Klaas Stoffels[1] (Westsaan, 12 novimber 1857 - De Haach, 27 july 1921)[2] wie in Nederlânske arsjitekt festige yn De Haach.

Stoffels boude meast yn in eklektyske styl mei neorenêssânse en neoromaanske ynfloeden.

Stoffels wie minnist en ûntwurp ferskate fermanjes, tsjerkegebouwen foar doperske gemeentes:

  • De Paleistsjerke yn de Paleisstrjitte yn De Haach (1886, neoromaansk),
  • De Doperske tsjerke yn Middelburch yn Seelân (1889, neorenêssânse),
  • De doperske tsjerke fan Flissingen fan 1890, oan de Nieuwe Kolveniersstraat (no Glacisstraat/Van Dishoeckstraat), ferwoastge troch in bombardemint yn 1944.

It foargebou mei toer foar de tsjerke Het Lam van Aardenburg (yn Aardenburg. 1888, neorenêssânse) wie ek fan syn hân. Fierder ûntwurp er yn 1891 in nije kânsel foar de Grutte Fermanje yn Haarlim.[3] en steatlike huzen oan it Haagske Sweelinckplein (1897), dêr't er in (twadde) priis foar krige. Stoffels wie teffens de ûntwerper fan de earste portykwenten yn De Haach, oan de Delftselaan (1901).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: