Ehrenburg (Brodenbach)

De Ehrenburg is in hichtekastiel yn it doarpsgebiet fan Brodenbach oan 'e Mûzel yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It kastiel stiet op in rots oan 'e Ehrbach, in sydrivierke fan 'e Mûzel, en hat in rike skiednis.

Ehrenburg
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Brodenbach
koördinaten 50° 12' N 7° 27' E
Skiednis
stiftingsjier as Stauferkastiel begjin 12e iuw
hjoeddeiske steat dielen bewarre bleaun
Oars
type hichtekastiel
hichte 230 m
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
www.ehrenburg.de
Kaart
Ehrenburg (Rynlân-Palts)
Ehrenburg

De Ehrenburg wie nei alle gedachten yn 'e iere midsiuwen it besit fan 'e Tsjerke fan Trier, dy't de lokaasje brûkte foar de ferdigening en beskerming fan 'e bewenners. De âldste noch bewarre dielen fan it hjoeddeiske kastiel binne te finen yn 'e Oberburg en wurde foarme troch de resten fan in fortifisearre hûs, in rjochthoekige wentoer. De earste helte fan 'e 12e iuw wurdt as it begjin fan 'e bou fan dat ynearsten noch lytse kastiel fan 'e Hohestaufen beskôge. Yn 1161 ferskynt it kastiel nammentlik as Castrum Eremberch yn in bemiddelingsoarkonde fan 'e Stauferkeizer Freark I, ek wol Barbarossa neamd. Yn dat dokumint wurdt fêstlein dat syn jonge healbroer, paltsgreve Koenraad fan Hohenstaufen, de rjochten oerdraacht oan twa tsjerken yn it aartsbisdom Trier en it dielnimmen oan it stedsbestjoer fan Trier. De tsjinpartij, de aartsbiskop fan Trier, droech de paltsgreve as kompinsaasje dêrfoar it kastiel, dat tige belangryk wie foar de beskerming fan 'e brêge tusken Brodenbach en Hatzenport en it omlizzende ryksbesit, as ûnderlien oer. Dy yngewikkelde konstruksje soe letter foar in soad striid soargje en bestie oant de ein fan 'e 18e iuw mei't der doe in ein oan Kar-Palts en Kar-Trier kaam. De bouwers fan it kastiel wiene de hearen fan Ehrenburg, fazallen fan de Keulske en Trierske Tsjerke en de Rynlânske paltsgreven. Yn 'e rin fan 'e tiid rekke it besit oer meardere generaasjes ferdield.

Yn 1331 sletten de ryksministeriale besitters fan Waldeck, Schöneck, Eltz en Ehrenburg in bûn. Yn 'e saneamde Eltzer Fete setten hja it yn 'e kant tsjin de territoriale polityk fan karfoarst Boudewyn fan Lúksemboarch, dy't yn it gebiet, dêr't de ridders harren net mear oan 'e wetten holden, frede en stabiliteit bringe woe. Fiif jier letter moasten hja it ferset yn 'e Eltzer Fersoening opjaan en wiene hja twongen om yn Kar-Trier harren meardere te erkennen.

 
De Eerenborgh yn 'e 16e iuw op in lânkaart, kopergravuere ± 1600

De lêste Ehrenberger, Werner fan Falkenstein, bûn yn 1397 op 'e nij de striid oan mei de karfoarsten fan Trier en hy ferneatige yn harren stêd Koblenz mear as 200 hûzen. As reaksje belegeren de ynwenners fan Koblenz it kastiel en dêrby setten hja in kanon yn, yn dy tiid noch in seldsum wapen. In jier letter waard Johan fan Schönberg mei it kastiel beliend, yn 1427 Kuno fan Pyrmont en fan Ehrenberg, yn 1526 Filip fan Eltz, yn 1561 de hearen Quadt fan Landskron en yn 1621 it Hûs fan Hoensbroeck. Yn it ramt fan 'e Tritichjierrige Kriich besetten Spaanske troepen fan 1640 oant 1651 it kastiel en yn 1668 kaam de Ehrenburg as lien yn hannen fan 'e frijhearen fan Clodt.

Yn 'e rin fan 'e Njoggenjierrige Kriich besetten Frânske troepen fan Loadewyk XIV op 1 novimber 1688 it kastiel. Hja blaasden in jier letter op 30 april 1689 dielen fan it kompleks op. De kapel waard lykwols sparre en pas in iuw letter opjûn. Sûnt it útstjerren fan 'e manlike line fan 'e Ehrenbergers tsjin it ein fan 'e 14e iuw waard it kastiel al net mear permanint bewenne troch de kastielhearen. Foar de opfolgjende kastielhearen wiene it kastiel en de dêrby hearrende macht allinne mar in diel fan harren lien en besit. De lêste ryksridderlike boarchhear, frijhear Benedikt fan Clodt, libbe oan 'e ein fan 'e 18e iuw as foarsitter fan it gerjocht foar it measte yn it Ehrenberger Hof yn Koblenz.

 
It kastiel op in ansichtkaart fan 1900.

It kastiel wiksele yn 1798, 1831 en 1924 wer fan besit. Sûnt 1991 is it kastiel yn partikuliere hannen. De Freundeskreis der Ehrenburg e.V. hat mei partikulier jild it kastiel sûnt 1993 restaurearre en foar in part wer opboud. Yn it kastiel wurde fan Peaske oant yn oktober in soad aktiviteiten en eveneminten organisearre. Dêrnjonken hat it kastiel ek in restaurant.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.