Boere-arbeider

(Trochferwiisd fan Feint (arbeider))

In boere-arbeider (as boerefeint) wie ien dy't by in boer arbeide. Hy hie sels gjin grûn yn besit. Yn it ferline hiene hast alle boeren ien as mear feinten. Jonges, foaral fan de doarpen, út arbeidersfermiddens gongen nei de legere skoalle nei de boer.

Dútske boere-arbeider, 1955

It wurk fan de boerefeint

bewurkje seksje

Sy moasten melken leare. De kij waarden moarns en jûns mei de hân molken. Simmers molken se de kij yn 'e jister en winters op 'e stâl yn it bûthús.

Swier wurk wie it mjuksjen, de dong yn 'e kroade skeppe en op 'e rûchskerne bringe. De mjuksplanke wie winters wol ris wat glêd, dan wie it in hiele toer om it teplak te krijen.

Maitiids kaam it lânwurk. Noch wat letter waard it gers meand, want it moast hea wurde. De ûngetiid stie dan foar de doar. De einen waarden earst mei de seine foarmeand en it oare wie foar de meanmasine, lutsen troch in hynder. It gers moast yn 'e sinne drûgje, dan waard it hea en dat wie winterdei it fretten foar de kij.

Guon arbeiders ieten dan op 'e pleats, it wie sa drok en it naam tefolle tiid as se nei hûs moasten. De arbeiders makken dan lange dagen.
Wie it gers drûch dan waard it mei de masine keard en letter byinoar skood ta wurdzen. As it goed drûch wie, setten se it yn reakken, grutte opers, en koe it weidloegjen begjinne. It weidloegjen wie in krekt wurkje, it hea waard heech opsteapele, de kanten earst opsette, dan kaam de midden fansels. Mei in bynpeal setten se it fêst. Dan gong it op 'e skuorre ta en dêr kaam it yn 'e golle. It hea moast tige drûch wêze, want oars begûn it te broeien. De hearoeder kaam lâns om dat yn 'e gaten te hâlden.

Hjerstmis kaam it kâlde waar oan, de sleatten moasten heakkele wurde. Moarns moasten hja faak by 't tsjuster de kij ophelje en yn 'e jister bringe om se te melken.

It barde wol dat in arbeider 35 jier op 'e selde pleats wurke, earst by de âlde boer, letter by de soan. Faak hierde de boere-arbeider in hûs fan de boer. Dat gie faak yn op de Alde Maaie (12 maaie).

Nei de Twadde Wrâldoarloch ferdwûn it berop fan boere-arbeider stadichoan. Dat wie om reden fan it opgong meitsjen fan de lânboumeganisaasje en it tagelyk beskikber komen fan better betelle banen yn de yndustry. It wurk fan it hynder waard oernaam troch de trekker en dat fan de arbeiders troch it leanbedriuw.