FEST (Belgrado)

FEST (Servysk: ФЕСТ) is in filmfestival dat alle jierren yn it earste fearnsjier holden wurdt yn 'e Servyske haadstêd Belgrado. It evenemint bestiet sûnt 1971. Foarôfgeande oan 'e fal fan it Izeren Gerdyn yn 1989 wie it it iennichste barren fan syn soarte yn in kommunistysk lân dêr't Hollywoodstjerren op ôf kamen, lykas Kirk Douglas, Peter Fonda, Dennis Hopper, Jack Nicholson en Robert De Niro, en ferneamde filmmakkers lykas Francis Ford Coppola, Miloš Forman, Sam Peckinpah en Roman Polanski.

FEST
plak en tiid
lân Flag of Serbia.svg Servje
distrikt Flag of Belgrade, Serbia.svg Belgrado
plak Flag of Belgrade, Serbia.svg Belgrado
tiid fan it jier tusken 1 jann. en 31 maart
bysûnderheden
soarte evenemint filmfestival
bestean 1971 – no
offisjele webside
www.fest.rs/

Sûnt it begjin fan 'e 1990-er jierren hat FEST oan wichtigens ynboete. Dat hie fral te krijen mei it ynternasjonaal embargo dat doe ynsteld waard tsjin 'e Federale Republyk Joegoslaavje (dêr't Belgrado doe haadstêd fan wie), fanwegen de belutsenens fan dat lân by de Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch en de Bosnyske Oarloch. Yn 1993 en 1994 gie it festival hielendal oer, en yn 1997 waad it ûnderbrutsen troch in demonstraasje tsjin plysjegeweld yn it ramt fan 'e doetiidske studinteprotesten.

Neitiid hat FEST syn eardere heechtijdagen nea mear belykje kind, mar dochs komme der noch in protte belangstellenden op ôf. Sa waarden yn 2007 yn it ramt fan it festival likernôch 80 films fertoand, wêrfoar't 98.191 kaartsjes ferkocht waarden. Datselde jiers wie de Frânske aktrise Catherine Deneuve earegaste fan FEST, en yn 2009 waard it festival iepene troch de Amerikaanske akteur Ralph Fiennes. Sûnt 2006 wurde yn it ramt fan FEST ek de saneamde 'B2B Yndustrygearkomsten fan Belgrado' holden, in platfoarm foar it lizzen fan konneksjes tusken lju út 'e filmyndustryen fan ûnderskate Eastjeropeeske, Transkaukazyske en Sintraalaziatyske lannen.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.