Flagge fan Nijewier
De flagge fan Nijewier is de flagge fan it doarp Nijewier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Flechtskean ferdield fan giel en grien; yn it giel in read Jeruzalimkrús fan heale hichte.
De kleuren komme út it wapen fan Nijewier.
Symbolyk
bewurkje seksje- Griene fjild: ferwiist nei de terp wêr't it doarp op leit.
- Jeruzalimkrús: ferwiist nei it kleaster Sion, dy yn it doarp stien hat. De reade kleur is oernommen út de wapens fan it Prinsbisdom Utert en de streek Eastergoa.