Flagge fan De Trieme
De flagge fan De Trieme is de flagge fan it doarp De Trieme, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.
De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkart of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Banen blau-giel-grien; de boppeste twa kantielgewiis oan mekoar sluten.
De kleuren komme út it wapen fan De Trieme.
Symbolyk
bewurkje seksje- Blauwe baan: oernommen út it wapen fan de famylje Buma, dy't in state yn it doarp bewenne.
- Giele baan: stiet foar de sângrûn wêr't De Trieme op leit.
- Griene baan: ferwiist nei it griene ikebeam út it wapen fan De Trieme.
- Kantielen: ferwiist nei de state fan de famylje Buma.