Easterpoartsbrêge (Frjentsjer)
De Easterpoartsbrêge (Nederlânsk en offisjeel: Oosterpoortsbrug) is in brêge yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It is in fêste brêge oer de Easterstedsgrêft, dy't 2016 oanlein waard en yn it plak kaam foar de Easterpoartsdaam (Oosterpoortsdam). De Easterpoartsbrêge liedt de súdeastlike útein fan 'e Suderkade út 'e binnenstêd wei oer de grêft hinne, dêr't dy strjitte útkomt op it Ald Keatsfjild. Dêr kin men rjocht troch in bûtenwyk yn, loftsôf oer Saakstra's Brêge by Bloemketerp en de Wettertoer lâns en dan oer de âlde strjitwei rjochting Dronryp, en rjochtsôf oer de Stasjonsbrêge by Stasjon Frjentsjer oan it spoar fan Ljouwert nei Harns lâns yn 'e rjochting fan Wjelsryp.
Easterpoartsbrêge Oosterpoortsbrug | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
koördinaten | 53°10′67″ N 5°32′54″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | brêge | |
subtype | fêste brêge | |
boujier | 2016 | |
oerbrêget | Easterstedsgrêft | |
wei of spoar | Suderkade | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 81,9 sm | |
lingte | 22,09 m | |
breedte | 11 m | |
draachkrêft | 87 ton | |
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Easterpoartsdaam wie in daam dy't de Easterstedsgrêft ôfsleat fan it Van Harinxmakanaal. It doel fan it ferfangen fan 'e daam troch de Easterpoartsbrêge wie om 'e histoaryske binnenstêd fan Frjentsjer better berikber te meitsjen foar wetterrekreänten en om sok boatsjefolk te skieden fan 'e beropsfeart, sadat de feilichheid foar eltsenien ferbettere waard. De oanlis fan 'e Easterpoartsbrêge makke ûnderdiel út fan it projekt Waadpoarte (Waddenpoort), dêr't de gemeente Frjentsjerteradiel €20 miljoen tsjinoan smiet, en dêr't ek de fernijing fan 'e Stasjonsbrêge en Saakstra's Brêge ûnder foelen.
De nije Easterpoartsbrêge waard makke troch Reimert Bouw en Infrastructuur út Almeare en oannimmersbedriuw K. Dekker út Krabbendam. Op 19 maaie 2016 waard de brêge op syn plak hyst. Dy put soe earst ein april al klearre wurde, mar troch ûnfoarsjoene tsjinslaggen rûn it wurk fertraging op. It brêgedek, waard yn syn gehiel oanfierd oer it Van Harinxmakanaal en dêrwei de Easterstedsgrêft ynfearn.
Nei de pleatsing moasten de sydkanten en linings der noch op montearre wurde. Ein maaie gie de brêge iepen foar ferkear. De offisjele iepening waard lykwols oer de simmer hinne tild en fûn plak op 16 septimber 2016. De seremoanje waard ferrjochte troch wethâlder fan Frjentsjerteradiel Caroline de Pee en deputearre Klaas Kielstra, dy't as earsten it trajekt fan 'e Noardergrêft fia de Easterstedsgrêft en ûnder de Easterpoartsbrêge troch nei it Van Harinxmakanaal fearen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Easterpoartsbrêge is in fêste brêge (dy't dus net iepen kin). Hy bestiet út in stielen brêgedek mei ien tuskenpunt en in trochfarhichte fan 21/2 m. De lingte fan 'e brêge is 22,094 m en de breedte is persiis 11 m. De hichte, metten fan it weidek ôf, bedraacht 81,9 sm. De draachkrêft fan 'e brêge is 87 ton.