Fjildparlemoerflinter

Fjildparlemoerflinter
Melitaea cinxia.png
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymphalidae)
soarte
Melitaea cinxia


De Fjildparlemoerflinter (Melitaea cinxia) is in flintersoarte yn it skaai fan de Melitaea .

FoarkommenBewurkje

De fjildparlemoerflinter is sûnt 1995 yn Nederlân ferdwûn as stânflinter. Dochs wurdt de flinter yn Limburch sa út en troch sjoen. De fjildparlemoerflinter hâldt fan krûdige, skrale greiden. It lân moat rommelich wêze.

Op de reade list stiet de flinter as slim bedrige.

FleantiidBewurkje

De flinter fljocht fan heal maaie oant heal juny. De flinters fleane allinnich as de sinne skynt. Se binne faak te sjen by plakken mei in soad nektar. Fljocht altyd yn 1 generaasje.

Flinter.Bewurkje

De wjuklingte is likernôch 16 oant 21 mm. De boppekant fan de wjukken is by de mantsjes oranje brún. It wyfke hat mear plakken op de wjukken. De ûnderkant fan de wjukken binne krêmkleurich mei oranje streken en swarte plakken.

RûpBewurkje

De aaikes wurde yn groepkes troch it wyfke ôfset. Sy docht dat op in lytse weardplant, lizzend ûnder in blêd. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. Se oerwinterje yn groepkes yn speazelnesten. It ferpopkjen fynt plak yn de dichte fegetaasje.

De rûp fret fan de smelle weegbree.

Sjoch ekBewurkje