Evita Pozzi, skûlnamme fan Eva Maria Reali (Apûlje, 15 febrewaris 1984), is in rêstend Italjaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Apûlysk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.67 m lang, mei in gewicht fan 53 kg en kupmaat 36DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Evita Pozzi
persoan yn de seksyndustry
Evita Pozzi yn 2013.
Evita Pozzi yn 2013.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eva Maria Reali
nasjonaliteit Italjaansk
berne 15 febrewaris 1984
berteplak yn Apûlje (Itaalje)
etnisiteit Napolitaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20102014
offisjele webside
www.evitapozzi.com (deade link)

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Pozzi waard yn 1984 berne yn 'e Italjaanske regio Apûlje, de "hakke" fan 'e Lears fan Itaalje. Hja sette har karriêre útein as fotomodel, mar begûn al rillegau neaken te posearjen foar manljusblêden. Dêrta liet hja har boarsten fergrutsje fan in C-kup ta in dûbel-D-kup. Yn in fraachpetear fertelde se dat in freon fan harres har boarsten Flora en Albenga doopt hat, nei twa heuvels yn Toskane dy't ferneamd binne op har natoerskientme.

Yn 2010 makke se har debút yn in pornografyske film fan regisseur Silvio Bandinelli. Dêrby naam se de skûlnamme Evita Pozzi oan, gearstald út Evita, de ferlytsingsfoarm fan har eigen foarnamme Eva, en Pozzi, de efternamme fan 'e legindaryske Italjaanske pornostjer Moana Pozzi. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile hja neitiid yn 24 pornofilms, benammen fan Italjaanske labels, lykas de Mario Salieri Entertainment Group, PigItalia en Showtime. Yn 2012 stiek Pozzi lykwols de Atlantyske Oseaan oer, om troch te kringen yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dêrby wurke se û.m foar sokke foaroansteande studio's as Hustler Video en Pure Play Media, mar folle mear wie se yn 't spier foar Amerikaanske pornosites op it ynternet, wêrûnder Naughty America en Reality Kings.

Njonken har aktearkarriêre bleau Pozzi ek aktyf as neakenmodel, en fierders reizge se nei eigen sizzen as feature dancer by stripklubs yn "de hiele wrâld" lâns (wêrby't se opneamde: Los Angeles, Las Vegas, Miami, Hongarije, Spanje en Itaalje). Ek wurke se mei oan it Italjaanske tillefyzjeprogramma Diva Futura. Yn 2014 loek Pozzi har út 'e pornoyndustry werom, mei as bedoeling in mainstream-karriêre nei te stribjen. Har hobbys binne sport, muzyk en reizgjen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: