Eli Asser

Nederlânsk senarioskriuwer en lietsjeskriuwer

Elias (Eli) Asser (Amsterdam, 22 desimber 1922 - dêre, 25 jannewaris 2019) wie in Nederlânsk senarioskriuwer en lietsjeskriuwer fan joadsk komôf.

Eli Asser yn 1990

Asser wie de jongste soan fan Isaäc Asser (1883-1942), in merkkeapman dy't skearmeskes ferkocht en syn twadde frou Johanna van West (1892-1942). Heit Asser hie út syn earste houlik mei Esther Kreveld (1892-1943) al in soan. Nei Eli kaam der noch in dochter. Assers heit, syn mem, de earste frou fan syn heit en syn broer en suster kamen om yn de ferneatigingskampen.

Asser gie op foarspraak fan in ûnderwizer nei it Barlaeus Gymnasium, dêr't er yn 'e kunde kaam mei de lettere skriuwer Willem Frederik Hermans. Nei't er tn 1941 cum laude foar syn eineksamen slagge wie woe er rjochten studearje, mar om reden fan syn joadskwêzen waard him de tagong ta de universiteit ûntsein.
Yn de Twadde Wrâldkriich hie er earst in skoft in baantsje op de postkeamer fan de Joadske Ried. Letter wurke er as learling-ferpleger yn de Joadske psychiatryske ynrjochting Het Apeldoornsche Bosch. Op de jûn foar't alle pasjinten troch de besetter fuorthelle waarden, begjin 1943, dûkte Asser tegearre mei syn freondinne ûnder.[1] Letter soe er syn ûnderfinings ferwurkje yn it toanielstik Aan de vooravond. Asser siet dêrnei in skoft ûnderdûkt by in boer in Fryslân.

Asser waard nei de befrijïng sjoernalist. Hy wurke foar it Haagsch Dagblad en it wykblêd Vrij Nederland. Asser bruts troch as tekstskriuwer yn 1953 mei de koartswillige radiostrip Mimosa (letter Mimoza, MInisterie van MOeilijke ZAken) by de VARA. Dat programma, mei yn de haadrollen Ko van Dijk, Johan Kaart en Conny Stuart en de special effects lûdsman Jan Oradi, wie tige populêr.

Letter skreau Asser reklameteksten en makke er ûnder oaren komedys foar de KRO en de AVRO. Nasjonaal ferneamd waard er mei de komedysearjes dy't yn de jierren 1969-1972 troch de KRO útstjoerd waarden:

Hy skreau ek de lietteksten foar dy rigen, bygelyks Het zal je kind maar wezen, op muzyk set fan Harry Bannink en fertolke troch Adèle Bloemendaal. Mei dy lêste en mei Leen Jongewaard wurke er ek oan teätershows. Yn 1979 makke er in musical-ferzje fan it klassike toanielstik Potasch & Perlemoer.

De lietteksten fan Asser waarden bondele ûnder de titel: Het zal je kind maar wezen; verzamelde liedteksten. Hy publisearre 2004 it boek Alles is meegenomen, dat foar it grutstepart bestiet út brieven dy't hy en syn frou Eefje (Eva Croiset 1923-2002) elkoar skreaune yn harren ûnderdûktiid.

Asser wie yn 2008 te sjen yn in ôflevering fan de dramasearje Keyzer & De Boer Advocaten as de joadske hear Simon.[2]

Eli Asser is de heit fan trije bern, Joosje (1947), David (1961) en Hella Asser (de oarehelte fan kabaretier Freek de Jonge).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ze zouden een krankzinnigengesticht toch niet naar Polen verplaatsen? Oorlogsmonumenten.nl
  2. Oflevering 39 Klokkenluider, útstjoerd op 24 febrewaris 2008.