Saakstra's Brêge

Saakstra's Brêge (de offisjele namme is Frysktalich) is in brêge yn 'e Fryske stêd Frjentsjer oer de Alde Trekfeart. It wie foarhinne in hânbetsjinne ophelbrêge, mar no is it in fêste brêge. Dêrûndertroch hat de lytse rekreaasjefeart tagong fan 'e noard-súd-oriïntearre Easterstedsgrêft ta de nei it easten rinnende Alde Trekfeart. De strjitte dy't oer de brêge hinne rint, hjit it Ald Keatsfjild. Oan 'e súdkant fan Saakstra's Brêge liedt dy strjitte oan 'e eastlike side fan hotel-restaurant De Stedsherberge lâns yn 'e rjochting fan 'e folle gruttere Stasjonsbrêge oer it Van Harinxmakanaal. Oan 'e noardkant fan 'e brêge giet it Ald Keatsfjild al rillegau oer nei de yn eastlike rjochting ôfbûgende Ljouwerterwei, dy't by Bloemketerp en de Wettertoer lâns giet om út te kommen op 'e âlde strjitwei nei Dronryp.

Saakstra's Brêge
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
koördinaten 53°10′71″ N 5°32′57″ E
bysûnderheden
type bouwurk brêge
subtype fêste brêge
boujier mids 20e iuw, 2017
sloopjier 2016
oerbrêget Alde Trekfeart
wei of spoar Ald Keatsfjild
kaart
Saakstra's Brêge (Frjentsjer)
Saakstra's Brêge

Op it plak fan Saakstra's Brêge leit al hiel lang in brêge, mei't de oerstek oer de Alde Trekfeart ûnderdiel is fan 'e rûte fan 'e âlde strjitwei fan Frjentsjer nei Ljouwert. Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, by de befrijing fan Fryslân troch de Alliëarden, rekke de brêge dy't doe op dat plak lei, fernield yn 'e striid.[1] Neitiid waard der in ophelbrêge oanlein, dy't mei de hân betsjinne waard, de lêste 37 jier troch deselde brêgewachter, Eelco Bootsma fan De Stedsherberge. Yn 2016 begûn de fernijing fan 'e brêge, dy't foel ûnder it projekt Waadpoarte (Waddenpoort), dêr't de gemeente Frjentsjerteradiel 20 miljoen oan bestege. Ek de fernijing fan 'e Stasjonsbrêge en de oanlis fan 'e Easterpoartsbrêge makken dêr ûnderdiel fan út. Op 14 novimber 2016 draaiden Bootsma en wethâlder Caroline de Pee tegearre de âlde brêge foar de lêste kear iepen, wêrnei't ein novimber de sloop folge.

De nije Saakstra's Brêge waard in hegere mar fêste brêge, sadat de wachttiden yn it ferfolch ta it ferline hearden. De nije brêge waard boud troch DVJ Infra en Milieu fan De Jouwer. Tagelyk mei de fernijing fan 'e brêge waard ek it noardlike part fan it Ald Keatsfjild hielendal werynrjochte. Op 18 april 2017 waard de nije brêge troch wurklju fan Westra B.V. út Frjentsjer op syn plak hyst. Oarspronklik hie it de bedoeling west dat de brêge op 1 april al klear wêze soe, mar dy datum waard net helle, om't der mear tiid nedich wie foar ûndersyk en boukundich wurk as dat yn 't foar ynskat wie. Der waard keazen foar in alternative konstruksjewize dy't binnen it budget bleau en dêr't de gemeente mei ynstimde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stelwagen, Jacob, Bommen op Saakstra's Brug, Ljouwert, 2010 (Friese Pers Boekerij/Noordboek), ISBN 978-9 03 30 06 906.