Fermanje fan Boalsert
De Fermanje oan de Skilwyk yn Boalsert is de tsjerke fan de minnistegemeente Boalsert-Snits.
Fermanje | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Boalsert | |
adres | Skilwyk 29 | |
koördinaten | 53° 03' 46" N 5° 31' 11" E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | minnisten | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1809 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 9867 | |
Webside | ||
Mennistegemeente Boalsert-Snits | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeSûnt 1584 wie der sprake fan in minnistegemeente yn Boalsert. In iuw letter hie Boalsert fjouwer ferskillende gemeenten, dy't yn 1710 ta ien gemeente gearfoege waarden.
De hjoeddeiske tsjerke fan de minnisten datearret út 1809. Healwei de 19e iuw waard de tsjerke grutter makke. Yn de jierren 1990 folge in restauraasje fan de fermanje.[1]
Oargel
bewurkje seksjeNei de bou fan de tsjerke waard oan de Dútske oargelbouwer Heinrich Hermann Freytag opdracht jûn ta de bou fan in nij oargel. By de 19e-iuwske ferbou fan de tsjerke ferhûze Dirk Sjoerds Ypma it oargel fan de kreake nei it plak boppe de preekstoel. Van Dam brocht by in restauraasje feroarings oan yn it ynstrumint, dy't yn 1965 yn it ramt fan in restauraasje troch Bakker & Timmenga wer ûngedien makke waarden. It oargel waard mei in konsert fan Jan Jongepier op 4 septimber 1991 wer yn gebrûk nommen.
Trivia
bewurkje seksjeDe tsjerke stiet op de postsegel fan 65 sint fan de simmerpostsegelsútjefte fan it jier 1985.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fermanje fan Boalsert fan Wikimedia Commons. |