It Earehôf Starum is part fan it algemien begraafplak fan Starum. It leit njonken de Nederlânsk Herfoarme tsjerke oan de Foarstrjitte.

Begraafplak Starum

Dêr stean 7 grêfstiennen, 5 stiennen hawwe de neifolgjende nammen:

Namme Funksje Underdiel Sq Ferstoarn Aldens
Harold Leonard Ferguson Bommerjochter Royal Canadian Air Force 298 (RAF) Sq 15-10-1944 23
John Campbell Luton Radio-telegrafist/boardskutter Royal Australian Air Force 207 sq 05-09-1942 20
William Norman Partridge Radio-telegrafist/boardskutter Royal Canadian Air Force 166 (RAF) Sq 14-05-1943 22
Eric Arthur Tilbury Piloat Royal Air Force 83 Sq 13-06-1943 25
John Kenneth Williams Piloat Royal Air Force 514 Sq 22-01-1944

Op 05 septimber 1942 stoarte in Lancaster bommesmiter, de R5755 fan it 207e skwadron, beëasten Medemblik yn de Iselmar. Der wurdt fermoede dat it fleantúch delsketten waardoch in Dútske jager. Alle 7 bemanningsleden kamen dêrby om; radio-telegrafist J.C. Luton leit op dit earehôf, de oare bemanningsleden binne:

R.G. Rowlands Piloat Royal Australian Air Force 25 Earehôf Skarl
A.B. Hastings Piloat Royal Air Force rserve frijwillger 24 Earehôf De Lemmer
J.W. Atkinson Boardskutter Royal Air Force reserve frijwilliger 31 Earehôf Bergen
F.J.C. Barnes Waarnimmer Royal Air Force 23 Earehôf Bergen
G. Fleck Boardwurktúchkundige Royal Air Force 25 Fermist
C.V. Pattison Boardskutter Royal Air ForceVolunteer Reserve Fermist

De fermisten wurde betocht op it Runnymede Memorial,

Op 22 jannewaris 1944 stoarte in Lancaster, de DS 824 van het 514e Squadron del yn it noardlik part fan it Iselmar. De sân bemanningsleden kamen dêrby om. Trije dêrfan binne oant hjoed-de-dei fermist. De piloat J.K. Williams leit begroeven op dit earehôf.

  • Sersjant W.H. Chapman leit begroeven op earehôf Hylpen.
  • De boardskutter E.A. Lane en navigator L.N. Millis lizze op earehof Makkum
  • Sersjanten J.R. Keenen en A. Pratt, en ek de loftmachtoffisier D.F. Henshaw binne oant no ta fermist.

Op 15 oktober 1944 makke in Halifax V, de LL293 fan it 298 Skwadron, in needlanning op de Iselmar besuden Starum. De bemanning koe út it fleantúch komme, mar doe't se besochten om mei de dinghy de Fryskse kust te berikken rekke de bemanning yn it tsjuster it kontakt mei Ferguson kwyt. Ferguson hie problemen mei syn rêdingsfest en koe net swimme. Ferguson syn lichem waard oaremoarns fûn, hy wie ferdronken en kaam te hôf yn Starum. It oarepart fan de bemanning koe de kust berikke en dûkt mei help fan it ferset ûnder yn de omkriten fan De Gaastmar en helle sa de ein fan de oarloch.

It 298 Squadron wie belêste mei spesjale opdrachten yn de Twadde Wrâldoarloch. Dy nacht waarden 11 Halifaxen útstjoerd om guod te droppen foar de Binnenlânske Striidkrêften yn Nederlân. Ien Halifax, de LL293, kaam net werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: