Kooistra Kleding
Kooistra Kleding is in fan oarsprong Fryske keatling fan kleanwinkels mei anno oktober 2019 seis filialen yn Noard-Nederlân. It bedriuw waard yn 1967 oprjochte yn Ljouwert. Kooistra wie yn 'e Fryske haadstêd en dêrbûten lange tiid in begryp op it mêd fan betelbere klean mei in goede kwaliteit.
Kooistra Kleding | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | detailhannel | |
haadkertier | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 1967 | |
oprjochter | Jerke Kooistra | |
eigner | fam. Kooistra / Sienema | |
sifers | ||
aktyf yn | Noard-Nederlân | |
wurknimmers | ~50 | |
tal lokaasjes | 6 (oktober 2019) | |
offisjele webside | ||
www.kooistrakleding.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeKooistra Kleding begûn doe't Jerke Kooistra yn 1967 in kleanwinkel oprjochte oan 'e Nijstêd yn 'e Ljouwerter binnenstêd. Yn 1976 waard in twadde filiaal stifte oan 'e Skrâns. Ferskate filialen yn oare plakken yn Fryslân folgen. Yn 1992 baarnde it pân fan Kooistra oan 'e Nijstêd ôf by de grutte brân yn 'e njonkenleine Wibra. Neitiid waard besletten dat filiaal net op 'e nij te iepenjen. It personiel gie oer nei it filiaal oan 'e Skrâns. Wol waard útwreide bûten de provinsje, yn 'e rest fan Noard-Nederlân. Op syn hichtepunt hie Kooistra Kleding 33 ûnderskate filialen.
Yn 'e simmer fan 2019 gie it Kooistra-filiaal oan 'e Dykstrjitte yn Frjentsjer ticht omreden dat der te min klandyzje wie. Begjin oktober fan dat jier folge it filiaal oan 'e Skrâns yn Ljouwert, hoewol't dêr yn 2013 de pei en de foaryngong noch hielendal fernijd wiene. Eigner Jan Sienema, in pakesizzer fan Jerke Kooistra, koe de winkel net mear rindabel krije en moast der elts jier jild op talizze út syn oare aktiviteiten yn it ramt fan Sienema Vastgoedbeheer B.V. Hy wiet de swierrichheden oan it feit dat minsken, ek fyftich-plussers (it soarte klanten dêr't Kooistra him op rjochte), almar mear klean oer it ynternet bestelden. Fierders seid er lêst te hawwen fan 'e ûngeunstige lokaasje bûten de binnenstêd en fan it feit dat klean hieltyd goedkeaper waarden en dochs folle langer meigiene as foarhinne.
De tsien wurknimmers fan 'e winkel oan 'e Skrâns koene oan it wurk yn oare saken fan Kooistra. Nei it sluten fan it filiaal oan 'e Skrâns hie Kooistra Kleding noch seis filialen oer, yn Dokkum, Drachten, Surhústerfean, Grins, Wynskoat en Emmen. Dy wiene lytser as de saak yn Ljouwert en sieten boppedat op geunstiger lokaasjes. It winkelpân oan 'e Skrâns soe tenei ferhierd wurde oan in oar bedriuw; it kantoar fan Kooistra Kleding bleau op 'e boppeferdjipping sitten.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|