Dykstrjitte (Frjentsjer)

strjitte yn Frjentsjer

De Dykstrjitte (Nederlânsk en offisjeel: Dijkstraat) is in strjitte dy't yn noardwest-súdeastrjochting troch it sintrum fan 'e Fryske stêd Frjentsjer rint. It is in frij smelle strjitte, dy't sûnt 1976[1] oanmurken is foar fuotpaad, en dêr't sadwaande gjin auto's komme meie en ek net fytst wurde mei. Nettsjinsteande (of miskien wol just tanksij) dat is de Dykstrjitte ien fan 'e wichtichste winkelstrjitten fan Frjentsjer.

De Dykstrjitte yn Frjentsjer, sjoen fan 'e Bredepleats ôf.

Fan it sintrum fan 'e stêd út besjoen begjint de Dykstrjitte op 'e súdeasthoeke fan it plein de Bredepleats. Dêrwei rint er oer in lingte fan tusken de 130 en 150 m nei it súdeasten, oant er útkomt op 'e Suderkade, dêr't dy tusken de bebouwing troch rint fan 'e Kromme Grêft nei de Easterpoartsbrêge (foarhinne de Easterpoartsdaam) oer de Noarder Grêft.

Op justjes mear as de helte fan 'e Dykstrjitte (sjoen fan 'e Bredepleats ôf), wurdt de strjitte krúst troch de Frjentsjerter stedsgrêft, dêr't er mei in fêste brêge oerhinne rint. Oan 'e noardwestkant fan 'e brêge wurdt de grêft beseame troch strjitten dy't by de brêge ek de Dykstrjitte kruse. Dat binne de Godsikker dy't dêrwei by de grêft lâns nei it noardeasten rint, en yn it ferlingde dêrfan de Hearegrêft dy't by de brêge wei de grêft nei it súdwesten ta folget. Oan 'e súdeastkant fan 'e brêge slacht oan 'e súdkant fan 'e Dykstrjitte de Prins Mauritsstrjitte by de grêft lâns nei it súdwesten ta ôf.

De Dykstrjitte, sjoen fan 'e Suderkade ôf.

Oan 'e Dykstrjitte sitte û.m. winkels as Hans Anders, Kamsma Schoenen, Bruna, Expert, Intertoys en Slachterij Terpstra. It filiaal fan Kooistra Kleding gie mids 2019 ticht. By de snackbar Memo's Döner en Pizza, dy't op justjes fierder as healwei de ôfstân fan 'e Bredepleats nei de brêge sit, kin men troch in stege yn noardlike rjochting tuskentrochstekke nei it Sint-Martinyplantsoen, de strjitte dy't om 'e Martinytsjerke hinne rint. (Dy stege wie der foarhinne net, mar is ûntstien trochdat op dat plak ein njoggentiger jierren in gebou útbaarnd en dêrnei sloopt is.)

It diel fan 'e Dykstrjitte oan 'e súdeastkant fan 'e brêge wurdt 'Dykstrjitte East' neamd. Mids 2018 waard bekend dat der by de ûndernimmers yn dat diel fan 'e winkelstrjitte noed oer de takomst bestie. Fanwegen de 'desintrale' lizzing, it ûntbrekken fan gaadlike parkearplakken op in reedlike rinôfstân en de prizen fan it ûnreplik goed dy't net strieken mei foarneamde problemen stie 25% fan 'e winkelpannen yn 'e Dykstrjitte East leech. De ûndernimmers fregen de gemeente De Waadhoeke om te sjen nei wat de gemeente Ljouwert dien hie om soartgelikense omstannichheden yn 'e Nije Easterstrjitte te ferhelpen. Sa woene se dat de werynrjochting fan 'e Suderkade oangrepen waard om 'e yntree fan 'e Dykstrjitte fan dy kant ôf útnûgjender te meitsjen. Ek seagen se de sintrale brêge yn 'e Dykstrjitte as in dea punt dat klanten tsjinkearde; se soene dan ek graach wolle dat de oerstek nei East dêr oantrekliker makke waard.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Joostema, Sybe, Dijkstraat Oost de verbindende schakel, yn: van Wad tot Stad, 30 maart 2021, s. 11-13.
  2. Grosso, Maria del, Franeker wil leren van Leeuwarder winkelstraat, yn: de Ljouwerter Krante, 5 july 2018, s. 24.

  • 100.000+ Stratenboek, Rotterdam (Shell Nederland Verkoopmaatschappij B.V.) / Eindhoven (Suurland Falkplan B.V.), 31e druk, 1995, kaart 83.