vernietigden het tot de grond toe sa't Cannegieter skriuwt. Rienk ûntkaam ynearsten en flechte yn de tsjerketoer fan Hallum. Lieuwe Jellinga belegere him dêr ek en stuts de tsjerketoer op 7 novimber 1464 yn de brân. Remke Douma kaam yn de flammen om, waardoor, skriuwt Ocko Scharlensis, de voorgaande moedigheid van ’t geslachte Donia gans te niete ging.

Remke Donia folge syn pake op as hear fan It Amelân en neamde him dêrnei ek hear fan It Amelân en neamde him dêrnei ek wol Jelmera. Hy wie troud mei Catharina Adeelen mei wa't er twa dochters hie, Hilck en Jetske.

Hilck troude earst mei Botte Luinia en yn in twadde houlik mei Schelte Aebinga, waans heit Fecke om 1468 de stins Offingaburg yn Hallum kocht hie. Hilck brocht as erfdochter de stins Donia oan de family Aebinga. De machtsposysje fan de Aebinga's yn Hallum waard dêrtroch fergrutte. It lân fan Offinga en Donia grinze oan elkoar. Schelte en syn soan Riurd Aebinga waarden nei dizze stins soms ek Donia neamd.

It skynt dat òf Schelte òf syn soan Ruurd op de púnheapen fan de fernielde Donia in nije state boud hat. Yn het geslacht Aebbinga te Hijum en Hallum (De Vrije Fries diel 1 side 345) skriuwt Jhr. H. Baerdt van Sminia teminsten dat Ruurd Scheltes fan Aebinga, in pakesizzer fan Rienk Donia, earst wenne op Doniastate. Dêr stie een zeer schoon huis, geheel uit het water opgebouwd, met vier torens, elk met eenen vergulden weerhaan prijkende. Fierders soenen de grutte kelders west hawwe mei dêryn in rosmole om it nôt te meallen. Dizze nije state soe platbaarnd wêze troch de Dokkumers. Ruurd hat de oerbliuwsels fierder ôfbrekke litten, it grutste diel fan de stiennen ferkocht en in gewoan hûs op it stee boud dêr't er noch in skoftlang yn wenne hat. Nei de dea fan syn suster Rixt yn 1543 ferruile hy de ienfâldige Doniastate as wenhûs foar it folle represintativere Offingaburg. Yn syn testamint fan 1557 liet hy bûten Offinga ek Donya sate toe Hallum nei. Ek Lyobbemasate (Liebma) dat letter by Offinga kaam, makke doe fan dit oanienslutende kompleks diel út. Yn 1640 wie Riurd syn pakesizzer eigener fan beide states en ek yn folgjende generaasjes wienen beide besittingen yn deselde hân.

Na 1543 hie Donia gjin funksje mear as aadlik hûs, tenei wie it mar in gewoane pleats. Yn 1656 wie de pleats, 83 pûnsmiet (± 30 hektare) grut, eigendom fan Schelte fan Aebinga. Nei him wie syn dochter Lucia Helena eigeneres en dêrnei har soan Tjalling Homme fan Camstra dy't op Orxmastate yn Menaam wenne, dy't it neiliet oan syn dochter Elisabeth. Elisabeth wie troud mei Jan Sicco Rijksbaron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg fan Eysingastate te Rinsumageast. Yn 1808 gie it mis mei de s(t)ate, want op 26 april 1808 is de ferkeap fan het hornleger Donia State met de Spekpolle daarachter, groot 1 ¼ pondematen, onder Hallum aan den Doniaweg met daarop staande afgebrande huizinge.

  • om 1435 Sasker Jelmera/Donia
  • 1464 Rienk Donia
  • sûnt 1464 Hilck Donia
  • 1511 Ruurd Aebinga
  • 1656 Schelte fan Aebinga
  • Lucia Helena fan Aebinga
  • Tjalling Homme fan Camstra
  • Elisabeth van Camstra en Jan Sicco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • D. Cannegieter, Geschiedkundige herinneringen van Hallum, artikelen in de Friesche Almanak van 1851 en 1852
  • Jhr H. Baerdt van Sminia, Het geslacht Aebbinga te Hijum en Hallum, artikel yn De Vrije Fries, 1839
  • G.A. Wumkes - Stads en Dorpskroniek van Friesland, 1930
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, , 1981
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, sa. 1955
  • De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners