Ferkrêfting

(Trochferwiisd fan Ferkrêftsjen)

In ferkrêfting is in foarm fan seksuële oantaasting dêr't seksuële mienskip yn besletten leit, en dy't in persoan tsjin har of syn wil oandien wurdt troch ien of mear oare persoanen. Sa'n died kin útfierd wurde troch it gebrûk fan lichaamlik geweld of in oare foarm fan twang, troch it misbrûk fan in gesachsposysje, of mei in persoan dy't net by steat is om jildige ynstimming te ferlienen, lykas immen dy't bewusteleas of op in oare manear warleas is, of immen dy't geastlik beheind of minderjierrich is. Hoewol't ferkrêfting frijwol oeral foar de wet as in misdriuw beskôge wurdt, ferskilt de wetlike omskriuwing en bestraffing per lân, krekt as hoe't der yn in maatskippij tsjinoan sjoen wurdt.

De ferkrêfting fan Lukretia, skildere fan Titiaan (1571).

Yn guon lannen komt ferkrêfting mear foar as yn oare. Dat is bgl. it gefal wat de Demokratyske Republyk Kongo, Súd-Afrika en Yndia oangiet. De reden dêrfoar is dat ferkrêfting yn sokke lannen mooglik makke of sels oanmoedige wurdt troch in gaoatyske oarlochssitewaasje sûnder ienich justysjeel tafersjoch (eastlik Kongo), of trochdat ferkrêfting ûnder alteast in diel fan 'e befolking sjoen wurdt as in akseptabel maatskiplik ferskynsel (Súd-Afrika, Yndia). Sa kaam yn 2010 út in troch de Súdafrikaanske oerheid bekoste stúdzje fan 'e Medical Research Foundation nei foarren, dat fan 'e ûnderfrege manlju út 'e provinsje Gauteng (de krite om de metropoal Jehannesburch hinne) 37% tajoech wolris in frou ferkrêfte te hawwen.

Ynternasjonaal sjoen rûn it tal oanjeften fan ferkrêfting by de plysje yn 2008 útinoar fan 0,1 per 100.000 minsken yn Egypte oant 91,6 per 100.000 yn Lesoto. Yn trochsneed wiene der 4,9 oanjeften per 100.000 minsken; Litouwen, bygelyks, siet persiis op dat gemiddelde. Dat wol sizze dat it wiere tal ferkrêftings dêr nei alle gedachten heger lei, want in ferskaat oan stúdzjes hat oantoand dat ferkrêfting it minst oanjûne fan alle geweldsmisdriuwen is. Sa die yn 2006 út in stúdzje fan it Nasjonaal Statistysk Ynstitút bliken dat yn Itaalje 91,6% fan 'e froulike ferkrêftingsslachtoffers nea oanjefte die.

En as der al oanjefte dien wurdt, en de dieder is bekend, dan moat it ek noch ta in feroardieling komme, wat gauris in brêge te fier blykt te wêzen. Yn it Feriene Keninkryk folge yn 2002 bgl. yn mar 5,6% fan alle gefallen fan oanjefte fan ferkrêfting ek in feroardieling fan 'e dieder. Yn 2003 die út in stúdzje fan it Rape Crisis Network Europe bliken dat fan 21 ûndersochte Jeropeeske lannen Ierlân mei 1% it leechste feroardielingspersintaazje nei in oanjefte fan ferkrêfting hie.

Hoewol't ferkrêfting ornaris mei froulike slachtoffers assosjearre wurdt, kinne manlju krektlyk ferkrêfte wurde, en net inkeld troch oare manlju, mar likegoed troch froulju. Yn 1999 rûsde it Amerikaanske Bureau of Justice Statistics dat 91% fan alle Amerikaanske ferkrêftingsslachtoffers froulju wiene, en 9% manlju, wylst se ynskatten dat 99% fan 'e dieders manlju wiene en 1% froulju. Ferkrêfting troch frjemden komt yn 'e regel minder faak foar as ferkrêfting troch kunde of famyljeleden.

Omstannichheden

bewurkje seksje

Beskate omstannichheden kinne de kâns op ferkrêfting grutter meitsje. In foarbyld dêrfan is finzenskip, wêrby't it slachtoffer net útnaaie kin en dêrnjonken ûnderwurpen is oan it gesach fan oare persoanen. Sawol by ûnrjochtmjittige foarmen fan finzenskip, as by in tichthûsstraf folgjend op in rjochtlik fûnis, mar wêrby't gjin ôfdwaand tafersjoch holden wurdt, kin soks liede ta seksueel misbrûk troch sipiers of oare finzenen. Ferskate stúdzjes hawwe sjen litten dat finzenisferkrêfting fan manlju troch manlju en fan froulju troch froulju yn guon lannen tige algemien is en nei alle gedachten fan alle foarmen fan ferkrêfting noch it minst oanjûn en bestraft wurde.

Ek as der oarloch is, groeit de kâns op ferkrêfting. As oarlochsferkrêfting en seksuële slavernij op grutte skaal of as systematyske praktyk plakfine, wurdt dat beskôge as in oarlochsmisdie en in misdie tsjin de minsklikheid. As soks dien wurdt mei it doel om in etnyske, rasiale, religieuze of nasjonale groep hielendal of foar in part te ferdylgjen, wurdt it ek erkend as in elemint fan 'e misdie genoside.

De gefolgen fan ferkrêfting ferskille per gefal. Guon lokkige yndividuën kinne de ûnderfining fan harren ôfskodzje en der nea wer lêst fan hawwe. Mar oer it algemien krije ferkrêftingsslachtoffers in flinke knoei mei en hawwe se in lange wei te gean om neitiid wer in normaal libben liede te kinnen. Hja kinne in psychysk trauma oprinne: dan fiele se harren dôf en op in distânsje ta de wrâld; kinne se de details fan 'e ferkrêfting net mear goed foar de geast krije of belibje se de ferkrêfting krekt allegeduerigen op 'e nij yn gedachten, oantinzen en nachtmerjes; geane se dingen, plakken, gedachten en/of gefoelens út 'e wei dy't harren de ferkrêfting of de dieder(s) wer tebinnenbringe; fertoane se eangstgefoelens of in oanboazjende opmerksumens, dy't in brekme oan sliep en konsintraasjefermogen fan gefolgen hat; of begjinne se it plak dêr't de ferkrêfting plakfûn hat of harren folsleine sosjale libben te mijen. Foar likernôch in trêdepart fan 'e slachtoffers hâlde dizze symptomen oan nei de earste pear moannen, en yn dy gefallen kin sadwaande sprutsen wurde fan in posttraumatysk stress-syndroom.

Fierders is it ek mooglik dat slachtoffers nea of pas nei lange tiid wer fan seks genietsje kinne. Boppedat binne der gauris lichaamlike gefolgen fan in ferkrêfting; sa hawwe slachtoffers faak ferwûnings oprûn, seksueel oerdraachbere sykten of ynfeksjes skipe (bgl. HIV), of binne se der swier fan rekke.

Njonken al dizze lichaamlike en mentale effekten hawwe ferkrêftings ek maatskiplike gefolgen foar it slachtoffer. Sa kin in slachtoffer mei geweld of bedrigings te meitsjen krije fan 'e kant fan 'e dieder(s) of dy syn/harren freonen en famylje. Ek kin it slachtoffer sels de skuld fan 'e ferkrêfting op 'e lea skood krije, bgl. om't hy/sy dronken of provosearjend klaaid wie; dit ferskynsel wurdt wol oantsjut mei de Ingelske termen victim blaming of blaming-the-victim. Yn guon kultueren, dêr't earwraak foarkomt, kin it slachtoffer boppedat fan eigen famylje geweld ferwachtsje of sels troch eigen famylje fermoarde wurde, sabeare om 'e "skande" dy't it slachoffer "oer de famylje brocht hat" "út te wiskjen". Yn in minder ekstreme (mar noch altyd trochferkearde) foarm fan dizze praktyk wurdt it slachtoffer ek wol twongen om mei de dieder te trouwen, "om har goenamme te rêden".

Underskate foarmen fan ferkrêfting

bewurkje seksje

Der binne in stikmannich ferskillende spesifike foarmen fan ferkrêfting te ûnderskieden:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.