Hesiodos of Hesiodus (yn it Aldgryksk: Ἡσίοδος, Hēsiodos), ek wol Hesiodos fan Askra neamd, wie in skriuwer en dichter yn it âlde Grikelân, wêrfan't net bekend is wannear't er libbe. Saakkundigen binne lykwols yn 'e regel fan tinken dat er aktyf west hawwe moat tusken 750 en 650 f.Kr., wat him likernôch ta in tiidgenoat fan Homêros meitsje soe. Hesiodos wie de skriuwer fan 'e epyske gedichten Teogony en Wurken en Dagen. Sines wie de ierst oerlevere Jeropeeske poëzij wêryn't de dichter himsels ta ûnderwerp makket, as in yndividu dat in beskate rol te spyljen hat. Boarnen út 'e Aldheid woene hawwe dat Hesiodos tegearre mei Homêros de grûnslach lein hie foar Grykske (heidenske) religieuze tradysjes. Moderne wittenskippers beskôgje syn wurk as ien fan 'e wichtichste boarnen oangeande Grykske mytology, de buorkerij yn 'e Aldheid, iere ekonomyske teoryen (Hesiodos wurdt inkeld wolris de earste ekonoom neamd), argayske Grykske astronomy en tiidrekkening yn 'e iere Aldheid.

Hesiodos
skriuwer
In brûnzene búste út 'e Aldheid, de saneamde Pseudo-Seneka, dêr men no fan fermoedet dat it miskien in op fantasij berêstende foarstelling fan Hesiodos is.
In brûnzene búste út 'e Aldheid, de saneamde Pseudo-Seneka, dêr men no fan fermoedet dat it miskien in op fantasij berêstende foarstelling fan Hesiodos is.
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Hesiodos fan Askra
echte namme Hēsiodos (Ἡσίοδος)
nasjonaliteit Boeoatysk
berne ±750 f.Kr.
berteplak Askra (Boeoasje)
stoarn ±650 f.Kr.
stjerplak Lokry (Lokris) (?)
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk
sjenre poëzij
perioade Iere Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Theogonía
Erga kai Hēmerai
("Wurken en Dagen")
jierren aktyf ±750 – ±650 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.

De epyske ferhelstruktuer liet dichters fan wurken as Homêros sines gjin gelegenheid om wat oer harsels te fertellen, mar Hesiodos syn oerlevere wurken befetsje didaktyske gedichten, wêryn't er bekate persoanlike iepenbierings kwyt koe. Sterker noch, hy liket krekt muoite dien te hawwen om safolle mooglik details út syn eigen libben yn 'e dêrta gaadlike dichtregels gear te tropjen. Dêrûnder binne trije eksplisite referinsjes yn Wurken en Dagen en ûnderskate passaazjes yn 'e Teogony. Ofsjoen dêrfan binne de boarnen oer Hesiodos tige krap, sels suver net-besteand, dat wy witte net iens mei wissichheid wannear't de man libbe hat. Lettere boarnen binne notwaar ûnbetrouber, mar kinne ynteressant wêze om 'e legindefoarming om 'e persoan fan Hesiodos hinne te bestudearjen. Sokke boarnen binne bgl. syn libbensbeskriuwing fan 'e hân fan 'e Byzantynske grammatikus Jehannes Tzetzes; it artikel oer Hesiodos yn 'e Suda, in tsiende-iuwske Byzantynske ensyklopedy; twa passaazjes en guon fersille ferwizings yn it wurk fan 'e ierdrykskundige Pausanias (IX, 31:3-6 en 38:3-4) ; en in passaazje yn Plutarchus syn Moralia (162b).

 
Hesiodos en de Muze, in skilderij fan Gustave Moreau, út 1891.

