Ediger-Eller
Ediger-Eller is in twillingsdoarp yn de lânkring Cochem-Zell yn it Dútske bûnslân Rynlân-Palts.
Ediger-Eller | ||
Sint-Martinustsjerke fan Ediger | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
ferbânsgemeente | Cochem | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 890 (2021) | |
Oerflak | 19,18 km² | |
Befolkingsticht. | 46 ynw./km² | |
Hichte | 99 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56814 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 05'N 7° 09'E | |
Offisjele webside | ||
www.ediger-eller.de | ||
Kaart | ||
Oant 1969 wiene Ediger en Eller selsstannige gemeenten. Sûnt 7 juny 1969 foarmje de beide plakken de Ortsgemeinde Ediger-Eller. Ediger-Eller falt ûnder de ferbânsgemeente Cochem.
Geografy
bewurkje seksjeEdiger-Eller leit oan de Mûzel. It Ortsteil Eller leit oan de foet fan de Calmont, de steilste wyngerdberch fan Jeropa.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeNjonken in soad fakwurkhûzen binne u.o. it besjen wurdich:
Ediger
bewurkje seksje- De katolike parochytsjerke St. Martin. De let-goatyske tsjerke hat in romaansk doopfet en in barok alter.
- Dielen fan de âlde stedsfersterking.
- De Kreuzkapelle boppe op de wynberch mei in reliëf fan "Kristus yn de Wynpers" (twadde helte 16e iuw). Nei de kapel liedt in barokke krúswei.
- De Wohnturm Hofgut Lehmen fuort oan de Bundesstraße leit krekt bûten Ediger. It bouwurk is in romaanske wentoer, dy't foar it earst yn it jier 1245 neamd wurdt.
- De Meinradskapelle oan de Kapellenstraße/hoek Moselweinstraße is in beafeartskapel, dy't datearret út 1666/1667
- De eardere synagoge oan de Rathausstraße tusken de nûmers 3 en 5 is in ienfâldich bouwurk út de 19e iuw en is folsein restaurearre.
Eller
bewurkje seksje- De Sint-Hilarius oan de Bachstraße is in katolike tsjerke (likernôch 1500) mei in let-romaanske toer. It ynterieur is barok en neogoatysk. It Stumm-oargel stamt fan 1828.
- Yn de St.-Arnulfs-Kapelle of Rochuskapelle (ek fan 1500) is in fresko fan de bespotting fan Kristus te sjen.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Ediger, fakwurkhûs (1657) oan de Moselweinstraße
-
Ediger, Kreuzkapelle
-
Ediger, synagoge
-
Eller, de Hilariustsjerke
-
Ediger, romaanske wentoer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|