De Eanjumer Opfeart is in feart yn de gemeente Dongeradiel. De feart rint fan Eanjum nei it súdwesten en fia de Moerssleat út yn de Súdie.

In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.

Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.

De namme 'brânsleat' ferwiist nei de oare reden om sa’n wetter oan te lizzen: de beskikking ha oer genôch bluswetter yn gefal fan brân.

In soad opfearten hawwe harren funksje ferlern en binne no tichtsmiten.

De namme Eanjumer Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Anjumer opvaart.