Ut Hesiodos syn eigen wurk kin ôflaat wurde dat syn heit hikke en tein wie yn Kyme, yn Eoalis (oan 'e westkust fan Lyts-Aazje, justjes súdliker as it eilân Lesbos), en dat er as folwoeksene de Egeyske See oerstiek om him nei wenjen te setten yn it doarpke Askra, deunby Tespiai, yn 'e Grykske lânstreek Boeoasje, "in ferflokt plak, wreed by 't winter, dreech by 't simmer, nea noflik" (Wurken en Dagen I, 640). Dat wie wêr't Hesiodos opgroeide, en wêr't er nei syn heite dea sels in stik lân besiet oan 'e foet fan 'e berch de Helikon. Dat lân waard him trouwens bekreaud troch syn broer Perses, dy't him earst syn rjochtlike erfdiel ûntnadere liket te hawwen, en nei't er al syn besit der trochbrocht hie, op 'e sunige dichter parasitearre skynt te hawwen. Guon wittenskippers sjogge Hesiodos dizze Perses as in literêre skepping, in sûndebok dy't de dichter nedich wie foar syn moralisearjende passaazjes yn Wurken en Dagen. Yn dy optyk soe Perses dus nea echt bestien hawwe. Mei't it net mear nei te gean is, bliuwt soks lykwols inkeld in teory.

Nettsjinsteande Hesiodos syn jeremiëarjen oer earmoede kin it libben op syn heite pleats net al te swier west hawwe, mei't út syn beskriuwings dúdlik nei foarren komt dat syn famylje net gerniers of komelkers wiene, mar ta de lânaristokrasy hearde. De boer yn syn Wurken en Dagen hat feinten (II, 502, 573, 597, 608, 766), in ploeger (II, 469-471) en in húshâldster (ll. 405, 602) yn 'e tsjinst, en besit in jonge slaaf (ll. 441-446) en ferskate spannen oksen en mûldieren (ll. 405, 607 en folgjende).

Oars as syn heit wiene seereizen Hesiodos twer, mar hy hat alris de smelle seestrjitte tusken Boeoasje en it eilân Euboea oerstutsen om diel te nimmen oan 'e begraffenisfiering fan in Atamas fan Chalkis, wêrby't er in trijepoat wûn yn 'e sjongwedstryd. Hy beskriuwt ek hoe't er op 'e fangen fan 'e Helikon, dêr't er skiep oan it weidzjen wie, de muzen trof, dy't him in lauwerstêf oerlangen ta teken fan dichterlike autoriteit (Teogony II, 22-35). Hoewol't dit barren sûnder mis oan syn fantasij ûntspruten is, hawwe saakkundigen út 'e Aldheid en fan tsjintwurdich beide derút ôflaat dat er net op 'e liere spylje koe, oars soe him ynstee in liere oerlange wêze.

De famyljekonneksje mei Eoalis soe Hesiodos syn bekendheid mei easterske myten ferklearje kinne, al is it ek mooglik dat it Grykske kultuergebiet dêr yn syn tiid al eigen ferzjes fan ûntjûn hie. Hoewol't Hesiodos syn heit nei alle gedachten it Eoalyske dialekt fan it Aldgryksk spriek, skreau Hesiodos yn it Ioanysk, de literêre taal fan syn tiid. Yn syn wurk komt men fan en ta in eolisme tsjin, mar wurden fan Boeoatysk komôf siket men omdôch. It is wierskynlik dat Hesiodos syn gedichten sels opskreaun of opskriuwe litten hat; oars soe de neidruklike persoanlikheid dy't derút nei foarren komt troch de iuwen hinne sûnder mis ferwettere wêze troch mûnlinge oerlevering. Dy persoanlikheid is sunich op it mêd fan jild en rij as it om sprekwurden giet, en fierders tsierderich en erchtinkend, benammen dêr't it froulju oangiet. Hesiodos wie feitliks in frouljushater, al wie soks yn syn tiid yn syn kultuer net ûngewoan. Hy wie suver obsedearre troch de striid tusken goed en kwea en de fraach hoe't in rjochtfeardige en almachtige god tastean kin dat it de ûnrjochtfeardigen foar de wyn giet. Op it mêd fan 'e epyske literatuer wiisde er de ideälisearre held ôf yn it foardiel fan 'e ideälisearre boer; wat dat oangie hat er wol wat fan 'e lettere komeedzjeskriuwer Aristofanes. Mar it feit dat er in lofliet oer keningen skriuwe koe yn 'e Teogony, wylst er harren yn Wurken en Dagen ôfrinne liet as troch- en trochkorrupt, tsjut derop dat er him oan syn publyk oanpasse koe.

 
In beklimming fan 'e berch de Helikon, yn Boeoasje, oan 'e foet wêrfan't Hesiodos opgroeide.

Twa ûnderskate iere tradysjes ferhelje oer it grêf fan Hesiodos. De iene, oanhelle troch Plutarchus, de Suda en Jehannes Tzetzes, wol hawwe dat it Orakel fan Delfi Hesiodos warskôge dat er stjerre soe yn Nemeä. Dêrop flechte er nei Lokris ta, dêr't er omkaam yn 'e pleatslike timpel fan 'e Nemeyske Seus. (Dit is in iroanysk ferhaal fan in mannichfâld foarkommende foarm: it orakel dat de wierheid foarseit, mar ferkeard útlein wurdt sadat de aksjes dy't ûndernommen wurde om oan 'e foarsizzing te ûntkommen, krekt ta it útkommen derfan liede.) Neffens dizze leginde soe Hesiodos yn Lokris begroeven lizze. De oare tradysje, dy't basearre is op in epigram fan Chersias fan Orchomenus, wol hawwe dat de doarpelingen fan Askra yn 'e sânde iuw f.Kr. foar harren fijannen de wyk nimme moasten. Se bedarren yn 'e stêd Orchomenus, dêr't se, op advys fan in orakel, de jiske fan Hesiodos, doe ek hinne brochten.

De Teogony en Wurken en Dagen

bewurkje seksje

Fan alle wurken dy't oan Hesiodos taskreaun binne, wurde troch hjoeddeiske wittenskippers inkeld de Teogony en Wurken en Dagen akseptearre as fan syn hân. De Teogony wie nei alle gedachten syn ierste wurk, en behannelet de oarsprong fan 'e wrâld en de goaden, wêrby't de skriuwer yn it bysûnder omtinken jout oan 'e godlike sibbekunde. De myten dy't yn dit wurk fan gefolgen op 't aljemint komme, foarmje tegearre mei dy út Homêros syn Ilias en Odyssee de grûnslach fan 'e Grykske mytology. Wurken en Dagen hat in hiel oar ûnderwerp, te witten dat labeurjen it universele lot fan 'e minske is, mar teffens dat wa't ree is om iver te toanen en sunich te libjen yn 'e wrâld foarútbuorkje kin. Nettsjinsteande de útinoarrinnende ûnderwerpen hawwe dizze beide teksten in protte gemien, lykas skriuwstyl en taaleigen, mar ek de toansetting fan in "soere, konservative plattelanner, dy't oerhong ta prakkesaasjes, net fan froulju of it libben hold, en dy't de tsjintwurdichheid fan 'e goaden sterk om him hinne fielde."[1]

 
In omnibusedysje fan it wurk fan Hesiodus (Hesiodi Ascraei quaecumque exstant), út 1701.

Njonken de Teogony en Wurken en Dagen waarden yn 'e Aldheid noch ûnderskate oare dichtwurken oan Hesiodos taskreaun: dy wurde mei-inoar wol it "útwreide hesiodyske korpus" neamd. Dêrfan is mar ien tekst, it Skyld fan Hearakles, folslein oerlevere. Moderne saakkundigen binne it der lykwols oer iens dat it Skyld fan Hearakles net troch Hesiodos skreaun wêze kin. Sels yn 'e Aldheid waard de taskriuwing fan dat dichtwurk oan Hesiodos al troch ferskate skriuwers ôfwiisd. De rest fan 'e pseudo-hesiodyske geskriften is mar fragmintarysk of hielendal net oerlevere. Dêrby giet it om:

  • Astronomia
  • Brulloft fan Keyx
  • It Delgean fan Peritoes
  • Egimius
  • Foarskriften fan Chiron
  • Grutte Opsomming fan Froulju (of Megalai Ehoiai)
  • Grutte Wurken (of Megala Erga)
  • Ideyske Daktylen
  • Melampodia
  • Opsomming fan Froulju (of Ehoiai)
  • Ornithomantia
  • De Une

Ek neamt de Suda noch in fierders folslein ûnbekend wurk: de Lyksang foar Batrachus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. West, M.L., The Hesiodic Catalogue of Women: Its Nature, Structure, and Origins, Oxford, 1985 (Clarendon), ISBN 0 19 81 40 347.

Boarnen
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.