Fermanje fan Middelburch
De Fermanje fan Middelburch is in tsjerkegebou út 1889 oan 'e Lange Noordstraat yn it histoaryske sinstrum fan 'e Siuwske haadstêd. De tsjerke is in ûntwerp fan 'e arsjitekt Klaas Stoffels, deselde arsjitekt dy't in pear jier earder de tekenings foar de Paleistsjerke yn De Haach makke. It eklektyske gebou draacht benammen skaaimerken fan 'e neorenêssânse.
Minnistetsjerke fan Middelburch | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Middelburch | |
adres | Lange Noordstraat 62 | |
koördinaten | 51° 30'N 3° 36'E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Klaas Stoffels | |
boujier | 1889 | |
boustyl | Eklektisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 29376 | |
Webside | ||
Hiemside Minnistegemeente Walcheren | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeSûnt 1535 bestiet der in minnistegemeente yn Middelburch en dêrmei is it de âldste protestantske gemeente fan de stêd. De gemeente funksjonearre as in hûsgemeente, mar yn 1629 waard in sjippefabryk oankocht om dêr in tsjerke yn te rjochtsjen.
Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw woeks it tal leden fan de minnistegemeente bot en moast der omsjoen wurde nei in grutter tsjerkegebou. Yn 1888 waard in hûs en in stik grûn oan 'e Lange Noordstraat oankocht. It hûs koe as pastory tsjinje en op 'e grûn koe it nije tsjerkegebou komme te stean. De âlde tsjerke oan 'e Hoogstraat 20 waard yn 1889 ferkocht oan it Leger des Heils en is tsjintwurdich in teäter.
Achter de nije tsjerke waard yn 1908 in gemeenteseal boud ûnder arsjitektuer fan A. van Dorst.
Sawol it eksterieur as it ynterieur fan 'e tsjerke is foar it measte noch oarspronklik. Sûnt 1997 is it gebou mei útsûndering fan de gemeenteseal in ryksmonumint
Ynterieur
bewurkje seksjeYn 'e grutte ramen sitte fleurige glês-yn-leadramen fan de firma Hawinkels út Swalmen. De oarspronklike tsjerkebanken binne noch oanwêzich, mar de stuollen dêrtusken binne nijmoadrich. Oan 'e eastlike kant stiet in grutte tribunepreekstoel.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. Yn it ynstrumint fan 1890 binne ûnderdielen fan âldere oargels út de âlde tsjerke ferwurke. Der binne registers fan Moreau út 1760, ûnderdielen fan Preuniger en Mennes út 1841 en fan oargelmakker W.H. Kam út 1850 en 1856.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|