Fear (fûgel)

(Trochferwiisd fan Fearren (fûgels))

In fear (mt.: fearren) is in tsjûke en langwerpige struktuer fan keratine, dy't bestiet út in sydlings sterk fertakke skacht en dy't foarme wurdt yn 'e hûd fan fûgels. Ek de foarâlden fan 'e moderne fûgels, dy't ta de dinosauriërs hearden, hiene fearren. Dizze begroeiïng is ûntstien út wat oarspronklik lichemsbehierring wie, dy't ferlykber west hawwe moat mei de pels fan moderne sûchdieren. It gehiel fan alle fearren fan in fûgel wurdt it fearrekleed neamd. Fearren binne faak tige spesifyk foarme, en in protte fûgelsoarten kinne dan ek oan 'e hân fan 'e kleur en foarm fan har fearren identifisearre wurde.

Ferskillende soarten fearren.

Fearren jouwe troch har fertakke struktuer in folle bettere waarmte-isolaasje as de pels fan sûchdieren. Ornaris wurdt dêrom oannommen dat beskerming tsjin kjeld de haadfunksje wie by de evolúsje fan fearren. Like wichtich waard neitiid lykwols de funksje dy't fearren hawwe by it fljochfermogen fan fûgels. De grutte fljochfearren oan 'e wjukken fan fûgels, dy't slachpinnen neamd wurde, fergrutsje nammentlik it oerflak fan 'e wjukken en dêrmei it fermogen om te fleanen, krekt sa't swimfluezzen dat by fuorbeweging troch it wetter dogge. Dêrnjonken hawwe fearren in tal ûnderskate spesjalisearre foarmen dy't it fleanfermogen noch fierder ûnderstypje.

 
Fearren fan ferskillende fûgelsoarten: f.l.n.rj.: de grutte eksterspjocht, de griene spjocht, de sparwer en de wikel.

Soarten fearren

bewurkje seksje

Der besteane fjouwer ferskillende soarten fearren:
dûns, dat as funksje hat om te isolearjen en focht ôf te stjitten;
dekfearren, dy't de fûgel in streamline foarm jouwe en it ûnderlizzende dûns drûch hâlde;
slachpinnen, dy't de fûgel it fermogen jouwe om op te stiigjen fan 'e grûn en ienris yn 'e loft heger te klimmen, en boppedat troch oandriuwende krêft faasje mooglik meitsje;
sturtpinnen, dy't helpe by it opstiigjen en dy't stabiliteit jouwe, mar dy't de fûgel by it fleanen ek as in soarte fan roer brûkt, om syn flecht te stjoeren, en om ôf te remjen.

In fear bestiet út in holle skacht, dêr't oan wjerssiden de saneamde 'flaggen' op steane yn in hoeke fan ornaris 90° oant 45°. Dy flaggen binne opboud út 'burden' dy't njonkeninoar en tsjininoar oan lizze en út 'e skacht groeie. De burde hawwe minuskule wjerheakjes dy't yninoar heakje en dêrtroch in beskate stevichheid oan 'e fear jouwe. De útsûndering op dizze bou binne dûnsfearren, dy't gjin skacht hawwe en inkeld besteane út burden sûnder wjerheakjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.