Erwin Olaf
Erwin Olaf, berne as Erwin Olaf Springveld (Hilfertsom, 2 july 1959 - Grins, 20 septimber 2023) wie in Nederlânsk fotograaf. It minsklik lichem stie sintraal yn syn wurk, fan seksualiteit oant fergonklikens. Olaf makke meardere kearen portretten fan de keninklike famylje.
Erwin Olaf | ||
keunstner | ||
Erwin Olaf (2012) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Erwin Olaf Springveld | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 july 1959 | |
berteplak | Hilfertsom | |
stoarn | 20 septimber 2023 | |
stjerplak | Grins | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Fotograaf | |
jierren aktyf | 1980-2023 |
Karriêre
bewurkje seksjeFotografy
bewurkje seksjeNei syn middelbere skoaltiid besleat Olaf nei de Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert te gean. Hjir keas er foar it fotografearjen. Hy rûn staazje by fotograaf André Ruigrok en begûn mei it meitsjen fan reportaazjefoto’s, ek yn it Amsterdamske útgeanslibben. Nei syn ôfstudearjen yn 1980 rjochte er him koart op dokumintêre fotografy. Yn 1983 ferkeas er de ensenearre fotografy. Yn dizze tiid makke er in soad foto's yn swart-wyt. Yn syn sênes mei geregeld neakene minsken, portrettearret er neist modellen en harsels ek âlderein, lytse minsken en stevige minsken geregeldwei mei in bdsm tema.
Yn 1985 ferskynde syn earste fotoboek, "Stadsgezichten van Erwin Olaf", en "Fragmenten uit: Het Amsterdamse dromenboek" van Guus Luijters. Yn it boek" Joy" út 1993 is in soad fan syn betide wurk opnommen. Foar de searje "Chessmen" út 1988 krige er de priis foar jonge Europeeske fotografen.
Njonken wurk foar grutte kommersjele opdrachtjouwers makke Olaf yn de jierren njoggentich in tal frije searjes, wêrûnder "Blacks" (1990), "Mind of their Own" en de "Patrick Bateman girls", in searje fan fiif foto's wêrby't Olaf foar it earst gebrûk makke fan kompjûtermanipulaasje, ynspirearre op Patrick Bateman, de haadpersoan út American Psycho (1995), "Mature" (1999), "Fason" 2000. Yn 2001/2002 folge de searje "Paradise the Club" en yn 2002/2003 de searje "Separation".
Nei de fotosearje "Separation" feroare de toan fan syn wurk. Tema's as kwetsberens en iensumens kamen sintraal te stean yn syn searjes "Rain" (2004), "Hope" (2005), "Grief" (2007), "Fall" (2008), "Dusk" (2009), "Dawn" (2010) en "Hotel" (2010). Ek ferskynden de fotoboeken "Rain" "(alternative titel: Hope)" en "Grief" yn respektivelik 2006 en 2007. De byhearrende tentoanstelling wie te sjen yn ûnder mear it Fotomuseum Den Haag (De Haach), it Secca (Noard-Karolina), Forma (Milaan), it Institut Néerlandais (Parys), it Langraag Museum (Praach) en de Manege (Moskou).
Olaf wurke as fotograaf yn opdracht oan reklame kampanjes fan multinationals lykas Heineken, Microsoft, Nokia, Lavazza, BMW en Diesel. Dochs is syn frije wurk ek kritysk oer grutte merken, lykas yn de searje "Fashion Victims" út 2000. Olaf fotografearre ek yn opdracht fan tydskriften, ûnder mear foar The New York Times, it Britske Sunday Times, de Frânske krante Libération it tydskrift Citizen K. en it moadetydskrift Elle.
Yn 2013 ûntwurp Olaf de nije euromunt mei de byldtenis fan kening Willem-Alexander. Yn 2018 makke Olaf de staasjeportretten fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima Zorreguieta.
Films en fideoklips
bewurkje seksjeYn 1991 ferskynde syn earste film, "Tadzio", dy't er tegearre mei de skilder F. Franciscus makke. De films binne somtiden ûnderdiel fan in fotosearje mar hy makke ek losse fideokeunstwurken. Boppedat makke hy in tal fideoklips foar ferskate artysten.
Priveelibben
bewurkje seksjeErwin Olaf waard yn Hilfertsom berne, as soan fan in fertsjintwurdiger yn kantoarartikelen. Yn 1996 krige Erwin Olaf de diagnoaze longemfyseem, in slopende sykte dêr 't er hieltyd mear de gefolgen fan ûnderfûn. Olaf wie in tal kear belútsen by in aksje foar homo-emansypaasje sa organisearre hy yn 2012 in wat hy neamde "Kiss-in", foar de doar fan in Amsterdamske snackbar, nei't er troch de snackbar eigner oansprútsen wie fanwegen in tút mei syn freon yn dy snackbar. Op syn sechstichste jierdei waard er riddere foar "syn foaroprinnende foto's en syn ynset foar de homo-emansypaasje".
Erwin ferstoar op 20 septimber 2023, yn 'e âldens fan 64 jier. In tal wiken nei't er fanwegen de longemfyseem yn it Universitêr Medysk Sintrum Grins in longtransplantaasje ûndergien hie.
Portretten makke troch Erwin Olaf
bewurkje seksje-
Máxima Zorreguieta (2011)
-
Berry visser (2017)
-
Jan des Bouvrie (2012)
Prizen
bewurkje seksje- 1988, Priis foar jonge fotografen
- 2008, Lucie Award (Feriene Steaten)
- 2011, Johannes Vermeerpriis
- 2011, Bob Angelo Penning
- 2023, Earemedalje foar Keunst en Wittenskip
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|