De lama's (wittenskiplike namme: Lama) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae), de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae) en de tûke fan 'e lama-eftigen (Lamini).

lama's
In lama (Lama glama).
In lama (Lama glama).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje: kamieldieren (Cameloidea)
famylje kamieleftigen (Camelidae)
ûnderfamylje: echte kamieleftigen
   (Camelinae)
tûke: lama-eftigen (Lamini)
skaai: lama's (Lama)
Cuvier, 1800

Ta de lama's hearre fjouwer soarten kamieleftigen út Súd-Amearika, te witten de inkeld yn it wyld foarkommende fikûnja (Lama vicugna) en gûanako (Lama guanicoe), en de allinnich yn domestisearre foarm foarkommende lama (Lama glama) en alpaka (Vicugna pacos). De lama stammet ôf fan 'e gûanako, en foarhinne waard tocht dat dat foar de alpaka ek sa wie. Yn 2001 wiisde DNA-ûndersyk lykwols út dat de alpaka eins ôfstammet fan 'e fikûnja. Njonken de fjouwer libbene soarten is der ek noch de tsjilihûeke (Lama araucana), in domestisearre soarte dy't yn 'e achttjinde iuw útstoarn wêze soe. Foarôfgeande oan 'e Spaanske ferovering fan Súd-Amearika wiene lama's, alpaka's en tsjilihûekes de iennichste domestisearre evenhoevigen op dat kontinint. Se waarden holden as lêstdier, mar ek foar harren wol, fleis en hûden.

Lama's hawwe lange poaten, in lange hals en in yn ferhâlding lytseftige kop. Hoewol't iere waarnimmers harren ornaris seagen as in soarte fan langhalzich skiep, waard harren sibskip mei de kamielen al rillegau dúdlik, sadat Linnaeus harren al yn 1758 by it skaai fan 'e kamielen (Camelus) yndielde. Georges Cuvier ferpleatste de lama's en fikûnja's yn 1800 nei in eigen skaai, dat fan 'e lama's (Lama), binnen de famylje fan 'e kamieleftigen. Yn 1842 makke René Lesson de fikûnja fan 'e lama's los en skoep foar dy soarte it selsstannige skaai fan 'e fikûnja's (Vicugna). Yn 2001 waard de alpaka dêrhinne oerhevele, mar nijere ynsichten laten yn 2022 ta it opgean fan it skaai fan 'e fikûnja's yn it skaai fan 'e lama's.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.