Earehôf Hylpen
It Earehôf Hylpen leit op it tsjerkhôf fan de Grutte Tsjerke yn de Tsjerkestrjitte yn Hylpen. Der steane alve stienen, fiif dêrfan binne oant no ûnbekend bleaune loftmachtmilitêren. Op de stiennen steane de nammen:
Namme | Funksje | Underdiel | Sq | Stoarn | Aldens |
---|---|---|---|---|---|
Wilbur Henry Chapman | Sersjant | Royal Australian Air Force | 514e Squadron | 22-01-1944 | 26 |
Roy Oswald Fulton | Boardwurktúchkundige | Royal Canadian Air Force | 83e (RAF) Squadron | 05-03-1943 | |
John Lewis Organ | Boardskutter | Royal Air Force | 83e Squadron | 05-03-1943 | 23 |
Bernard William Palastanga | Waarnimmer | Royal Air Force Volunteer Reserve | 408e (RCAF) Squadron | 07-11-1941 | 21 |
Alfred Bakes Springett | Radio-telegrafist | Royal Air Force Volunteer Reserve | 51e Squadron | 22-11-1943 | 23 |
Gordon Robert Sugar | Radio-telegrafist/boardskutter | Royal Air Force | 83e Squadron | 13-06-1943 | 22 |
Net witten | Loftmachtoffisier | Royal Canadian Air Force | 29-11-1943 | ||
Net witten | Loftmachtmilitêr | Royal Canadian Air Force | |||
Net witten | Loftmachtmilitêr | Royal Air Force | 26-07-1944 | ||
Net witten | Loftmachtsersjant | Royal Air Force | 01-12-1941 | ||
Net witten | Loftmachtmilitêr | Royal Air Force | 31-08-1943 |
Skiednis
bewurkje seksjeYn de nacht fan 6 op 7 novimber 1941 fierde it 408e Kanadeeske Squadron mei Hampden bommesmiters in missy út rjochting Dútslân. Op de weromreis by de Nederlânske kust waard de Hampden nr. AD 972 oanfallen troch in Dútske nachtjager. Troch in skroefdûkflecht te meitsjen wisten se de fijân fan har ôf te skodzjen. Doe't de piloat dêrnei in bemannings-check hold, joech de waarnimmer-sersjant Palastanga gjin antwurd. By kontrôle blykte syn ûntsnappingslûk iepen te stean en syn parasjute út it rak ferdwûn. Sersjant Palastanga waard as fermist opjûn. Earst nei de kriich die bliken út in rapport fan it Reade Krús dat het stoflik omskot op 12 april 1942 oanspield wie oan de Fryske kust by Hylpen. Hy wie begroeven op it tsjerkhôf fan Hylpen. De Hampden kaam feilich werom op de thúsbasis it Syerston fleanfjild.
Op 22 novimber 1943 stoarte in Halifax, de LW 286 fan it 51e squadron, troch noch ûnbekende oarsaak yn de Iselmar tusken Urk en Hylpen. It tastel wie op missy nei Berlyn. Alle 7 bemanningsleden kamen by de crash om, dêrfan binne der fjouwer oant hjoed de dei fermist. Sersjant A.B. Springett leit begroeven op dit earehôf Hylpen. De oare bemanningsleden:
F.H. Moynihan | Navigator | Royal Air Force Volunteer Reserve | 23 | Earehôf De Lemmer |
E.H.G. Dyer | Boardskutter | Royal Air Force Volunteer Reserve | 19 | Earehôf Ald-Leusden |
J.E. Whitehead | Boardskutter | Royal Air Force Volunteer Reserve | 20 | Fermist |
H.F. Farley | Piloat | Royal Air Force Volunteer Reserve | 30 | Fermist |
S.H. Godfrey | Boardwurktúchkundige | Royal Air Force Volunteer Reserve | 21 | fermist |
H.O. Hetterley | Bommerjochter | Royal Air Force Volunteer Reserve | 21 | fermist |
De nammen fan de fermisten steane oanjûn op it Runnymede memorial.
Op 22 jannewaris 1944 stoarte in Lancaster, de DS 824 fan it 514e Squadron yn it noardlik diel fan de Iselmar. De sân bemanningsleden kamen dêrby om it libben. Trije dêrfan wurde noch altiten fermist. Sersjant Chapman leit begroeven op dit earehôf. De oare bemanningsleden:
J.K. Williams | Piloat | Royal Air Force Volunteer Reserve | Earehôf Starum | |
J.R. Keenen | Boardwurktúchkundige | Royal Air Force Volunteer Reserve | Mist | |
L.N. Millis | Navigator | Royal Air Force Volunteer Reserve | 22 | Earehôf Makkum |
D.F. Henshaw | Loftmachtoffisier | Royal Air Force Volunteer Reserve | 27 | Fermist |
A.Pratt | Sersjant | Royal Air Force Volunteer Reserve | Fermist | |
E.A. Lane | Boardskutter | Royal Air Force Volunteer Reserve | Earehôf Makkum |
De nammen fan de fermisten steane neamd op it Runnymede memorial.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Erehof Hindeloopen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|