Filmfestival fan Traverse City
It Filmfestival fan Traverse City (Ingelsk: Traverse City Film Festival) is in filmfestival yn 'e Feriene Steaten dat elts jier oan 'e ein fan july holden wurdt yn 'e stêd Traverse City, oan 'e noardwestkust fan Neder-Michigan. It bestiet sûnt 2005 en waard mei-oprjochte troch de ferneamde dokumintêremakker Michael Moore.
Filmfestival fan Traverse City Traverse City Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Michigan | |
county | Grand Traverse County | |
plak | Traverse City | |
tiid fan it jier | ein july | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | TCFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 2005 – no | |
oprjochter | Michael Moore Doug Stanton John Robert Williams | |
offisjele webside | ||
www.traversecityfilmfest.org |
Neiere omskriuwing
bewurkje seksjeIt Filmfestival fan Traverse City is in non-profitorganisaasje, dy't finansjeel ûnderstipe wurdt troch bedriuwen en persoanen, en de rest fan syn budget hellet út 'e ferkeap fan kaartsjes foar filmfertoanings en oare eveneminten. Oan it haad fan 'e organisaasje stiet in bestjoer dêr't ferskate filmmakkers, auteurs en oaren mei in kreätyf berop diel fan útmeitsje.
Op it Filmfestival fan Traverse City wurde sawol lange as koarte films, sawol spylfilms as dokumintêres en sawol films fan grutte filmstudio's as ûnôfhinklike films fertoand. De films binne te sjen yn trije bioskopen yn Traverse City: it State Theatre, it Old Town Playhouse en it City Opera House. Dêrnjonken wurde der ek films fertoand yn 'e iepen loft, ornaris yn it Open Space Park, oan 'e igge fan 'e Grand Traversebaai (in diel fan 'e Michiganmar). Yn 'e bioskopen binne de nije films te sjen en wurdt yntree heft; de fertoanings yn 'e iepen loft binne fan filmklassikers, dy't fergees te sjen binne.
Fierders is op it festival ek muzyk te hearren, dy't fersoarge wurdt troch frijwilligers. Dêroan wurken yn 2016 mear as 60 regionale artysten mei.
Untstean
bewurkje seksjeIt Filmfestival fan Traverse City waard yn 2005 oprjochte mei as doel om te helpen by "it rêden fan ien fan 'e mar in pear lânseigen keunstfoarmen dy't de Feriene Steaten ryk binne: sinema." De oprjochters wiene skriuwer Doug Stanton, fotograaf John Robert Williams en Michael Moore, in dwerse dokumintêremakker dy't wrâldferneamd waard mei films as Bowling for Columbine, Fahrenheit 9/11 en Roger & Me.
Misje
bewurkje seksjeIt Filmfestival fan Traverse City sjocht it as syn misje om "gewoan geweldige films" te fertoanen, dy't de treflikens fan 'e filmyndustry sjen litte. Dêrby wurdt yn it bysûnder omtinken skonken oan ûnôfhinklike films en dokumintêres fan sawol bekende as nije filmmakkers, dy't gjin algemiene distribúsje krije.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|