Echte spjochtpappegaaien
De echte spjochtpappegaaien (Micropsitta) binne in skaai fan de tûke fan de spjochtpappegaaien yn de famylje fan de pappegaaien fan de Alde Wrâld. Hja hjitte fan spjochtpappegaaien om hja de sturt stram hâlde, sa't in spjocht dat ek docht. De fûgels binne mar lyts; der binne gjin soarten yn 'e famylje dy't lytser binne as de spjochtpappegaai. Fral, der is gjin lytsere soarte as Sclaters spjochtpappegaai (M. pusio), dy't net langer as 8 sm. wurdt.
echte spjochtpappegaaien | ||
In Sclaters spjochtpappegaai (Micropsitta pusio) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
sûnder rang: | lânfûgels (Telluraves) | |
sûnder rang: | súdfûgels (Australaves) | |
sûnder rang: | falkfoarmigen (Eufalconimorphae) | |
sûnder rang: | mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae) | |
skift: | pappegaai-eftigen (Psittaciformes) | |
boppefamylje: | pappegaaien (Psittacoidea) | |
famylje: | pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae') | |
ûnderfamylje | echte pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculinae) | |
tûke | spjochtpappegaaien (Micropsittini) | |
skaai | echte spjochtpappegaaien (Micropsitta) | |
Fersprieding en wengebiet
bewurkje seksjeAlle spjochtpappegaaien binne lânseigen yn de bosken fan Nij-Guineä.
Wize fan libjen
bewurkje seksjeIt binne fluch beweegjende fûgels, dy't har fluch troch it beamtegrien en de tûken ferpleatse.
Finzenskip
bewurkje seksjeSpjochtpappegaaien kinne feitlik net yn finzenskip hâlden wurde; hja geane rillegau dea fan de stress. Wat it eigentlike probleem is witte de minsken net: de fûgels binne yn de natuer koarstmoas-iters, mar wat der ek betocht wurdt as alternatyf is blykber nea goed genôch om harren yn libben te hâlden.
Soarten
bewurkje seksje- famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae)
- ûnderfamylje echte pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculinae)
- tûkespjochtpappegaaien (Micropsittini)
- skaai echte spjochtpappegaaien (Micropsitta)
- Biakspjochtpappegaai (Micropsitta geelvinkiana)
- finschspjochtpappegaai of Finsch' spjochtpappegaai (Micropsitta finschii)
- gielkapespjochtpappegaai (Micropsitta keiensis)
- meekspjochtpappegaai of Meeks spjochtpappegaai (Micropsitta meeki)
- readboarstspjochtpappegaai (Micropsitta bruijnii)
- sclaterspjochtpappegaai of Sclaters spjochtpappegaai (Micropsitta pusio)
- skaai echte spjochtpappegaaien (Micropsitta)
- tûkespjochtpappegaaien (Micropsittini)
- ûnderfamylje echte pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculinae)