Echte kamieleftigen
De echte kamieleftigen (wittenskiplike namme: Camelinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda) en de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea) en de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae). Dizze taksonomyske groep ûntjoech him foar it earst sa'n 38 miljoen jier lyn yn Noard-Amearika, en is sûnt 2 oant 3 miljoen jier lyn ek lânseigen yn Aazje, Noard-Afrika en Súd-Amearika. Omtrint 10.000 jier ferlyn binne de echte kamieleftigen yn Noard-Amearika útstoarn.
Echte kamieleftigen | ||
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | evenhoevigen (Artiodactyla) | |
ûnderskift: | ylpoatigen (Tylopoda) | |
boppefamylje: | kamieldieren (Cameloidea) | |
famylje | kamieleftigen (Camelidae) | |
ûnderfamylje: | echte kamieleftigen (Camelinae) | |
Gray, 1821 | ||
De echte kamieleftigen besteane út twa tûken, dy fan 'e echte kamielen (Camelini), mei trije libbene soarten, en dy fan 'e lama-eftigen (Lamini), mei fjouwer libbene soarten. Under dy beide tûken falle de kamielen (Camelus), lama's (Lama) en fikûnja's (Vicugna), mei as soarten it Arabyske kamiel of de dromedaris (Camelus dromedarius) út it Midden-Easten en Noard-Afrika, it Baktryske kamiel (Camelus bactrianus) en it wylde Baktryske kamiel (Camelus ferus) út Sintraal-Aazje, en de lama (Lama glama), de gûanako (Lama guanicoe), de alpaka (Vicugna pacos) en de fikûnja (Vicugna vicugna) út 'e Andes fan Súd-Amearika.
Underfamylje-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|