De fûgeltrek is de jierlikse seizoensbûne migraasje dy't in protte fûgelsoarten ûndernimme, by 't maityd fan har oerwinteringsgebieten yn it suden nei har (simmersk) briedgebiet yn it noarden en hjerstmis fan it briedgebiet wer werom nei de oerwinteringsgebieten. In protte fûgelsoarten lizze by har trek grutte ôfstannen ôf. De Noardske stirns (Sterna paradisaea) migrearret sels hielendal út it Arktysk Gebiet nei Antarktika en werom, en moat dêrfoar jiers twaris 17.000 km ôflizze. De fûgeltrek freget in hege priis oan trekfûgels op it mêd fan stjerte, troch útputting, mar fral troch predaasje. Net inkeld rôfdieren bejeie ûnderweis de fûgels, mar ek de minske docht dat.

De trek fan 'e paugoes (Branta leucopsis).

Fûgels dy't in fûgeltrek hawwe, wurde trekfûgels neamd; fûgels dy't gjin trek hawwe en dus it hiele jier troch yn itselde gebiet bliuwe, binne stânfûgels. De fûgeltrek fynt foar it meastepart op it noardlik healrûn plak, dêr't fûgels fia fêstleine rûtes reizgje om't se dêrta twongen wurde troch natuerlike barriêres, lykas de Karibyske See, de Middellânske See en de Himalaya. De reden foar de fûgeltrek is in wintersk brekme oan fretten yn it briedgebiet. It begjin fan 'e trek wurdt fierhinne bepaald troch it koarter of langer wurden fan 'e dagen. Foar navigaasje ûnderweis fertrouwe trekfûgels op 'e stân fan 'e sinne en de stjerren, it ierdmagnetysk fjild en wierskynlik ek op mentale lânkaarten.

Histoarysk waard de fûgeltrek hast 3.000 jier lyn foar it earst beskreaun troch Aldgrykske skriuwers as Homêros en Hesiodos, letter folge troch Aristoteles. Ek yn it bibelboek Job, dat fan healwei it earste milennium f.Kr. datearret, wurdt dit ferskynsel neamd. Dêrby gie it benammen oer soarten as de earrebarre (Ciconia ciconia), de toarteldo (Streptopelia turtur) en de boereswel (Hirundo rustica). Resinter begûn Johannes Leche yn 1749 de oankomstdata fan trekfûgels yn 'e maityd yn Finlân by te hâlden. Tsjintwurdich wurde trekfûgels troch ornitologen op har reis folge troch sokke techniken as it ringjen fan fûgels en it oanbinen fan satellytstjoerderkes. Trekfûgels hawwe oer it algemien mear mei bedriging yn har fuortbestean te krijen as de measte stânfûgels, om't foar harren net inkeld it briedgebiet beskerme wurde moat, mar ek de oerwinteringsgebieten en de plakken dêr't se ûnderweis útrêste en ite kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.